Virgil Earp (folút: Virgil Walter Earp; Hartford (Kentucky), 18 july 1843 – Goldfield (Nevada), 19 oktober 1905) wie in Amerikaansk plysjeman en revolverman yn 'e tiid fan it Wylde Westen. Hy krige benammen bekendheid as de âldere broer fan 'e ferneamde marshal Wyatt Earp en as dielnimmer (mei syn broer) oan 'e romrofte Sjitpartij by de O.K.-Kraal yn oktober 1881. Earp wie in feteraan út 'e Amerikaanske Boargeroarloch, dy't ek wurke as boer, spoararbeider, seager, postkoetsier, postrinner, goudsiker, privee-detektive en salooneigner. Twa moannen nei de Sjitpartij by de O.K.-Kraal oerlibbe er in moardoanslach troch de Cowboys, de binde dêr't de Earps har tsjin oankanten. Virgil Earp rekke dêrby ynfalide, mei't syn lofterearm ûnbrûkber waard. Nettsjinsteande dat wied er twa jier letter wer as revolverman aktyf, diskear yn 'e tsjinst fan 'e Southern Pacific Railroad. Yn dy hoedanichheid wied er behelle yn 'e saneamde 'Slach om it Krúspunt' by Colton.
Libben en karriêre Jonkheid en komôf Virgil Earp waard yn 1843 berne yn Hartford yn 'e Amerikaanske steat Kentucky, as de twadde soan fan Nicholas Earp en dy syn twadde frou Virginia Ann Cooksey. Hy wie fan mingd Ingelsk en Ulstersk (protestantsk Noardiersk) etnysk komôf. Virgil Earp hie in âldere folle broer, James Earp (1841–1926), en seis jongere bruorren en susters: Martha (1845–1856), Wyatt (1848–1929), Morgan (1851–1881), Warren (1855–1900), Virginia (1858–1861) en Adelia (1861–1941). Fierders hied er út it earste houlik fan syn heit ek noch in âldere healbroer, Newton Earp (1837–1928).
Oer de iere jonkheid fan Virgil Earp is sa goed as neat bekend. Yn febrewaris 1860, doe't de Earps yn Pella wennen, yn 'e steat Iowa, naaide er as sechstjinjierrige út mei de doe achttjinjierrige Ellen (Magdalena) Rysdam (1842–1910), in Nederlânske ymmigrante dy't berne wie yn Utert en mei har âldelju nei de Feriene Steaten ferfearn wie. Dy âlden, Gerrit Rysdam en Magdalena Catrina van Velzen, wiene poer op 'e relaasje tsjin, dat de beide jongelingen trouden yn it geheim. Se bleaune in jier byinoar en Ellen rekke yn dy tiid swier fan in dochter, Nellie Jane Earp (1862–1930), dy't op 7 jannewaris 1862 te wrâld kaam.
Militêre tsjinst Underwilens hie Virgil Earp doe in goed fearnsjier earder, op 21 septimber 1861, tsjinst nommen yn it Leger fan 'e Uny om yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861–1865) tsjin 'e Súdlike Konfederaasje te fjochtsjen. Fan 26 july 1862 oant 24 juny 1865 tsjinne er yn it 83e Ynfanteryrezjimint fan Illinois. James Earp, de âldste folle broer fan Virgil, hie ek tsjinst nommen, mar rekke ein 1861 swierferwûne by in skermutseling yn 'e neite fan Fredericktown (Missoery), wêrnei't er earfol ûntslach krige en nei hûs koe. Newton Earp, de âldere healbroer fan Virgil, tsjinne krekt as hysels oan 'e ein fan 'e oarloch ta yn it Leger fan 'e Uny.
Yn 'e simmer fan 1863 krige Ellen fia de âlden fan Virgil Earp de tynge dat har man sneuvele wie by gefjochten yn Tennessee. Dat bliek letter net sa te wêzen, mar tsjin dy tiid wie Ellen mei har âldelju en har dochterke al ôfset nei it Westen oer it bekende Oregon Trail. Hja wertroude mei in John van Rossem, dy't koarte tiid letter ferstoar, en yn 1867 wertroude se yn Walla Walla, yn it Territoarium Washington, foar de twadde kear, no mei in Thomas Eaton. Doe't Virgil Earp op 26 juny 1865 út militêre tsjinst ûntslein waard en weromkearde nei Iowa, koed er wiif en bern net mear fine. Hy soe harren pas 37 jier letter weromsjen.
