De lammegier (Gypaetus barbatus), ek wol de burdgier neamd, is in grutte rôffûgel út 'e famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It is de iennichste soarte yn it skaai fan 'e Gypaetus. De fûgel wykt bot fan oare gieren ôf troch syn fearrekleed en syn unike dieet, dat foar 70% oant 90% út bonken bestiet.

Beskriuwing thumb|left|De fûgel wurdt ek wol burdgier neamd fanwegen syn swarte boarstels ûnder de snaffel. In folwoeksen lammegier is 94 oant 125 cm lang en hat in wjukspanne fan 231 oant 283 cm. Opfallend is de lange, rûtfoarmige sturt dy't oare gieren net hawwe. De kop is net keal, mar bedutsen mei fearren. Under de snaffel hat de fûgel in bondeltsje swarte boarstels dy't op in burd lykje, dêrfandinne ek de namme "burdgier".

De natuerlike kleur fan it boarst en de kop is wyt oant ljochtgiel, mar yn 'e natuer sjogge dizze fûgels der faak oranje-eftich of rustbrún út. Dat komt om't de fûgels baaie yn izerhâldende modder of grûn, wêrtroch't it fearrekleed ferkleuret.

Fersprieding De lammegier is in bewenner fan heechberchtmen en komt foar yn dielen fan Europa, Afrika en Aazje. It leefgebiet bestiet út rûge berchstreken mei steile rotswanden boppe de beamgrins, faak tusken de 500 en 4.000 meter hichte, al binne se yn e Himalaya sels waarnommen op mear as 7.000 meter.

Yn Europa briedt de fûgel yn 'e Pyreneeën, de Alpen, op Kreta en op Korsika. Yn Afrika komt er foar yn 'e Atlas en yn 'e berchgebieten fan East- en Súd-Afrika. De grutste populaasjes libje yn 'e sintrale berchrêgen fan Aazje.

Undersoarten Der wurde twa ûndersoarten erkend: G. b. barbatus: de nominaatfoarm fan Noard-Afrika en Europa oant yn Sintraal-Aazje. G. b. meridionalis: de ûndersoarte fan East- en Súd-Afrika, dy't wat lytser is en de donkere earstreek mist.

Ekology en gedrach De lammergier is de iennichste spesjalist op it mêd fan it iten fan bonken. As in bonke te grut is om troch te slokken, fljocht de fûgel dêrmei heech de loft yn en lit him falle op in fêste plak mei rotsen (in saneamde "bonkekreaker"). De bonke spat dan útinoar, wêrnei't de gier it opslynt. It maachsoer fan 'e lammegier is sa sterk, dat sels grutte bonken yn 24 oant 48 oere folslein fertard wurde. thumb|left|Aai fan 'e lammegier. De namme lammegier komt fan it âlde misferstân dat dizze fûgels op lammen of sels bern jeie soene. Yn werklikheid fret er hast allinnich mar de resten fan kadavers dy't troch oare rôfdieren lizze litten binne.

Lammegieren begjinne al hiel betiid yn it jier te brieden, faak midden yn 'e winter (desimber of jannewaris), sadat de jongen út it aai komme as de winter oergiet op 'e maitiid, it momint dat der troch it teiwaar in soad kadavers fan gimsen en oare berchdieren ûnder de snie tefoarskyn komme. De fûgels bouwe grutte nêsten fan tûken op ûntagonklike rotsen of yn hoalen yn 'e rotsen. It nêst wurdt dik mei wol en hier fan 'e bisten dy't se iten hawwe.

In opfallend skaaimerk is dat der somtiden sprake is fan polyandry; it wyfke briedt mei twa mantsjes. De trije folwoeksen fûgels wurkje gear om it nêst te ferdidenjen en it jong te fuorjen.

Status thumb|Fleanende lammegier yn Switserlân. De fûgel komt foar yn heechberchtmen lykas de Pyreneeën, de Alpen, de Himalaya en yn dielen fan Afrika. Yn Europa wie de fûgel yn 'e Alpen hast útstoarn, mar troch suksesfolle weryntroduksjeprojekten briedt er dêr no wer.

De wrâldpopulaasje waard yn 2021 op 1.675 oant 6.700 folwoeksen fûgels rûsd. De soarte stiet as hast bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN, foaral troch fergiftiging, fersteuring fan nêstplakken en ûngemakken mei heechspanningskabels.

Kategory:Haukfûgel Kategory:Lammegier Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe