West-Pommeren (Poalsk: Województwo zachodniopomorskie) is in woiwodskip yn it noardwesten fan Poalen. It waard op 1 jannewaris 1999 stifte en grinzget yn it westen oan Dútslân en yn it noarden oan 'e Eastsee. De haadstêd is Szczecin.

It gebiet is ferneamd om syn kust mei brede sânstrannen, it grutte tal marren (lykas de Miedwie-mar) en de grutte bosken. Ekonomysk sjoen binne de maritime sektor, de lânbou en it toerisme oan 'e kust fan grut belang foar de regio.

Skiednis Oant 1945 wie it hiele gebiet fan it hjoeddeiske woiwodskip ûnderdiel fan it Dútske Ryk. Nei de nederlaach fan Dútslân yn 'e Twadde Wrâldkriich waard by de Konferinsje fan Potsdam besletten dat de grins tusken Dútslân en Poalen op 'e Oder-Neisse-line kaam te lizzen.

De Dútske befolking waard nei 1945 ferdreaun, in proses dat faak mei geweld gie en dêr't in soad slachtoffers by foelen. Yn harren plak kamen Poalske kolonisten. In grut part fan dy nije ynwenners wie sels ferdreaun út de eastlike gebieten fan Poalen (it hjoeddeiske Oekraïne, Wyt-Ruslân en Litouwen).

Stêden lykas Szczecin, dy't yn de kriich swier skansearre wiene, waarden yn 'e desennia dêrnei wer opboud mei in Poalsker karakter, al binne de Prusyske ynfloeden yn 'e stedsplanning noch altiten goed te sjen.

Nei it ein fan 'e Folksrepublyk Poalen yn 1989 en de folsleine erkenning fan 'e grins troch it werienige Dútslân yn 1990, binne de relaasjes tusken de beide lannen stadichoan ferbettere. Hjoed-de-dei wurket it woiwodskip nau gear mei de Dútske dielsteaten Mecklenburch-Foarpommeren en Brandenburch binnen de saneamde Euregio Pomerania.

Grutste stêden Yn West-Pommeren wennet in grut part fan 'e befolking yn 'e stêden oan 'e kust of oan 'e rivier de Oder. De haadstêd Szczecin is it dominante ekonomyske en kulturele sintrum fan 'e regio. Wapens Stêd Dútske namme Ynwenners (01.01.2024) Oerflak (km²) 25px Szczecin Stettin 389.066 301 25px Koszalin Köslin 104.244 98 25px Stargard Stargard in Pommern 66.853 48 25px Kołobrzeg Kolberg 43.680 25 25px Świnoujście Swinemünde 39.805 197 25px Szczecinek Neustettin 38.835 48 25px Police Pölitz 31.503 37 25px Wałcz Deutsch Krone 24.364 38 25px Białogard Belgard 23.364 25 25px Goleniów Gollnow 21.684 11

Bestjoerlike yndieling It woiwodskip West-Pommeren is ûnderferdiend yn trije stedsdistrikten en 18 distrikten.

Stedspowiats (stedsdistrikten) Dit binne stêden dy't sa grut binne dat se it bestjoer fan in distrikt folslein sels útfiere. Se binne dus net ôfhinklik fan in omlizzend distrikt. De histoaryske Dútske namme stiet tusken heakken efter de Poalske namme. Wapens Stêd Ynwenners (2024) Oerflak (km²) 35px Szczecin (Stettin) 389.066 301 35px Koszalin (Köslin) 104.244 98 35px Świnoujście (Swinemünde) 39.805 197

Lânpowiats (plattelânsdistrikten) Dit binne distrikten dy't besteane út meardere lytse stêden en plattelânsgemeenten (gminas). Hoewol't se faak neamd binne nei harren haadplak, beslane se it hiele omlizzende gebiet. De histoaryske Dútske namme stiet tusken heakken efter de Poalske namme.

Wapens Distrikt Haadplak Ynwenners (2024) Oerflak (km²) 35px Białogard Białogard (Belgard) 45.459 845 35px Choszczno Choszczno (Arnswalde) 45.247 1.328 35px Drawsko Drawsko Pomorskie (Dramburg) 55.034 1.764 35px Goleniów Goleniów (Gollnow) 81.339 1.616 35px Gryfice Gryfice (Greifenberg) 58.077 1.017 35px Gryfino Gryfino (Greifenhagen) 78.431 1.869 35px Kamień Kamień Pomorski (Cammin) 45.020 1.006 35px Kołobrzeg Kołobrzeg (Kolberg) 78.078 724 35px Koszalin Koszalin (Köslin) 65.590 1.669 35px Łobez Łobez (Labes) 35.150 1.065 35px Myślibórz Myślibórz (Soldin) 63.488 1.182 35px Police Police (Pölitz) 80.603 665 35px Pyrzyce Pyrzyce (Pyritz) 38.169 720 35px Sławno Sławno (Schlawe) 54.341 1.043 35px Stargard Stargard (Stargard in Pommern) 118.006 1.520 35px Szczecinek Szczecinek (Neustettin) 74.877 1.766 35px Świdwin Świdwin (Schivelbein) 45.093 1.093 35px Wałcz Wałcz (Deutsch Krone) 51.096 1.415

Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1999