Tuskenjierren Earp wurke yn Iowa as boere-arbeider oant er lang om let ôfsette nei Kalifornje, dêr't syn âldelju ûnderwilens hinne tein wiene. Heit Nicholas Earp brocht yn 1868 de hiele famylje wer werom nei Missoery, om't er dêr promoasje meitsje koe. Dêr setten de Earps har nei wenjen yn it plakje Lamar. Op 28 augustus 1870 wertroude Virgil Earp dêr mei in Rosella Dragoo (b. 1853), in ymmigrante út Frankryk. Mei't er nea skieden wie fan Ellen Rysdam, wie dat eins in gefal fan bigamy, mar hy en syn nije frou waarden troud troch heit Nicholas Earp, dy't dat as rjochter dwaan mocht. It is ûndúdlik wat der wurden is fan Rosella, mei't der fan har fierder gjin berjocht is. It soe skoan kinne dat se yn it kreambêd stoar, lykas safolle froulju yn dy tiden, mar dat is spekulaasje. Yn elts gefal krige Virgil Earp yn 1874 in relaasje mei Allie (Alvira) Sullivan, dy't ôfkomstich wie út Florence yn Nebraska. Sy trouden nea formeel, mar bleaune har hiele fierdere libben byinoar, sadat men sizze kinne soe dat se oer de putheak troud wiene.
Yn dy jierren ferfolle Earp in grut tal ferskillende banen. Sa wied er in skoftke bouboer en letter goudsiker, en wurke er as spoararbeider yn Wyoming en as seager yn in houtseagerij yn Prescott (Arizona). Teffens wied er koetsier op in postkoets en postrinder en letter, yn ferskate funksjes, plysjeman. Hy brocht yn 1877 in skoft troch yn it feestedsje Dodge City, yn Kansas, mei syn jongere broer Wyatt, dy't dêr helpmarshal wie. It is net dúdlik oft Virgil dêr ek in plysjefunksje útoefene.
Fan Dodge City ferfearen Earp en de frou yn july 1877 nei Prescott, dat doedestiden de haadstêd wie fan it noch mar tinbefolke Territoarium Arizona. Hy wurke dêr yn 't earstoan yn in houtseagerij, mar yn oktober fan dat jier waard er troch Ed Bowers, de sheriff fan Yavapai County, ynsward as helpsheriff om efter in binde oerfallers oan. By de dêropfolgjende sjitpartij op 'e strjitte makke Earp ien fan 'e oerfallers dea troch him mei in winchester troch de holle te sjitten. Dêrmei skynt er in beskate reputaasje fêstige te hawwen, want yn 1878 ferfolle er yn Prescott ferskate moannen de funksje fan nachtwachter, en letter dat jiers waard er keazen ta de pleatslike fjildwachter (constable).
Nei Tombstone Op 27 novimber 1879 waard Earp troch U.S. marshal Crawley Drake oansteld as plakferfangend U.S. marshal foar it eastlike diel fan Pima County (Arizona). Drake frege him om yn it ramt fan dy funksje te ferhúzjen nei Tombstone, dat in saneamde boom town wie dy't op dat stuit te krijen hie mei in befolkingseksploazje fanwegen de ûntdekking dat dêr grutte hoemannichten sulver yn 'e grûn sieten. It stedsje en de hiele krite dêromhinne waard teheistere troch in wetteleaze binde dy't oantsjut waard as de Cowboys, en it wie de bedoeling dat Virgil Earp helpe soe om regaad te meitsjen.
Tsjin dy tiid hie Virgil syn broer Wyatt yn in brief al ferteld oer de mooglikheden yn Tombstone, dat dyselde hie yn septimber 1879 ûntslach nommen as helpmarshal yn Dodge City, wêrneit'er mei syn frou Mattie Blaylock, syn broer James Earp en dy syn frou Bessie oer Las Vegas nei Arizona reizge. Yn Las Vegas joegen Wyatt syn maat Doc Holliday en dy syn selskipsfrou Big Nose Kate har by it selskip, en yn Prescott heakken ek Virgil Earp en Allie Sullivan oan. De hiele groep arrivearre op 1 desimber 1879 yn Tombstone.
Op 30 oktober 1880 waard de stedsmarshal fan Tombstone, Fred White, deasketten troch William Brocius, byneamd "Curly Bill", dy't in lid fan 'e Cowboys wie. Dêrop waard Virgil Earp njonken syn funksje as plakferfangend U.S. marshal ek oansteld as interim stedsmarshal. Minder as fjirtjin dagen letter waard er by ferkiezings foar dy funksje ferslein troch in Ben Sippy. Dyselde frege lykwols op 6 juny 1881 om fjirtjin dagen ferlof. Dêrop waard Earp op 'e nij oansteld as interim stedsmarshal. Sippy bleau langer wei as dat de ôfspraak wie, en Earp wie noch yn funksje doe't op 22 juny it sintrum fan Tombstone fierhinne ferwoastge waard troch in brân. Earp soarge derfoar dat der frijwol gjin plonderings plakfûnen, en teffens jage er lju de stêd út dy't de frijkommen perselen besochten yn te pikken. In wike letter, op 28 juny, kaam oan it ljocht dat Sippy in skuld fan $3.000 efterlitten hie en teffens jild stellen hie út 'e kas fan it marshalskantoar. Mei't er dúdlik net mear weromkomme soe, waard Virgil Earp doe troch boargemaster John Clum permanint as stedsmarshal oansteld.
