Pondicherry (sûnt 2006 offisjeel Puducherry) is in unyterritoarium fan Yndia. It bestiet net út ien oaniensletten gebiet, mar út fjouwer ferskillende enklaves dy't ferspraat lizze oer de súdlike helte fan Yndia. Dizze gebieten wienen eartiids ûnderdiel fan Frânsk-Ynje. De stêd Puducherry oan 'e eastkust wurdt faak de Frânske Rivièra fan it easten neamd.
Geografy thumb|left|Baai fan Bingalen. It unyterritoarium bestiet út fjouwer distrikten dy't geografysk fier fan inoar lizze:
Puducherry: de grutste enklave, omfieme troch de steat Tamil Nadu oan 'e Koromandelkust. Karaikal: sa'n 135 km súdliker, ek oan 'e eastkust en omjûn troch Tamil Nadu. Yanam: in lytse enklave yn 'e steat Andhra Pradesh, by de mûning fan 'e rivier de Godavari. Mahe: de iennichste enklave oan 'e westkust (Malabarkust), omjûn troch de steat Kerala.
Skiednis De moderne skiednis begjint yn 1674, doe't de Frânske East-Yndyske Kompanjy in hannelspost stifte yn it doarp Puducherry. Yn 'e folgjende twa iuwen wie it gebiet geregeld in konfliktgebiet tusken Frânsen en Britten.
Frânsk bestjoer thumb|left|Katedraal fan Puducherry. Oars as de rest fan Yndia bleau Puducherry ûnder Frânsk bestjoer. Dat soarge foar in eigen ûntwikkeling yn arsjitektuer, rjochtspraak en ûnderwiis. Sels nei de ûnôfhinklikens fan Yndia yn 1947 bleau Puducherry noch Frânsk gebiet.
Oerdracht oan Yndia Yn 1954 stimde de befolking yn mei oansluting by Yndia. De feitlike oerdracht fûn plak yn 1956, mar pas op 16 augustus 1962 waard de oerdracht juridysk (de jure) definityf. Sûnt dy tiid is it in unyterritoarium mei eigen bestjoer.
Befolking De befolking is in mjuks fan kultueren, ôfhinklik fan 'e enklave. In part fan 'e minsken hat noch altyd in bân mei Frankryk, en der binne ynwenners mei Frânske nasjonaliteit.
Puducherry is in kultureel knooppunt mei sterke filosofyske ynfloed troch de Sri Aurobindo Ashram. Dêrnjonken leit Auroville, in ynternasjonale mienskip rjochte op ienheid en duorsumens, mei it Matrimandir as symboal.
Tamil is de haadtaal. Yn Yanam wurdt Telugu praat, yn Mahe Malajalam. Frânsk wurdt noch brûkt yn bestjoer en kultuer.
+ Religy yn Puducherry (2011) Religy % Karakteristyk Hindoeïsme 87,30% De grutste groep yn alle fjouwer enklaves. Kristendom 6,29% Benammen oanwêzich yn de stêd Puducherry (Frânske ynfloed). Islam 6,05% In wichtige minderheid, fral yn Karaikal en Mahe.
Ekonomy thumb|left|Haven fan Puducherry. De ekonomy is basearre op lânbou, tekstyl, fiskerij en toerisme.
De Frânske wyk mei giele huzen en strjitten lûkt in soad toeristen. Auroville is in eksperimintele ynternasjonale stêd dy't rjochte is op minsklike ienheid en duorsumens, wêrby't ynwenners sûnder eigen besit of jild yn harmony mei de natoer besykje gear te wenjen.
Foar alle kustgebieten is fiskerij wichtich. Yn Karaikal en Yanam wurdt rys ferboud; kokosnuten en krûden binne wichtich yn Mahe.
Bestjoer Oars as de measte unyterritoaria hat Puducherry, in eigen wetjaande gearkomste en minister-presidint. De federale oerheid wurdt fertsjintwurdige troch in Luitenant-gûverneur.
It bestiet út fjouwer distrikten: Distrikt Haadplak Oerflak (km²) Ynwenners (2001) Ynwenners (2011) Groei Puducherry Puducherry 293 735.332 950.289 +29,2% Karaikal Karaikal 160 170.791 200.222 +17,2% Mahe Mahe 9 36.828 41.816 +13,5% Yanam Yanam 20 31.398 55.626 +77,2% Totaal Pondicherry 482 974.349 1.247.953 +28,1%
Kategory:Unyterritoarium yn Yndia Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1962