De sparwergier of Rüppells gier (Gyps rueppellii) is in tige bedrige fûgel út 'e famylje fan 'e haukfûgels binnen it skift fan 'e rôffûgels
Uterlik De sparwergier hat syn namme te tankjen oan it patroan op syn fearren, dat tinken docht oan 'e streken fan in sparwer. De fearren binne brún-swart mei ljochte, hast wite rânen, wat de fûgel in skobbe-eftich uterlik jout. Hy is sa'n 85 oant 103 sintimeter lang en hat in wjukspanne fan 2,2 oant 2,4 meter. It gewicht leit meastentiids tusken de 6,5 en 9 kilogram.
Fersprieding en ûndersoarten thumb|left|Kop fan 'e sparwergier. De sparwergier komt foar yn 'e Sahel-regio fan Afrika, in stripe lân dy't fan Senegal yn it westen oant Etioopje yn it easten rint, en fierder súdlik yn East-Afrika (ûnder oare yn Kenia en Tanzania). It leefgebiet bestiet út drûge savannes, iepen gerslannen en de foarberchtmes.
Fan 'e sparwergier wurde somtiden twa ûndersoarten erkend, mar guon autoriteiten behannelje de soarten as monotypysk:
Gyps rueppellii rueppellii: de nominaatfoarm dy't foarkomt yn it westlike en sintrale diel fan it ferspriedingsgebiet, fan Senegal en Mauretaanje oant yn Sûdan en Etioopje. Gyps rueppellii erlangeri: dizze ûndersoarte komt foar yn it eastlike diel, benammen yn Etioopje, Somaalje. Dizze fûgels binne faak wat bleker fan kleur as de nominaatfoarm.
Ekology De sparwergier is in spesjalisearre iesiter dy't bekend stiet om syn bûtengewoane úthâldingsfermogen en fleanhichte. Hy kin oerenlang sweve op 'e termyk en leit faak grutte ôfstannen ôf op syk nei karkassen op 'e Afrikaanske savannes. De soarte is tige sosjaal en libbet, yt en briedt yn grutte groepen.
It is de heechst fleanende fûgel dy't ea waarnommen is; yn 1973 waard ien eksimplaar fan 'e soarte opsûgd yn e motor fan in ferkearsfleantúch op in hichte fan 11.300 meter. Dizze hichte is mooglik troch in spesjale fariant fan hemoglobine yn harren bloed, dy't soerstof folle effisjinter opnimt as by oare fûgels.
Status De sparwergier stiet as krityk bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN. Om de soarte te beskermjen binne ferskate maatregels ynfierd. Yn in tal Afrikaanske lannen libbet de fûgel yn nasjonale parken en oare beskerme gebieten, dêr't it leefgebiet beholden bliuwt.
Dêrnjonken wurdt besocht om it gebrûk fan giftige stoffen en skealike feterinêre medisinen te beheinen, omdat fergiftiging ien fan 'e grutste bedrigingen foarmet. Ek wurdt ynternasjonaal omtinken frege foar de beskerming fan gieren, ûnder oaren troch bettere wetjouwing, tafersjoch op populaasjes en it beskermjen fan briedkoloanjes.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gier Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda