thumb|200px|Stânbyld fan Sigebert fan Keulen op 'e toer fan it stedhûs fan Keulen Sigebert fan Keulen, ek wol Sigebert de Lamme neamd (stoarn likernôch 508 of 509) wie kening fan de Ripuaryske Franken yn it gebiet om Zülpich (Latyn: Tolbiac) en Keulen hinne.

Libben Syn heit hiet fan Gildebert. Hy rekke nei alle gedachten ferwûne oan syn knibbel yn de Slach by Tolbiak tsjin de Alemannen yn 496. Hy stipe Klovis I, kening fan de Salyske Franken, tsjin de Fisigoaten yn de Slach by Fouillé yn 'e maitiid fan 507.

Nettsjinsteande dat er Klovis by twa eardere gelegenheden holpen hie, waard Sigebert neffens Gregoarius fan Tours op ynstigaasje fan Klovis I fermoarde troch syn soan Glodoarik, doe't syn soan moardners op him ôfstjoerde wylst in ferbliuw bûten syn keninkryk yn in bosk by Fulda. Glodoarik sei tsjin Klovis dêrnei oer de moard en bea him de moaiste skatten fan syn kreklyn urven keninkryk oan as symboal fan harren nije alliânsje.

Klovis stjoerde boadskippers om de skat te taksearjen, dy't dêrnei Glodorik fregen syn hân sa djip mooglik yn syn gouden munten te stekken. Wylst syn earm ûnderdompele wie, deaden de gesanten fan Klovis de nije kening op ferriederlike wize. Klovis ferkynde dêrnei foar it folk fan Glodorik en bearde as er skokt wie troch de moard op Sigebert. Hy sei harren ta dat de soan moardners stjoerd hie en fermoardzje syn heit, mar dat Glodorik dêrnei ek oan syn ein kommen wie. Klovis bea dêrnei syn beskerming oan oan de eardere ûnderdienen fan Sigebert en Glodoarik, en waard harren kening.

Gregoarius fan Tours suggerearre dat Glodoarik fermoarde waard by deselde fjildtocht dêr't de Frankyske kening Gararik yn om it libben kaam. Earder hie Klovis Ragnagar en syn bruorren al deade.

Nei al dy deaden stelde Gregoarius dat it Klovis him muoide dat er gjin famylje mear hie, dêr't er mei suggerearre dat er ûnder syn eigen slachtoffers neiste famyljeleden wiene. Hy sei dat net út fertriet of wroech, mar sa tajaan dat de slachtoffers bloedsibben wiene.

Kategory:Kening fan de Franken Kategory:Persoan berne yn de 5e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 508 Kategory:Persoan stoarn yn 509