My Darling Clementine is in Amerikaanske swart-wytfilm en western út 1946 ûnder rezjy fan John Ford, mei yn 'e haadrollen Henry Fonda en Victor Mature. De titel betsjut "Myn Leafste Clementine", en is ôflaat fan it bekende Amerikaanske folksferske Oh My Darling, Clementine. Dat wurdt oer de begjintitels en de ôftiteling hinne songen, mar hat fierder lykwols neat út te stean mei de plot fan 'e film. It ferhaal folget de let-njoggentjinde-iuwske marshal Wyatt Earp, syn bruorren Virgil en Morgan en de gokker Doc Holliday fan 'e oankomst fan 'e bruorren Earp yn Tombstone (Arizona) oant de legindaryske Sjitpartij by de O.K.-kraal. De film is basearre op 'e biografy Wyatt Earp: Frontier Marshal fan Stuart N. Lake en spilet yn 1882, mar wykt sterk ôf fan wat der (eins yn 1879–1881) yn Tombsone wier barde. Troch in protte filmkritisy wurdt My Darling Clementine beskôge as ien fan 'e bêste westerns dy't ea makke is. De film is dêrom opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.
Plot Yn 1882 driuwe Wyatt Earp en syn bruorren Virgil, Morgan en James in grutte keppel kij fan Teksas nei Kalifornje, wannear't se yn it Territoarium Arizona de rancher Clanton en syn soannen tsjinkomme. Clanton biedt oan om 'e keppel fan 'e Earps oer te keapjen en harren sa de rest fan 'e reis te besparjen. Mar Wyatt Earp wol dêr neat fan witte, mei't de kij op harren bestimming folle mear opbringe sille. Clanton fertelt harren dat se har yn 'e neite fan Tombstone (Arizona) befine. It liket de bruorren skoan ta om ris eefkes lins te nimmen, dat se driuwe har keppel nei de râne fan it stedsje ta, dêr't de trije âldere bruorren de kij efterlitte op 'e noed fan 'e jonge James.
Tombstone blykt in wetteleas plak te wêzen, dêr't de pleatslike marshal leaver ûntslach nimt as dat er de yn it wylde wei om him hinne sjittende dronkeman Indian Charlie ûntwapenet en opslút. Earp, dy't earder regaad makke hat yn it al like wetteleaze Dodge City yn Kansas, wit Indian Charlie sûnder folle swierrichheden te oermasterjen, te ûntwapenjen en de stêd út te bonsjoeren. De boargemaster biedt him dêrop it marshalsamt oan, mar dat slacht Earp ôf, mei't er oare ferplichtings hat. As hy en syn bruorren neitiid weromkeare yn harren kamp, blykt harren hiele keppel kij stellen te wêzen, wylst se de jonge James deasketten oantreffe. Earp giet sadwaande wer de stêd yn, dêr't er de boargemaster fertelt dat er fan gedachten feroare is en dat er dochs graach marshal wurde wol. Hy beneamt syn bruorren Virgil en Morgan ta syn assistinten mei de dúdlike bedoeling om út te sykjen wa't James fermoarde hat en wraak te nimmen op 'e ferantwurdliken.
Yn syn nije funksje komt Earp yn 'e kunde mei de opljeppende gokker Doc Holliday, dy't de ûnderwrâld fan Tombstone behearsket, en syn Latino-minneresse, de tsjeppe Chihuahua, dy't harsels ûnderhâldt as sjongster yn ien fan 'e pleatslike saloons. Ek hat er ferskate kearen gedoente mei Clanton en syn soannen, dy't njonken har feehâlderij ek belutsen binne by saken dy't it deiljocht net ferdrage kinne. Op basis fan har earste moeting fermoedet Earp dat Clanton-en-dy ferantwurdlik binne foar de tsjeafte fan syn keppel kij en foar de moard op syn broer, mar hy kin it net bewize. Om dyselde tiid hinne arrivearret yn Tombstone mei de postkoets út it Easten in tsjeppe jongedame fan begoedige komôf, Clementine Carter, mei wa't Doc Holliday earder ferkearing hie doe't er noch yn Boston wenne en dokter wie. Hja nimt in keamer yn itselde hotel dêr't ek Earp en Holliday ferbliuwe.
