De Kaapske gier (Gyps coprotheres) is in bedrige fûgel út 'e famylje fan 'e haukfûgels binnen it skift fan 'e rôffûgels, dy't foarkomt yn súdlik Afrika.

Uterlik thumb|left|Fûgel yn 'e dieretún fan Pretoaria. Dizze grutte gier hat foar it grutste part in donkerbrún fearrekleed, útsein ljochte rânen op de mantel, ljochte wjukdekfearren en in dûnzich kapke op 'e fierder fearreleaze kop. De folwoeksen fûgel is ljochter as de jonge fûgel en de ûnderste wjukdekfearren kinne fan in ôfstân hast as hielendal wyt sjoen wurde. Hy is trochstrings 96–115 sintimeter lang, hat in wjukspanne fan 2,26–2,6 meter en weaget sân oant alve kilogram. Dat makket de soarte ta ien fan 'e grutste gieren fan Afrika.

Fersprieding De Kaapske gier libbet yn súdlik Afrika en komt dêr foar op iepen flakten en yn berchstreken, yn Angoala, Botswana, Mozambyk, Simbabwe, Lesoto en Súd-Afrika. Yn guon dielen fan syn oarspronklike ferspriedingsgebiet is de fûgel útstoarn.

Ekology thumb|left|Groep Kaapske gieren by in karkas yn Gauteng. Kaapske gieren foerazjearje hast altiten yn groepen. Se binne tige ôfhinklik fan inoar om karkassen te finen en komme faak yn grutte oantallen gear by ien bist. Om't karkassen yn harren leefgebiet ûnregelmjittich beskikber binne, moatte se op syk nei iten faak grutte ôfstannen ôflizze.

De soarte is sterk ôfhinklik fan koloanjes op rotskliffen, dêr't ferskate pearen ticht by inoar briede. De beskerming fan dy briedplakken is dêrom essinsjeel foar it behâld fan 'e soarte. In nêst bestiet út ien aai en fûgel briedt mar ienris yn it jier.

Status De ynternasjonale natuerbeskermingsorganisaasje IUCN kategorisearret de soarte as kwetsber (VU), om't it oantal fûgels sterk ôfnimt. De populaasje waard yn 2021 rûsd op 9.600 oant 12.800 folwoeksen fûgels.

Yn súdlik Afrika foarmet de fergiftiging fan karkassen om rôfdieren te bestriden in grut probleem foar de gieren. As gieren dêrfan ite stjerre se by boskjes om 't se faak yn grutte oantallen fan it karkas ite. Ferlies fan habitat, minder ies en elektrisiteitstriedden foarmje oare bedrigingen. Om't gieren mar ien aai yn 't jier lizze, kin in populaasje him mar tige stadich werstelle.

Om de soarte te beskermjen binne ferskate maatregels ynfierd, wêrûnder wetlike beskerming yn 'e measte lannen fan súdlik Afrika, it oanwizen fan beskerme briedkoloanjes en gierfeilige sônes, en it oanbringen fan oanpassingen yn 'e elektrisiteitsynfrastruktuer om botsingen en elektrokúsje te foarkommen. Dêrnjonken wurde kampanjes opset om fergiftiging tsjin te gean, en besteane der fokprogramma’s yn finzenskip mei as doel de fûgels yn it wyld út te setten.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gier Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe