Gottlieb Conrad Christian Storr (Stuttgart, 16 juny 1749 – Tübingen, 27 febrewaris 1821) wie in Dútske dokter, gemikus en natuerûndersiker. Hy wie de jongere broer fan teolooch Gottlob Christian Storr (1746–1805).
Yn 1768 helle er syn doktoraat oan 'e Universiteit fan Tübingen, dêr't er fan 1774 oant 1801 ek heechlearaar skiekunde, botany en natuerlike histoarje wie. Curtis Schuh’s Biobibliography of Mineralogy. The Mineralogical Record |date=2013-03-26 biographical information Hy is in taksonomyske autoriteit fan ferskate geslachten, ynklusyf Mellivora, waans ienige soarte de huningdas (Mellivora capensis) is. GBIF Argivearre op 22 ferbrewaris 2014: Mellivora Storr, 1780 Bioone Mammalian Species Mellivora capensis
Wurken Yn 1781 die hy wiidweidige wittenskiplike ûndersiken yn 'e Switserske Alpen, en publisearre dêroer Alpenreise vom Jahre 1781 (1784–86, 2 dielen). Oare bekende publikaasjes fan Storr binne: Dissertatio inauguralis medica, de curis viperinis, 1768 (tegearre mei Ferdinand Christoph Oetinger). Entwurf einer Folge von Unterhaltungen zur Einleitung in die Naturgeschichte, 1777. Ueber seine Bearbeitungsart der Naturgeschichte, 1780. Investigandae crystallifodinarum oeconomiae quaedam pericula, 1785.WorldCat Identities Most widely held works by Gottlieb Konrad Christian StorrWorldCat Gottlieb Konrad Christian Storr. Chemiker, Botaniker, Mediziner. 1749-1821 Idea methodi fossilium, 1807.
Kategory:Dútsk biolooch Kategory:Dútsk dokter Kategory:Dútsk heechlearaar Kategory:Dútsk skiekundige Kategory:Dútsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1749 Kategory:Persoan stoarn yn 1821