Barbie is in Amerikaansk-Britske satiryske fantasykomeedzjefilm út 2023 ûnder rezjy fan Greta Gerwig, mei yn 'e haadrollen Margot Robbie en Ryan Gosling. De titel ferwiist nei de haadpersoan, dy't de bekende pop mei deselde namme is fan boartersguodmerk Mattel. It ferhaal folget Barbie en har freon Ken op in reis fan selsûntdekking wannear't se nei in eksistinsjele krisis Barbielân ferlitte en nei de echte wrâld ta geane. Fan 'e filmkritisy krige Barbie oer it algemien tige positive resinsjes en yn 'e bioskoop groeide de film út ta in reuseftich kommersjeel súkses en de meast opbringende film fan 2023. Barbie waard nominearre foar in grut tal prizen en wûn in Oscar, twa Golden Globes, trije Grammy Awards, trije Saturn Awards en twa Satellite Awards.

Plot In stereotype Barbie wennet mei alle oare Barbies en alle Kens yn Barbielân. Dêr hearsket in matriargale maatskippij dêr't de Barbies de tsjinst útmeitsje en de Kens der foar spek en beane by sitte en (ornaris om 'e nocht) yndruk besykje te meitsjen op 'e Barbies. Wylst de ûnderskate Barbies dokter of abbekate of wittenskipster of presidinte binne, hingje de Kens de hiele dei op it strân om en beskôgje dat as harren berop. Der is ek in groep út produksje nommen modellen, dy't behannele wurde as ferskoppelingen omreden fan harren ûngewoane eigenskippen. Ien fan 'e Kens ("Strân-Ken") hâldt fan stereotype Barbie en is allinnich mar gelokkich as er by har wêze kin. Hy siket in neiere relaasje mar wit sels net hoe (in grap dy't ferwiist nei it ûntbrekken fan geslachtsorganen op Barbie- en Ken-poppen). It is lykwols in ûnbeäntwurde leafde, want Barbie wiist him ôf yn it foardiel fan oare aktiviteiten en freonskippen mei har freondinnen.

Op in jûn, wannear't se mei de oare Barbies by har thús yn har Malibu Dreamhûs in dûnsfeest hâldt, wurdt Barbie ynienen grypt troch soargen oer stjerlikens, eat dêr't se noch nea earder oer neitocht hat. De oare moarn docht bliken dat se yn ien nacht in stjonkende azem, sellulitis en platfuotten ûntwikkele hat. De soargeleaze rûtine fan har bestean en it aura fan klassike perfeksje dat alle Barbies hawwe, wurdt dêrtroch danich oantaast. Barbie beslút te rie te gean by Rare Barbie, in pop dêr't sa wyld mei boarte is, dat se skeind rekke is. Dyselde rikkemandearret har oan om nei de echte wrâld te reizgjen en it bern te sykjen dat mei har boartet, mei't dat de boarne fan har swierrichheden is. Barbie folget dy goerie op en set ôf nei de echte wrâld. Strân-Ken jout him by har troch himsels as ferstekling op 'e efterbank fan har kabriolet te ferskûljen.

Nei't se yn 'e echte wrâld arrivearje yn Venice Beach, in mondêne wyk fan Los Angeles, falle Barbie en Ken fan 'e iene ferheardens yn 'e oare. Se hiene har nea foarstelle kinnen dat der in oarsoartige maatskippij bestie as dy fan Barbielân, mar fan in matriargale maatskippij is yn Kalifornje gjin sprake. Barbie jout in fint dy't oan har sit in klap yn it gesicht, wêrnei't sy en Ken arrestearre wurde troch de plysje. Se binne al rillegau wer op frije fuotten, en Barbie beslút dat harren klean te seksy binne, dat se nimt Ken mei nei in kleanwinkel dêr't se oare (mar noch hieltyd tige seksy) klean oandogge. It docht bliken dat se gjin jild hawwe om foar de oankeapen te beteljen, dat se beslute de klean te stellen, mei as gefolch dat se jitris arrestearre wurde en fannijs koarte tiid fêstsitte.

Op basis fan 'e beide arrestaasjes wurdt de FBI him gewaar fan it bestean fan Barbie en Ken. De federale resjerzje meldt by boartersguodfabrikant Mattel dat der twa fan harren poppen frij omrinne. De algemien direkteur fan Mattel skrikt dêr bot fan, om't him it "Skipper-ynsidint noch net fergetten is (wêrby't ien fan 'e út produksje nommen modellen, Skipper, yn 'e echte wrâld bedarre en de boel op stelten sette). Der wurdt sadwaande ynset op 'e finzenname fan Barbie en Ken.