Konflikt mei de Cowboys Om it near te lizzen op 'e misdie yn Tombstone, naam de gemeenteried yn april 1881 in feroardering oan dy't it foar eltsenien útsein plysjebeämten ferbea om yn 'e stêd deadlike wapens by him te dragen. Eltsenien dy't Tombstone binnenkaam, moast syn wapens fuort letter ynleverje yn in hierstâl of saloon, en hy krige se pas wer as er de stêd wer út gie. Op 26 oktober 1881 waard oan Earp trochdien dat ferskate leden fan 'e Cowboys yn Tombstone arrivearre wiene dy't al moannenlang bedrigings uteren yn 'e rjochting fan Earp en syn bruorren, en dat dyselde mannen wegere hiene om har fjoerwapens yn te leverjen. Dêrmei giene se tsjin de feroardering fan 'e gemeenteried yn, wat betsjutte dat it Earp syn plicht wie om harren yn te rekkenjen.
Virgil Earp gie derop út mei syn broer Morgan, dy't syn helpmarshal wie, en hy soarge foar bykommende stipe troch syn broer Wyatt en dy syn maat Doc Holliday foar dizze gelegenheid ek yn te swarren as tydlike helpmarshals. De Cowboys, om persiis te wêzen de bruorren Frank en Tom McLaury, de bruorren Ike en Billy Clanton en Billy Claiborne, holden har op by in feekraal mei de namme O.K.-Kraal. De konfrontaasje tusken de beide groepen mannen rûn út op 'e beruchte Sjitpartij by de O.K.-Kraal, dy't ien fan 'e bekendste wapene konfrontaasjes is út it hiele Wylde Westen. De lettere ferslaggen fan 'e sjitpartij makken in libbene leginde fan Wyatt Earp. Hy wurdt ornaris ôfskildere as de foaroanman fan 'e Earp-faksje. Mar eins wie Virgil de lieder en syn jongere broer Wyatt mar in tydlike assistint. Foarôfgeande oan 'e Sjitpartij by de O.K.-Kraal hie Wyatt mar by ien sjitpartij belutsen west, wylst Virgil him foarstean litte koe op trije jier ûnderfining yn 'e Boargeroarloch. Morgan Earp hie noch nea earder op immen sketten, wylst Doc Holliday inkeld yn syn eigen sterke ferhalen oan in protte fjoergefjochten dielnommen hie.
De Sjitpartij by de O.K.-Kraal fûn middeis omtrint 15.00 oere plak. By de feekraal oankommen, hiet Virgil de fiif Cowboys dat se harren wapens opjaan moasten. Ynstee briek der in fjoergefjocht út. Ike Clanton en Billy Claiborne naaiden út, mar Frank McLaury, Tom McLaury en Billy Clanton waarden deasketten. Morgan rûn in skampskot oer de skouderblêden en de wringe op, Virgil waard troch it kût sketten en Doc Holliday krige in skampskot. Wyatt Earp wie de iennichste dy't alhiel ûnskansearre út it gefjocht kaam. Trije dagen nei de sjitpartij waard Virgil troch de gemeenteried as stedsmarshal tydlik op non-aktyf set yn ôfwachting fan in ûndersyk nei de konfrontaasje. Hoewol't er úteinlik frijsprutsen waard fan eltse misse set, krige syn reputaasje dêrtroch in knau.
Om't se wol foar it ferstân hiene dat de Cowboys de saak net gewurde litte soene, brochten de Earps harren húshâldings neitiid gear yn it Cosmopolitan Hotel, sadat se stipe oaninoar hiene. Op 28 desimber 1881, jûns om likernôch 23.30 oere, waard Virgil Earp, by it skean oerstekken fan 'e strjitte fan 'e Oriental Saloon nei it Cosmopolitan Hotel, út 'e boppeferdjipping wei fan in gebou dat noch yn oanbou wie, fan efteren ôf ûnder fjoer nommen troch trije slûpskutters. Hy waard fan in ôfstân fan nei skatting 18 m ôf rekke yn 'e rêch en yn 'e lofterearm mei trije dûbele skotten hagel út dûbelloops jachtgewearen. It Crystal Palace en de Eagle Brewery, dêr't Earp foar lâns rûn, waarden rekke troch njoggentjin hagelkûgeltsjes, wêrfan't trije troch in rút giene en ien likernôch 30 sm boppe de hollen fan guon manlju lâns gie dy't oan in farobank sieten te spyljen.