One Shot is in skrillerroman fan 'e hân fan 'e Ingelske skriuwer Lee Child. De titel betsjut: "Ien Skot" en ferwiist nei it sizzen by skerpskutters fan 'e Amerikaanske Striidkrêften "one shot, one kill" (frij fertaald: "ien skot, ien dea"). It boek is it njoggende diel út 'e Jack Reacher-romansearje. It ferhaal begjint mei in massamoard yn in net by namme neamde stêd yn 'e Feriene Steaten, útfierd troch in skerpskutter. Alle bewiismateriaal wiist nei in James Barr, in eardere skerpskutter út it Amerikaanske Leger, dat it liket in ienfâldich oploste saak. De omrinner Jack Reacher, in âld-majoar by de militêre plysje, wit dat Barr soks alris earder útheefd hat, mar dat gefal is yn 'e dôfpot stoppe. As er op 'e tillefyzje fan 'e nije sjitpartij heart, reizget er dêrhinne om him derfan te bewissigjen dat Barr net op 'e nij oan syn straf ûntkomme sil. Mar wannear't er him yn 'e saak ferdjippet, slane by him stadichoan de twifels ta. One Shot is skreaun yn it personeel perspektyf. It boek waard yn 2005 publisearre troch de útjouwerijen Bantam Books yn it Feriene Keninkryk en Delacorte Press yn 'e Feriene Steaten. One Shot groeide út ta in ûnbidige bestseller en waard yn 2021 ferfilme ûnder de titel Jack Reacher, mei akteur Tom Cruise yn 'e titelrol.

Ynhâld Yn in net by namme neamde stêd yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Indiana wurde op in freed, middeis om fiif oere hinne, as de minsken út har wurk komme, troch in slûpskutter út in oanbuorjende parkeargaraazje wei mei seis skotten fiif willekeurige minsken deasketten op in pleintsje tusken kantoargebouwen yn. De pleatslike plysje is rillegau op it plak delikt, mar tsjin dy tiid is de skutter al poater. Resjersjeur Emerson kriget de lieding oer it ûndersyk nei de massamoard. De dieder hat in protte bewiismateriaal efterlitten, fan spoaremateriaal fan syn broek en jas en bylden op 'e befeiligingskamera's fan syn bestelbuske oant de sechsde kûgel, dy't yn it wetter fan 'e langwerpige fiver fan in fontein bedarre is en dêrtroch perfekt preservearre is. Mar wat derfoar soarget dat de plysje dyselde deis noch syn identiteit efterhelje kin, is dat er syn fingerôfdrukken efterlitten hat op sawol in lege patroanhúl dy't him ûntkommen is, as op it kwartsje dat er yn 'e parkearmeter dien hat by syn parkearplak yn 'e parkeargaraazje.

It blykt te gean om James Barr, in eardere skerpskutter by de ynfantery fan it Amerikaanske Leger. De plysje docht in ynfal yn syn hûs en treft him op bêd oan, sliepend en net wekker te krijen om't er slieppillen ynnommen hat. Yn syn garaazje wurdt it bestelbuske oantroffen en op oare plakken yn it hûs fynt de plysje de klean dy't er oan hân hat en it gewear dat er brûkt hat, mei in tsienpatroans magazyn dêr't noch fjouwer kûgels yn sitte. Barr wurdt arrestearre en ôffierd nei it plysjeburo, wêrnei't mei in ferhear wachte wurde moat oant syn slieppillen útwurke binne. Yn 'e tuskentiid rûnet de technyske resjerzje it ûndersyk nei in protte aspekten fan it bewiismateriaal ôf, sadat der, tsjin 'e tiid dat de ûnderfreging fan 'e fertochte begjinne kin, in oerweldigjend bewiis is dat Barr de dieder is.

Rosemary Barr, de suster en it iennichste libbene famyljelid fan 'e fertochte, is sekretaresse by in abbekatekantoar. Sy freget har bazen om help, en ien fan harren dy't spesjalisearre is yn strafrjocht, David Chapman, nimt de ferdigening fan Barr op him. Dat docht er mei tsjinnichheid, om't er bang is foar de imagoskea dy't it abbekatekantoar troch dizze saak oprinne kin. Hy hat tagong ta it bewiismateriaal dat de plysje gearfandele hat en is derfan oertsjûge dat Barr de dieder is. Hy stiet der dêrom by syn kliïnt op oan om skuld te bekennen. Barr, dy't oant dan ta de kiezzen stevich opinoar holden hat, seit tsjin him: "Se hawwe de ferkearde," en "Helje Jack Reacher derby." Fierders wol er neat loslitte. Net ien dy't wit wa't Jack Reacher is, de plysje net, en Rosemary Barr ek net. Franklin, in âld-plysjeman dy't op freelance basis as ûndersiker wurket foar it abbekatekantoar fan Chapman, kin gjin spoar fan 'e man ûntdekke. Se jouwe de syktocht op.

