De lammegieren (Gypaetus) foarmje in skaai fan 'e famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). Dit skaai is hjoed-de-dei monotypysk, mei de lammegier (Gypaetus barbatus) as iennichste libbene fertsjintwurdiger.

Taksonomy De lammegieren wurde binnen de haukfûgels faak yn in aparte ûnderfamylje pleatst, de lammegieren en sibben (Gypaetinae), tegearre mei de iesgier (Neophron percnopterus), de palmgier (Gypohierax angolensis) en de Madagaskarslange-earn (Eutriorchis astur). Dit binne gieren fan 'e Alde Wrâld dy't genetysk en morfologysk ôfwike fan 'e echte gieren út it skaai fan 'e muontsegieren (Aegypius) of de gieren (Gyps).

Soarten Yn dit skaai wurde de folgjende libbene en fossile soarten ûnderskieden:

Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding IUCN-status 120px lammegier Gypaetus barbatus Europa, Aazje en Afrika hast bedrigeGypaetus barbatus op BirdLife — † (útstoarn) † Gypaetus osseticus Kaukasus (Let-Pleistoseen) útstoarn

Fossile fynsten lykas dy fan † G. osseticus yn 'e Kaukasus jouwe oan dat it skaai yn it ferline mear ferskaat en in grutter ferspriedingsgebiet hie yn it Paleärktysk gebiet.

Kategory:Haukfûgel Kategory:Fûgelskaai