Holliday, dy't oan in fiergeand stadium fan tuberkuloaze lijt en nei it Westen kommen wie om Clementine te ûntrinnen, is alhiel net bliid mei har komst. Hy hjit har yn net mis te fersteane bewurdings om werom te gean nei Boston. Clementine wegeret en wurdt yn beskerming nommen troch Earp, dy't fuortendaliks al in eachje op har hat. In lulke Holliday jout himsels ôf nei Tucson, sadat Earp de romte kriget om op knoffelige wize útein te setten en meitsje Clementine it hof. Underwilens is Chihuahua ûngelokkich mei de ûntstiene sitewaasje. Holliday hat har allinnich efterlitten en dêr jout se Clementine de skuld fan. Wannear't de beide froulju heechoprinnend spul krije en Earp harren útinoar helje moat, sjocht er dat Chihuahua de krusifiks draacht dy't fan syn broer James wie en dy't de nachts fan syn moard stellen is. Earp ûnderstiet har dêroer en sy hâldt út dat se it ding fan Holliday krigen hat.
Hoewol't Earp twifelet oan 'e wurden fan Chihuahua spoart er Holliday op, dy't net yn 'e stimming is om troch de marshal befrege te wurden. De konfrontaasje rint út op in duël, wêrby't Earp Holliday syn revolver út 'e hân sjit. De beide mannen keare tegearre werom nei Tombstone, dêr't Earp foar Chihuahua oer oankundiget dat er fan doel is en arrestearje op basis fan har tsjûgenis Doc Holliday foar de moard op syn broer James. Dat wie Chihuahua har bedoeling net, en as de beide mannen tegearre op har ynprate, komt it hege wurd derút: op 'e jûn doe't Holliday har mei syn dronken kop oan 'e kant reage, hat se omgong hân mei Billy Clanton, de jongste fan 'e Clanton-telgen, en fan him hat se de krusifiks krigen.
Fuort nei har bekentenis wurdt Chihuahua troch Billy Clanton delsketten út in mûklaach wei. Hy naait út op syn hynder, en Earp stjoert syn broer Virgil efter him oan. Nei in lange efterfolging, wêrby't de beide mannen geregeldwei skotten wikselje, wurdt Billy op it hiem fan syn heite ranch deadlik rekke troch in kûgel fan Virgil Earp. Wannear't dyselde dêr fuort letter arrivearret, wurdt him it stoflik omskot fan Billy toand. Hy beskôget de kwestje as ôfdien en sil wer fuort, mar wurdt dan troch Billy syn heit koelbloedich fermoarde troch him yn 'e rêch te sjitten. Underwilens wurdt yn Tombstone in tsjinnige Holliday oerhelle om Chihuahua oan har skotwûne te operearjen. Troch gebrek oan middels bart dat sûnder ferdôving. Nei oeren fan pine en fergees krewearjen komt hja dochs noch te ferstjerren, ta machteleaze razernij fan Doc Holliday.
Clanton arrivearret mei syn trije oare soannen yn Tombstone, dêr't se it lyk fan Virgil Earp op 'e strjitte smite en oankundigje dat se de komst fan 'e marshal by de O.K.-kraal ôfwachtsje sille. Wyatt en syn broer Morgan bewapenje har foar in konfrontaasje mei de Clantons, en Doc Holliday jout him by harren. By moarnsdage komme de trije mannen yn 'e sjitpartij by de O.K.-kraal Clanton en syn trije soannen oer it mad, dy't se allegearre deasjitte. Ek Holliday komt om yn it gefjocht. Earp en syn broer Morgan tsjinje neitiid harren ûntslach yn as marshal en helpmarshal. Mei in hynder-en-wein sille se harren broer Virgil nei hûs bringe. Clementine Carter is ûnderwilens troch de boargemaster oansteld as de nije skoaljuffer yn Tombstone. Earp ûnthjit har dat er nei de begraffenis weromkomme sil.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Wyatt Earp Henry Fonda Doc Holliday Victor Mature
byrollen personaazje akteur/aktrise Chihuahua Linda Darnell Clementine Carter Cathy Downs Newman Haynes Clanton Walter Brennan Virgil Earp Tim Holt Morgan Earp Ward Bond James Earp Don Garner Ike Clanton Grant Withers Billy Clanton John Ireland Granville Thorndyke Alan Mowbray boargemaster fan Tombstone Roy Roberts Kate Nelson Jane Darwell Mac de barkeeper J. Farrell MacDonald John Simpson Russell Simpson Indian Charlie Charles Stevens âld-soldaat Francis Ford
Produksje en distribúsje Produksje My Darling Clementine waard regissearre troch John Ford nei in senario fan Samuel G. Engel en Winston Miller op basis fan 'e biografy Wyatt Earp: Frontier Marshal, dy't yn 1931 ferskynde fan 'e hân fan Stuart N. Lake. De film stipe fierders frijwat op twa eardere ferfilmings fan deselde biografy, Frontier Marshal út 1934 en Frontier Marshal út 1939. My Darling Clementine kin dêrom ek as in remake fan dy films beskôge wurde.
