thumb| thumb|Foarbyld fan in oploste Strands Strands, folút The New York Times Strands, is in online wurdsiker makke troch The New York Times.

It spultsje waard op 4 maart 2024 yn bêta útbrocht en makket diel út fan de New York Times Gamesbibleteek. Alle dagen ferskynt in nije puzel mei in tema. It oarspronklike konsept waard betocht troch Juliette Seive, wylst de deistige puzels redigearre wurde troch Tracy Bennett.

Gameplay Strands is in wurdsiker mei in diagram fan seis by acht letters. Yn tsjinstelling ta typyske wurdsikers kinne wurden yn Strands yn elke rjochting bûge. Alle dagen ferskynt in nije puzel mei in tema, wêrfan't spilers in koarte oanwizing krije. De te finen wurden besteane út minimaal fjouwer letters. As’t in spiler trije wurden fynt dy't net ta it tema hearre, kin in hint aktivearre wurde. Dizze markearret de letters fan in temawurd yn it raster. Elke puzel befettet dêrneist in saneamd ‘’spangram’’: in wurd of koarte sin dy't it tema beskriuwt en him útstekt tusken twa tsjinoerlizzende rânen fan it diagram. It spangram wurdt yn giel oanjûn sadree't it fûn is; temawurden wurde blau werjûn. Wurden oerlaapje net en elke letter wurdt hieltyd ien kear brûkt.

Untwikkeling Juliette Seive, ûndersyksdirekteur by New York Times Games, ûntwikkele it foarstel foar it spul by de jierlikse ynterne game jam fan The New York Times. It prototype waard in pear wiken letter goedkard. Yn desimber 2023 melde it tydskrift Vanity Fair dat de krante wurke oan in nije wurdsiker foar de online spulbibleteek. De puzzels wurde redigearre troch Tracy Bennett, dy't ek ferantwurdlik is foar Wordle. Strands waard op 4 maart 2024 yn bèta útbrocht en is spylber fia de webside fan New York Times Games. Untfangst

Ian Bogost skreau yn The Atlantic posityf oer Strands en priizge de wize wêrop't it spul in nije benadering jout oan in fertroud puzelformat. Neffens him fariearret Strands op werkenbere eleminten sûnder ôfhinklik te wêzen fan behearsking fan oare spullen. Hy murk ek op dat it spul 'de spiler him tûker fiele lit as er werklik is', wat er beskôge as in skaaimerk fan tradisjonele krantespullen. Eric Switzer fan The Gamer wie oer it algemien posityf, mar wiisde derop dat guon puzels gâns dreger binne as oare. Hy spruts de hope út dat takomstige puzels minder frustrearjend wêze soene.

Kategory:Kompjûterspultsje kategory:Yntroduksje út 2024 Kategory:Browserspul Kategory:Wurdspul