Max Salomon de Winter (Nijmegen, 19 maaie 1920 – Oss, 8 maart 2012) wie in Nederlânske wittenskipper.

Libben en wurk De Winter waard berne as soan fan Louis de Winter en Mietje Henriette Gomperts. Hy waard yn de Twadde Wrâldoarloch fia Kamp Westerbork nei Auschwitz transportearre, mar oerlibbe de ferneatigingskampen fanwegen syn technyske kennis dy't brûkt wurde koe troch de nazy's. Hy waard troch de nazy's ynset foar it bedriuw fan Siemens. Syn earste frou Rachel Reina Francken oerlibbe de oarloch net, krekt as harren dochterke dat ein 1944 yn it kamp Birkenau berne waard en dat mar in pear dagen libbe hat. Max Salomon de Winter Stambomen van Nederlands Joodse families. Argivearre op 20 july 2024.

Yn 1948 kaam er as gemikus yn tsjinst by Organon yn it Noard-Brabânske plak Oss. Hy ûntwikkele dêr tegearre mei twa oare skiekundigen yn de jierren fyftich de antykonsepsjepil. It middel Lyndiol, dat troch Organon yn 1962 op de merk brocht waard, waard in wrâldwiid sukses.

De Winter troude op 'e nij op 22 augustus 1948 yn De Haach, dizze kear mei Bertine Meijer. De Choepah van Max de Winter en Bertine Meijer, Nieuw Israëlietisch Weekblad, 13 augustus 1948 Sy binne de âlden fan heechlearaar Pedagogyk Micha de Winter en mediaûndernimmer en programmamakker Harry de Winter. De Winter waard yn 2002 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy ferstoar yn 'e âldens 91 jier.

Syn soannen reizgjen nei Berlyn om syn rûte fan Sachsenhausen nei Havelberg oan 'e Elbe te rinnen (nei de befrijing). Harry de Winter ferstoar koart dêrnei (maart 2023). De Winter kaam nei Sachsenhausen oer Auschwitz/Brobek (Siemens), Buchenwald, Berlyn-Haselhorst (Siemens).

Kategory:Nederlânsk skiekundige Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Kamp Westerbork Kategory:Oerlibbene fan Auschwitz Kategory:Persoan berne yn 1920 Kategory:Persoan stoarn yn 2012