De Crawley Edge Boatshed, meastentiids oantsjutten as de Blue Boat House, is in boathûs oan 'e rivier Swan by Matilda Bay, Crawley, yn Perth, West-Austraalje. In bekend oriïntaasjepunt, it is sûnt de jierren 1940 benammen yn besit fan 'e famylje Nattrass.
Skiednis De earste ferzje fan it boathûs waard boud yn 'e jierren '30. It kaam earst yn 'e hannen fan 'e famylje Nattrass doe't Roland en Joyce Nattrass it lân derachter yn 1944 kochten as it plak foar harren famyljehûs.
Yn 1972 joech Roland Nattrass it boathûs oan Ron Armstrong. In wat grutter boathûs waard om it orizjineel hinne boud. Yn 'e jierren '90 gie it eigendom fan it boathûs oer nei Barry Kollman.
Yn 2001 waard it boathûs te keap oanbean en kocht troch Peter Nattrass.
It boathûs wie doe al tige ferfallen. Konfrontearre mei bedrigingen fan 'e oerheid om it te slopen en te ferwiderjen, begon de famylje it wer op te bouwen. Op suggestje fan in famyljefreon, it lokale federale parlemintslid Julie Bishop, waard it boathûs opnij skildere yn in blauwe kleur.
Op 6 febrewaris 2004 waard it opknapte boathûs opnij te wetter litten troch de silers Jon Sanders en David Dicks fan Perth. Ein 2015 krige it in facelift, wêrûnder it opnij skilderjen fan 'e bûtenkant en it ferfangen fan 'e houten steiger troch in nije mei stielen pylons.
Toerisme
Yn 'e 21e iuw is it boathûs in Australysk ikoan wurden en in topattraksje foar toeristen dy't Perth út Aazje wei besykje. Fan juny 2019 ôf ferskynde de hashtag #blueboathouse yn tûzenen Instagram-berjochten. In CNN-artikel dat dy moanne publisearre waard, bewearde dat it boathûs de meast fotografearre reisattraksje yn Perth wie, noch foar Elizabeth Quay, St George's Cathedral en de Swan Bell Tower. Perth spends $278k on public toilet for Instagrammers, CNN Travel, 11 juny 2019, rieplachte op 16 maaie 2021. Argivearre op 16 maaie 2021. In oar artikel dat dy moanne publisearre waard op 'e webside The Conversation bewearde dat it boathûs de twadde populêrste plak yn Perth wurden wie foar toeristyske selfies en dat publisiteit op sosjale media oer it boathûs wrâldwide reklame foar Perth opsmiten hie dy't potinsjeel miljoenen dollars wurdich wie. How a humble Perth boathouse became Australia’s most unlikely tourist attraction, Theconversation.com, 20 juni 2019, geraadpleegd op 16 mei 2021
Kategory:Boathûs Kategory:Bouwurk yn Perth Kategory:Bouwurk út de 20e iuw