thumb|Foarbyld fan Spelling Bee The New York Times Spelling Bee, koartwei: Spelling Bee, is in online wurdpuzelspul dat ûntwikkele is troch Sam Ezersky en yn 2019 útbrocht waard troch The New York Times Games, nei in testfaze yn 2018. It wie nei ‘’Crossword’’ en Letter Boxed it tredde spul yn de digitale puzelseksje fan de krante. De titel makket diel út fan in rige deistige puzels dy't troch harren populariteit in wichtige ynkomsteboarne foar it bedriuw foarmje.

Gameplay It spul toant spilers in seishoekige huningskiif mei 7 letters. Spilers skoare punten troch de letters te brûken om wurden te foarmjen dy't út fjouwer of mear letters bestean. Alle wurden dy't de spiler foarmet, moatte de letter yn 'e midden fan 'e huningskiif befetsje. Elke letter kin mear as ien kear brûkt wurde. Spilers krije in punt foar elke letter yn it wurd, mar fjouwerletterige wurden smite mar 1 punt op. Neigeraden spilers mear punten helje, krije se hegere wurdearringen lykas ’goed dien’ (solid)’, ‘geweldich’ (amazing) en ‘geniaal’ (’genius).

Elke puzel hat op syn minst ien pangram, in wurd dat op syn minst alle sân letters befettet. In pangram leveret 7 bonuspunten op (bygelyks in pangram fan sân letters leveret 14 punten op). As de spiler alle mooglike wurden yn in gegeven puzel fynt, krijt er de titel 'Queen Bee'. Yn 2021 ferklearre redakteur Sam Ezersky dat hy de letter S nea yn in puzel opnimme woe, omdat dit it spul te ienfâldich meitsje soe troch mearfâldige foarmen. Hy sei dat dizze tafoeging it spul te maklik meitsje soe om te winnen troch meartallen ta te foegjen. In útsûndering waard makke op 12 maart 2025, doe't de letter S taheakke waard ta fiering fan de 2.500ste edysje fan de Spelling Bee. De letter S waard ek taheakke op 2 septimber 2025.

Kreaasje Spelling Bee waard betocht troch Frank Longo nei oanlieding fan in foarstel fan Will Shortz, dy't ynspirearre wie troch ‘in populêre puzelrubryk yn Britske kranten’, nammentlik it spultsje ’Polygon’ fan The Times. It spul waard yn 2015 as papieren útfiering lansearre as wyklikse rubryk yn The New York Times Magazine. De digitale ferzje fan it spultsje ferskynde foar it earst op 9 maaie 2018. De maskotte fan de cartoonbij, Beeatrice, waard ûntwurpen troch Robert Vinluan foar de digitale ferzje. Sûnt oktober 2025 wurdt it spul ûnderhâlden troch Sam Ezersky, dy't ferantwurdlik is foar de deistige puzel dy't om 3 oere nachts Eastern Time ferskynt.

Untfangst Sûnt de digitale yntroduksje yn 2018 hat Spelling Bee oan populariteit wûn en wurdearring krigen fan ûntwerpers binnen de spul - en mediasektor. Pat Myers fan The Washington Post joech ta dat se, hoewol't se altyd har eigen krante promoate hie, dochs meisleept waard troch Spelling Bee fan New York Times. Neffens Nilanjana Roy (Financial Times) wie Spelling Bee by de lockdowns in ideale wize om sawol tiid te ferdriuwen as ferbûn te bliuwen mei oaren. Jim Memmot fan de ‘’Rochester Democrat and Chronicle’’ priizge it spultsje as in noflike beuzichheid by de COVID 19-pandemy. Njonken de positive kritiken hat it spul in grutte skare fans op sosjale media, dêr't spilers alle dagen harren skoares diele en de puzzel beprate. Der binne ferskate online tools ûntwikkele om alle dagen oanwizings en analyzes fan de puzel te bieden, wêrûnder ien fan sciencefictionskriuwer William Shunn dy't yn de New York Times sels neamd waard.

Ynfloed Yn novimber 2021 waard it konsept troch in non-profitorganisaasje oanpast foar de Katalaanske taal. De webside, mei de namme Paraulògic [ ca ], gie firaal yn Kataloanië in moanne nei de lansearring. Lyksa hat in anonime brûker efter in populêr Albaneesk taalaccount it spul Spelling Bee oanpast nei it Albaneesk. Dy fariant wurdt host op de webside Germëzhimë, in gearlûking fan germë (letter) en gumëzhimë (it geziem fan in bij).

Spelling Bee wedstriden ûnder skoalbern Yn it Angelsaksyske taalgebiet wurde ûnder de namme Spelling Bee sûnt de njoggentjinde iuw staveringswedstriden hâlden ûnder skoalbern. Dit is dan ek de oarsprong fan de namme fan it spultsje fan de New York Times. De wedstriden wiene bedoeld om learlingen de standertstavering fan de Ingelske taal oan te learen. Der binne ferskate lanlike kompetysjes wêrby't winners ôffurdige wurde nei de United States National Spelling Bee. Spelling Bees binne benammen populêr yn Ingelsktalige lannen fanwege de ûnregelmjittige stavering. Yn lannen mei talen dêr’t de stavering logysk en konsistint is, lykas Spaansk, Italiaansk of Dútsk, wurde soksoarte fan wedstriden amper holden.

Sjoch ek Wurdtsjil

Kategory:Kompjûterspultsje Kategory:Online fideospultsje Kategory:Wurdspul Kategory:Yntroduksje út 2018