Barbie spoart har eigneresse op, dat it teenagefamke Sasha blykt te wêzen. As se Sasha op har middelbere skoalle opsiket, jout dy har sokke skerpe krityk foar it oanfiterjen fan ûnreälistyske skientmestanderts, dat Barbie yn triennen by har wei flechtet. Fuort letter wurdt se oppikt troch in team befeiligingslju fan Mattel en ôffierd nei it haadkantoar fan it bedriuw. Ken sjocht ûnderwilens syn eagen út en leart oer it patriargaat dat yn 'e echte wrâld hearsket, wêrby't manlju de tsjinst útmeitsje. Hy fielt foar it earst yn syn bestean dat minsken respekt foar him hawwe. Hy reizget werom nei Barbielân, dêr't er foar de oare Kens it patriargaat preket en harren oantrunet om him te helpen en pas dat prinsipe ek ta yn Barbielân.

By Mattel ûntdekt Barbie dat har eksistinsjele krisis net feroarsake is troch Sasha, mar troch har mem Gloria, dy't de sekretaresse fan 'e algemien direkteur is. Sy hat de poppen bewarre dy't Sasha fuortdwaan woe en is dêr út nostalgy mei begûn te boartsjen wylst se dûnkere emoasjes en tinzen hie. De algemien direkteur, de finansjeel direkteur en de oare direksjeleden fan Mattel, dat allegearre manlju binne, besykje Barbie yn in ferpakking te stopjen om har werom te stjoeren nei it fabryk foar werfabrikaazje, mar Barbie hat it krekt op 'e tiid troch en spilet fan ruten. Op har flecht troch it haadkantoar moetet se in âldere frou mei de namme Ruth, dy't har helpt om út te naaien. Bûtendoar wurdt se oppikt troch Gloria en in ûnwillige Sasha, dy't har yn 'e auto oan har efterfolgers helpe te ûntkommen.

In entûsjaste Gloria en in wat langer wat minder tsjinnige Sasha reizgje mei Barbie nei Barbielân ta, mar dêr oankommen blykt neat te wêzen sa't Barbie it efterlitten hie. De Kens hawwe yn 'e tuskentiid de macht oernommen en de oare Barbies yndoktrinearre om ûnderhearrige rollen oan te nimmen, lykas dy fan reewillige faam, liddige húsfrou en iverige húshâldster. Barbie besiket de oare Barbies oer te heljen om wer ûnôfhinklike froulju te wurden, mar rekket depressyf as har dat net slagget. Wannear't Gloria útfart oer de inoar tsjinsprekkende standerts dêr't froulju yn 'e echte wrâld oan achte wurde te foldwaan, helpt dat Barbie wer by de wâl op. Se beseft dat Gloria it fermogen hat om ta de oare Barbies troch te kringen. Mei help fan Rare Barbie en de út produksje nommen modellen begjinne Barbie, Gloria, Sasha en Allan (in soarte fan anty-Ken dêr't mar ien model fan útbrocht is) de oare Barbies ien foar ien te ûntfieren om harren harsenspieling ûngedien te meitsjen.

Neitiid manipulearje de Barbies de Kens sadat dy ûnderling slaande deilis reitsje. Dat liedt harren ôf fan harren doel om 'e manlike superioriteit yn 'e grûnwet fan Barbielân op te nimmen fia in referindum wêrby't inkeld de Kens stimrjocht hawwe. Tsjin 'e tiid dat de Kens útfochten binne, hawwe de Barbies de macht wer stevich yn 'e hannen en is de maatskippij werombrocht ta de status quo ante. Mei't se no sels ûnderdrukking ûnderfûn hawwe, beslute de Barbies tenei de Kens en de ôfwikende modellen better te behanneljen. Barbie en Ken fermoedsoenje har mei-inoar en ûntskuldigje har foarinoaroer foar misstappen út it ferline. Mar Barbie sjocht noch altyd gjin takomst foar harren tegearre. Wannear't Ken him beklaget oer wat der sûnder har moat, fiteret se him oan om in selsstannige identiteit te finen, los fan har.

Barbie, dy't noch altyd net wis is fan wa't sy sels is, moetet Ruth wer, de âldere frou dy't har earder yn it haadkantoar fan Mattel holpen hat. Dat blykt de geast fan Ruth Handler te wêzen, de betinkster fan Barbie en ien fan 'e oprjochters fan Mattel. Sy leit oan Barbie út dat har ferhaal gjin fêste ein hat en dat se sels kieze kin wat se mei har bestean dwaan wol. Wannear't Barbie oanjout in libbene frou wurde te wollen, warskôget Ruth har dat se dêrmei ek foar in úteinlik ferstjerren kiest. Barbie nimt dat lykwols op 'e keap ta. Nei't se ôfskie nommen hat fan Ken, de oare Barbies en alle oare bewenners fan Barbielân, reizget Barbie mei Gloria en Sasha (dy't ûnderwilens ta in bettere mem-dochterrelaasje kommen binne) werom nei de echte wrâld. Net folle letter sette Gloria, har man en Sasha Barbie ôf by in gebou dêr't se nei binnen giet en harsels oankundiget as "Barbara Handler". It docht bliken dat se dêr foar har earste ôfspraak by de gynekolooch is.