Mar sûnder dat se it witte, is Jack Reacher al ûnderweis nei Indiana. Hy is in eardere majoar by it Militêr Plysjekorps fan it Amerikaanske Leger, dy't sûnt syn ôfswaaien út militêre tsjinst as omrinner in swalkjend bestean troch de legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten liedt. Op it stuit fan 'e massamoard yn Indiana befynt hy him 2.400 km dêrwei, yn Miami, dêr't er sinnebaait op it strân en omslacht mei in Noarske dûnseresse dy't op in cruiseskip wurket. Wannear't er yn har hotelkeamer op CNN in reportaazje sjocht fan 'e sjitpartij yn Indiana, fersoarge troch de pleatslike NBC-ferslachjouster Ann Yanni, fearret er op as er de namme fan James Barr heart. Sadree't er fêststeld hat dat it om deselde James Barr giet dy't hy ken, set er ôf út it hotel en stapt er op 'e bus yn 'e rjochting fan Indiana.

Barr wurdt ûnderwilens foar de snein oerbrocht nei it tichthûs, dêr't er ûnbedoeld wat docht dat troch in lid fan in Latino-binde as gebrek oan respekt opfetten wurdt. Letter wurdt er troch de leden fan dy binde opwachte en hielendal yninoar slein. Hy bedarret op 'e sletten ôfdieling fan it pleatslik sikehûs, dêr't er yn koma leit. It is ûndúdlik oft er ea noch wer wekker wurde sil. De dokters sizze dat dat likegoed moarn as nea barre kin. Rosemary Barr, dy't ûntefreden is oer de ynset fan Chapman, nimt in oare abbekaat yn 'e earm om har broer te fertsjintwurdigjen. It is de begjinnende abbekate Helen Rodin, de dochter fan 'e pleatslike ofsier fan justysje Alex Rodin.

Nei't er op moandei yn it plak fan 'e sjitpartij arrivearre is, set Reacher nei ofsier fan justysje Rodin ta om dyselde te befreegjen oer de wettertichtens fan it bewiismateriaal tsjin Barr. Want oars as dat de plysje en Rosemary Barr tinke, is it Reacher der net om te dwaan om Barr frij te krijen, mar om derfoar te soargjen dat er diskear syn rjochtlike straf net ûntrint. Dat fertelt Reacher lykwols net oan Rodin, dy't him trochwiist nei syn dochter Helen, as abbekate fan Barr. Sadwaande bedarret Reacher by Helen op har ienmanskantoarke. Wannear't sy him freget nei syn bannen mei Barr, fertelt er har en Rosemary Barr hoe't er James Barr ken.

Fjirtjin jier lyn, yn 1991, koart nei de ein fan 'e Earste Golfoarloch, in konflikt wêryn't de Feriene Steaten en in brede koälysje fan bûnsgenoaten Koeweit befrijden fan 'e besetting troch Irak, wie James Barr legere yn Koeweit-Stêd. Neffens Reacher binne der fjouwer soarten lju dy't frijwillich tsjinst nimme yn it leger: guon dogge it om't it in famyljetradysje is, guon dogge it út heitelânsleafde, guon sykje gewoan betelle wurk, en inkelen sykje in legale manear om oare minsken te fermoardzjen. Ta dy lêste kategory hearde Barr. Mar ta syn frustraasje waard er yn 'e Golfoarloch inkeld ynset foar de befeiliging fan Amerikaanske legerbases yn Saûdy-Araabje, en seach er nea in fijân dêr't er yn earnst op sjitte koe. Pas nei't de oarloch foarby wie, waard er oerpleatst nei Koeweit, mar dêr wie doe ek neat mear te dwaan. Uteinlik draaide er troch en teach er derop út om op eigen manneboet willekeurige lju dea te sjitten. Dat died er midden op 'e dei, doe't der frijwol net ien op 'e strjitte wie. De fjouwer mannen dy't er ombrocht, wiene Amerikaanske ûnderofsieren mei wykeinferlof, dy't omrûnen yn boargerklean.

