thumb| thumb|Ynfolle foarbyld fan Letter Boxed Letter Boxed is in online wurdpuzelspul dat ûntwikkele is troch Sam Ezersky en útbrocht yn 2019 útbrocht waard troch The New York Times Games, nei in testfaze yn 2018. It wie nei Crossword en Spelling Bee it tredde spul yn de digitale puzelseksje fan de krante. De titel makket diel út fan in rige deistige puzels dy't troch harren populariteit in wichtige ynkomsteboarne foar it bedriuw foarmje.

Gameplay Yn Letter Boxed krije spilers in fjouwerkant te sjen mei op elke side trije letters, yn totaal tolve. Mei dizze letters moatte wurden fan op syn minst trije letters foarme wurde troch de letters yn folchoarder te ferbinen. It doel is om alle tolve letters teminsten ien kear te brûken yn sa min mooglik wurden, meastal fjouwer oant seis. De earste letter fan elk nij wurd moat de lêste letter fan it foarige wurd wêze. Oanfolgjende letters meie net fan deselde kant fan it fjouwerkant komme. Dêrtroch binne wurden mei dûbelde letters, lykas soppanne of hazze, útsletten. Eigennammen, skelwurden en beskate oanstjitlike termen wurde net akseptearre. Alle dagen om 03.00 oere EST ferskynt in nije puzel. De ynterface hat ek in opsje Gisteren, dêr’t in twawurdige oplossing fan de foarige dei yn toand wurdt.

Untfangst Neffens The Harvard Crimson liket it spul ienfâldich, mar 'kin it gau frijwat útdaagjend wurde' en ropt it in kompetitive hâlding op by spilers dy't besykje de puzel yn sa min mooglik wurden op te lossen. In oare Amerikaanske studintekrante neamt it spul ’frustrearjend’ troch it brûken fan minder gongbere wurden lykas 'azurite' en 'erythrocyte'.

Kategory:Kompjûterspultsje Kategory:Yntroduksje út 2019 Kategory:Wurdspul