Rolferdieling

haadrollen personaazje         akteur/aktrise stereotype Barbie Margot Robbie strân-Ken Ryan Gosling

byrollen personaazje akteur/aktrise Gloria America Ferrera Sasha Ariana Greenblatt fertelster Helen Mirren algemien direkteur fan Mattel Will Ferrell rare Barbie Kate McKinnon Ruth Handler Rhea Perlman rivaal-Ken Simu Liu Allan Michael Cera presidinte Barbie Issa Rae skriuwster Barbie Alexandra Shipp natuerkundige Barbie Emma Mackey dokter Barbie Hari Nef basketbal-Ken Kingsley Ben-Adir stereotype Ken Scott Evans keunstner Ken Ncuti Gatwa Aaron Dinkins Connor Swindells finansjeel direkteur fan Mattel Jamie Demetriou man fan Gloria Ryan Piers Williams Midge Emerald Fennell FBI-agint Ray Fearon Barbie Video Girl Mette Towley mem dy't Ken om 'e tiid freget Lauren Holt abbekate Barbie Sharon Rooney rjochter Barbie Ana Cruz Kayne sjoernaliste Barbie Ritu Arya diplomate Barbie Nicola Coughlan Mattel-wurknimmer Asim Chaudhry Skipper Erica Ford "Growing Up" Skipper Hannah Khalique-Brown Teen Talk Barbie Marisa Abela seemearmin Barbie Dua Lipa (cameo) seemearman Ken John Cena (cameo) Proust Barbie Lucy Boynton Sugar Daddy Ken Rob Brydon (cameo) Earring Magic Ken Tom Stourton (cameo) de jonge Sasha Geneviève Toussaint

Produksje en distribúsje Produksje It idee om in live-actionfilm te meitsjen op basis fan 'e populêre pop Barbie fan boartersguodfabrikant Mattel waard mids 1980-er jierren al ûntwikkele by filmstudio Cannon Films. It kaam der lykwols nea fan. Yn 2009 sleat Mattel in oerienkomst mei Universal Pictures, mar ek dat late nearne ta. Yn 2014 kaam der lykwols einlings en te'n lêsten beweging yn it projekt doe't Mattel in kontrakt foar it meitsjen fan in film sleat mei Sony Pictures. Der waard in senario skreaun en werskreaun, der waard nei in regisseur socht en akteurs waarden oanlutsen.

Komédiënne Amy Schumer waard yn desimber 2016 frege foar de titelrol en hja soe ek ynspraak yn it skript krije. Yn maart 2017 ferliet se it projekt alwer. Yn earste ynstânsje wiet Schumer dat oan it feit dat se y.f.m. har oare wurk te min tiid foar de nije film hie, mar yn 2023 joech se ta dat it te krijen hie mei mieningsferskillen oer it skript tusken harsels en de produsinten. Neitiid wie der sprake fan dat Anne Hathaway de rol fan Barbie spylje soe, mar dat rûn op 'e non doe't de opsje op 'e filmrjochten, dy't Sony Pictures nommen hie, yn oktober 2018 ôfrûn.

Mattel hie ûnderwilens foar de film in eigen filmstudio optuge, Mattel Films. Dat bedriuw sleat doe in nije oerienkomst mei Warner Bros. De produsinten by dy studio woene de Australyske aktrise Margot Robbie as Barbie hawwe, en Patty Jenkins kaam koart yn byld as regisseur. Ynon Kreiz, de algemien direkteur fan Mattel, en Robbie Brenner, it haad fan Mattel Films, wiene ûnder de yndruk fan sawol Margot Robbie har fysike likenis mei in Barbiepop, as fan har ideeën foar de film. Robbie rekke sadwaande net inkeld as haadrolspylster, mar ek as produsinte by de film belutsen, en sy wie it dy't foarstelde om Greta Gerwig as regisseur te freegjen. Robbie makke sels it earste kontakt mei Gerwig.

Gerwig wurke úteinlik op basis fan in senario dat skreaun wie troch harsels en har man Noah Baumbach. As produsinten wiene Robbie Brenner, Margot Robbie, har man Tom Ackerley en David Heyman by it projekt belutsen foar de filmstudio's Warner Bros., Mattel Films, LuckyChap Entertainment fan Margot Robbie, Heyday Films fan David Heyman en NB/GG Pictures. Dêrmei wie Barbie in ynternasjonale ko-produksje tusken de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk. Foar de film wie in budget beskikber fan $145 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Rodrigo Prieto, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Mark Ronson en Andrew Wyatt.

Opnamen