Lake brocht yn 1946 in werfertelling fan Wyatt Earp: Frontier Marshal út, mei as titel My Darling Clementine. Dy publikaasje, dy't persiis itselde ferhaal befette as de eardere útjefte, wie it boek dêr't John Ford de filmrjochten op oankocht. En sa kaam de film My Darling Clementine oan syn namme. Beide boeken fan Lake blieken letter trouwens fierhinne út fiksje ynstee fan skiednis te bestean, wat ek it ûnhistoaryske karakter fan 'e film ferklearret (sjoch: § Historisiteit). Dat wie net sasear oan Lake te witen, as wol oan Josephine Earp, de frou fan Wyatt, dy't o sa bodde om it libben fan har man op te himmeljen en har eigen eftergrûn yn 'e prostitúsje en as mêtresse fan teminsten ien oare man te ferbergjen. Ek har echte namme wist se út 'e biografyen te hâlden.
Ford woe eins My Darling Clementine hielendal net meitsje, mar hy moast neffens syn kontrakt mei de filmstudio 20th Century Fox noch ien film ôfleverje. As produsint wie Samuel G. Engel by it projekt belutsen. Foar de film wie in budget beskikber fan $2 miljoen, wat gâns in bedrach wie foar 1946. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Joseph MacDonald, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Cyril J. Mockridge. Dy lêste krige foar syn wurk lykwols gjin fermelding yn 'e begjintitels (in ôftiteling sa't films dy hjoed de dei hawwe, bestie doe noch net).
Opnamen De opnamen foar My Darling Clementine fûnen foar in grut part plak yn 'e skildereftige omkriten fan Monument Valley op 'e grins fan Arizona en Utah, dêr't Ford in protte fan syn westerns opnaam. Dy kontrei leit lykwols op in ôfstân fan 800 km fan 'e eigentlike lokaasje fan Tombstone. Nei't Ford My Darling Clementine ôflevere hie, besleat Darryl F. Zanuck, de studiobaas by 20th Century Fox, dat de film te lang wie. Hy liet troch Lloyd Bacon 30 minuten oan byldmateriaal fuortsnije, en teffens liet er him ferskate nije shots filmje om swakke plakken yn Ford syn ferzje te ferhelpen.
Ford syn oarspronklike ferzje fan My Darling Clementine is ferlern gien, mar yn it filmargyf fan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA) waard yn 1995 wol in oare "pre-releaseferzje" fan My Darling Clementine weromfûn, mei in beheinde mjitte oan byldmateriaal dat de úteinlike ferzje net helle hat en teffens in oare montaazje en soundtrack. Ien fan 'e grutste ferskillen is de einsêne: yn 'e úteinlike film tutet Earp Clementine ta farwol, mar yn 'e UCLA-ferzje (en dus nei alle gedachten ek yn Ford syn oarspronklike ferzje) fûstket er inkeld mei har.
Distribúsje De distribúsje fan My Darling Clementine waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 3 desimber 1946 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Historisiteit De plot fan My Darling Clementine liket inkeld yn hiele grutte halen op 'e wiere foarfallen dêr't de film op basearre is. Om te begjinnen hiene dy foarfallen net plak yn 1882, sa't de film úthâldt, mar yn desimber 1879 (oankomst fan 'e bruorren Earp yn Tombstone) en de hjerst fan 1881 (de Sjitpartij by de O.K.-kraal). Boppedat hie Wyatt Earp (1848–1929) by syn libben fan alles by de ein – hy wie marshal, sheriff, revolverman, fuorman, jager op bizons, útsmiter, eigner fan ferskate saloons, gokker, bordeelhâlder, goudsiker en skiedsrjochter by bokswedstriden – mar feehâlder of cowboy wied er nea, dat it plotpunt dat er mei syn bruorren yn Tombstone arrivearret wylst er in keppel kij nei Kalifornje driuwt, is folslein út 'e tomme sûgd.