Reacher wie doedestiden ek yn Koeweit-Stêd legere. As kaptein by de Militêre Plysje mei in protte ûnderfining krige hy de lieding oer it ûndersyk nei de moarden. Barr hie goed besocht syn spoaren út te wiskjen, dat Reacher hie der klauwen oan om 'e dieder te efterheljen, mar úteinlik krige er Barr te pakken. It probleem wie: de fjouwer ûnderofsieren brûkten har wykein om partikuliere wenten binnen te kringen, dêr't se goud en sieraden stielen en Koeweitske froulju ferkrêften. Dat makke dat de saak in politike lading krige. As it bekend waard wat it kwartet smjunten útheefd hie, soe dat de reputaasje fan it Amerikaanske befrijingsleger besmodzge hawwe. Fan hegerhân waard dêrom besletten en stopje de saak yn 'e dôfpot. De fjouwer ûnderofsieren waard fan sein dat se omkommen wiene by in oanslach troch Palestynske ekstremisten, wat tige ûnwierskynlik mar net folslein ûnmooglik wie. En James Barr waard frijlitten en kaam dermei fuort. Mar net foar't Reacher him plechtich ûnthjitten hie dat er him eigenhandich ôfmeitsje soe as er soks ea wer die. Dat is de reden dat Reacher nei Indiana kommen is.

Rosemary hat grutte muoite om te leauwen dat har broer ta soks yn steat wêze soe. Helen Rodin sjocht mear nei de juridyske kant en is bang foar komplikaasjes by de rjochtsaak as Reacher har heit itselde ferhaal docht. Wat dat oangiet, kin Reacher har gerêststelle: alles wat hy har ferteld hat is steatsgeheim en kin net werhelle wurde. Helen sels kin der ek net oer prate om't foar har it beropsgeheim jildt, en Rosemary hat as suster fan Barr alle reden om it stil te hâlden. Mar op basis fan syn ûnderfinings mei Barr út it ferline is Reacher derfan oertsjûge dat Barr skuldich is, ek al hat er sels it bewiismateriaal yn 'e nije saak noch net beoardielje kinnen. Helen leaut likemin yn 'e ûnskuld fan har kliïnt. Sy set dan ek net yn op frijspraak, mar om derfoar te soargjen dat Barr de deastraf net kriget. Om't Franklin as ûndersiker te djoer foar har is, biedt se Reacher oan om him as ûndersiker yn 'e tsjinst te nimmen. Dan soe hy sels it bewiismateriaal neirinne kinne.

Reacher hapt ta. Hy giet nei it plysjeburo, dêr't resjersjeur Emerson en Bellantionio fan 'e technyske resjerzje him harren bewiismateriaal sjen litte. Reacher is derfan ûnder de yndruk. Hy sjocht net yn hoe't Barr diskear oan syn straf ûntkomme kin. Dy jûns wurdt Reacher yn in bar oansprutsen troch in tsjeppe, readhierrige jonge frou dy't har foarstelt as Sandy. Reacher rûkt ûnrie en makket dúdlik dat er gjin belangstelling hat wat se ek mar fan him wol. Sandy wol him net gewurde litte, oant Reacher har úteinlik freget oft se soms in hoer is. Har earste reäksje is om te fertellen dat se yn in winkel wurket dêr't auto-ûnderdielen ferkocht wurde. Pas yn twadde ynstânsje beslút se om misledige te wêzen en Reacher in klap yn it gesicht te jaan. Op dat stuit ferskine der ynienen fiif keardels dy't úthâlde de bruorren fan Sandy te wêzen. Reacher wurdt fersocht mei harren nei bûten te gean sadat se him geweken nimme kinne. Bûtendoar skeakelet Reacher trije fan 'e fiif sûnder swierrichheden út, wêrnei't Sandy en har oare beide "bruorren" fan ruten spylje. Reacher hat fuortendaliks foar it ferstân dat de hiele boel ôfsprutsen wurk wie. Immen hat blykber foar it ferstân dat hy him mei de saak-Barr bemuoit en dyjinge is dêr senuweftich fan wurden en besiket him fuort te jeien. It effekt is krekt tsjinsteld: Reacher kriget mear belangstelling foar de saak.

De oare deis rint Reacher nei de grutste pleatslike winkel dêr't auto-ûnderdielen ferkocht wurde en freget nei Sandy. Hja blykt dêr yndie te wurkjen. As Reacher har ûnderfreget, jout se ta dat de konfrontaasje yn 'e bar ôfsprutsen wurk wie dêr't se $100 foar betelle krigen hat. It jild kaam fan 'e lieder fan har fiif "bruorren", in jongeman dy't Jeb Oliver hjit en dy't in kollega fan Sandy is. Reacher set Sandy ûnder druk om him har auto te lienen, wêrmei't er nei it adres fan Jeb Oliver riidt. Jeb is lykwols dy moarns ôfset en net wer sjoen. (Hy sil ek nea wer sjoen wurde, want Jeb is út 'e wei romme om derfoar te soargjen dat Reacher net fia him syn opdrachtjouwers op it spoar komme kin.)