De lytse gielkopgier (Cathartes burrovianus) is in fûgel út it skaai kalkoengieren (Cathartes) yn 'e famylje gierfûgels fan de Nije Wrâld (Cathartidae).

Foarkommen thumb|left|Lytse gielkopgier. De lytse gielkopgier is in grutte fûgel mei in wjukspanne fan 150 oant 165 sintimeter. De fearren op it lichem binne brúnswart, mar de slachpinnen fan 'e wjukken binne ûnder sulvergriis oant bleekwyt. De kop hat gjin fearren en is bleek-oranje mei reade en blauwe dielen. Oars as by in soad oare gieren begjint de befearring al heech op 'e krún. De fûgel hat gjin syrinx en de iennichste lûden dy't er meitsje kin binne wat brommen en sêft systerjen.

Fersprieding en systematyk De lytse gielkopgier wurdt oantroffen yn Meksiko, Midden-Amearika en Súd-Amearika, op leechlizzende gersflakten dy't periodyk wiet wurde of oerstreame, yn sompen en yn ûntboske gebieten. De soarte wurdt opdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

C. b. burrovianus: komt foar fan it suden fan Meksiko oant it sintrale part fan Kolombia en it noardwesten fan Fenezuëla. C. b. urubutinga: komt foar yn Súd-Amearika eastlik fan 'e Andes, sa fier súdlik as Argentynje en Brazylje.

De soarte waard earder beskôge as in ûndersoarte fan grutte gielkopgier, mar wurdt sûnt 1964 as in aparte soarte behannele.

Libbenswize De lytse gielkopgier yt ies en fynt de karkassen mei help fan it sicht en it rookfermogen, in fermogen dat ûngewoan is by fûgels. Hy is ôfhinklik fan gruttere iesiters, lykas de keningsgier, om gatten yn 'e hûd fan it karkas te meitsjen, om't syn eigen snaffel net sterk genôch is om dat te dwaan. Lykas oare gieren brûkt de lytse gielkopgier de termyk om op te stigen en mei minimale ynspanning yn 'e loft te bliuwen. De soarte leit de aaien op in flakke boaiem, lykas grotflierren, of holtes yn beamstobben.

Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Der wurdt net fan útgien dat der grutte bedrigings binne. Dêrom kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar Behâld fan 'e Natoer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern).

Kategory:Kalkoengier Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla