Oppenheimer is in Amerikaansk-Britske histoaryske biografyske film út 2023 ûnder rezjy fan Christopher Nolan. De film is foar in diel yn swart-wyt útfierd. De haadrollen waarden fertolke troch Cillian Murphy en Robert Downey jr., mei Emily Blunt, Matt Damon en Florence Pugh yn 'e wichtichste byrollen. De titel ferwiist nei de haadpersoan, de Amerikaanske natuerkundige J. Robert Oppenheimer, dy't lieding joech oan it Manhattanprojekt dat yn 'e Twadde Wrâldoarloch de earste atoombom ûntwikkele. Hy wurdt dêrom ek wol de "Heit fan 'e Atoombom" neamd. De film waard basearre op 'e biografy American Prometheus fan Kai Bird en Martin J. Sherwin.
De film folget Oppenheimer fan syn studintejierren ôf troch syn jierren as heechlearaar oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley en as sympatisant fan 'e Kommunistyske Partij fan de Feriene Steaten oant en mei syn belutsenens by it Manhattanprojekt. Nei ôfrin fan 'e oarloch hat er spyt fan wat syn wapen oanrjochte hat by it Atoombombardemint fan Hiroshima en Nagasaki, en wurdt er in pasifist. Hy besiket de ûntwikkeling fan fierdere massaferneatigingswapens ôf te remjen en komt yn konflikt mei de ambisjeuze, wraaksuchtige politikus Lewis Strauss, dy't der yn 1949 foar soarget dat Oppenheimer útsletten wurdt fan 'e Amerikaanske wapenprogramma's en sa syn ynfloed ferliest.
Oppenheimer krige fan 'e filmkritisy oer it algemien tige loovjende resinsjes. De film die it yn 'e bioskopen ek kommersjeel tige goed en groeide út ta de op twa nei meast opbringende film fan 2023. Oppenheimer wûn de Oscar foar Bêste Film en seis oare Oscars, de Golden Globe foar Bêste Film – Drama en fjouwer oare Golden Globes, in Grammy Award, trije Screen Actors Guild Awards, sân BAFTA's, fjouwer Saturn Awards, fjouwer Satellite Awards en in breed ferskaat oan oare prizen.
Plot Yn 'e 1920-er jierren folget in jonge Amerikaan fan Joadsk komôf, Robert Oppenheimer ("Oppie" foar syn freonen) in stúdzje natuerkunde. Mei't er him spesjalisearje wol yn kwantumfysika, in foarm fan natuerkunde dy't yn syn heitelân net ûnderwiisd wurdt, moat er om utens. Hy studearret earst oan 'e Universiteit fan Cambridge, yn Ingelân, ûnder Patrick Blackett, en makket syn stúdzje ôf oan 'e Universiteit fan Göttingen, yn Dútslân. Yn dy tiid reizget er hiel Jeropa troch en komt er yn 'e kunde mei in protte oare natuerkundigen, ûnder wa Isidor Rabi, in oare Amerikaan fan Joadsk komôf, mei wa't befreone rekket, en de Dútser Werner Heisenberg.
Nei't er weromkeard is nei de Feriene Steaten set Oppenheimer as heechlearaar de fakulteit foar kwantumfysika op oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley, wêrmei't er syn heitelân op syn fakgebiet by de tiid bringt. Yn Berkeley, ûnder de reek fan San Francisco, rekket er befreone mei oare heechlearaars, lykas de natuerkundige Ernest Lawrence en de taalkundige Haakon "Hoke" Chevalier. Guon fan dyselden, ûnder wa Chevalier, binne lid fan 'e Kommunistyske Partij fan 'e Feriene Steaten (CPUSA). Oppenheimer wurdt sels gjin lid fan 'e CPUSA, mar sympatisearret wol mei in protte stânpunten fan 'e partij en jout fia de CPUSA jild oan 'e Spaanske republikeinen, dy't fan 1936 ôf yn 'e Spaanske Boargeroarloch tsjin 'e faksisten fan generaal Franco stride.
Op it mêd fan persoanlike relaasjes slacht Oppenheimer mei ferskate froulju om, wêrfan't guon troud binne. Dat jout him de reputaasje fan in rokkejager. Hy kriget op in stuit in yntinse seksuele relaasje mei de (net troude) kommunistyske psychologe Jean Tatlock, dy't oanhâldt oant er de biologe Kitty Puening moetet. Kitty is op dat stuit troud mei har trêde man, mar Oppenheimer begjint in oerhuorrige relaasje mei har. Wannear't Kitty swier rekket, skiedt se halje-trawalje fan har man om te wertrouwen mei Oppenheimer.
Oan it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch wurdt yn 'e Feriene Steaten fan oerheidswegen in wapenprogramma opset dat rjochte is op 'e ûntwikkeling fan 'e atoombom. Dêr wurdt o sa geheimsinnich oer dien. Ernest Lawrence wurdt deryn behelle, mar Oppenheimer, omreden fan syn kommunistyske sympatyen, net. Nei't nazy-Dútslân yn 1941 de Sovjet-Uny binnenfallen is, en de Feriene Steaten yn 'e oarloch behelle wurde troch de Japanske Oanfal op Pearl Harbor, binne de Amerikanen en de Russyske kommunisten bûnsgenoaten. Underling wantrouwen bliuwt bestean, mar de eangst dat nazy-Dútslân, dêr't Heisenberg lieding jout oan in eigen atoomprogramma, as earste in atoombom ûntwikkelje sil, makket dat Oppenheimer syn eftergrûn minder wichtich wurdt. Yn 1942 wurdt er sadwaande troch kolonel (letter generaal) Leslie Groves frege om te helpen by it Amerikaanske atoomprogramma, dat de koadenamme 'it Manhattanprojekt' hat.
Oppenheimer kriget de lieding oer it projekt. Hy stelt foar en bring de belutsen wittenskippers (en har gesinnen) byinoar yn in nij te bouwen doarp yn 'e woastyn fan Nij-Meksiko, dat Los Alamos komt te hjitten. Rabi wegeret syn meiwurking om't er net dielnimme wol oan 'e ûntwikkeling fan in massaferneatigingswapen, hoewol't er yn in letter stadium wol helpt yn 'e hoedanichheid fan adviseur. Foar de wittenskippers dy't wól gearkloftsje yn Los Alamos is it wrakseljen om mei-inoar troch ien doar te kinnen. Ego's botse, de hollen wurde hjit, benammen as der technologyske tsjinslaggen binne, wylst it Amerikaanske Leger, dat it tafersjoch hat, de boel dreger makket troch te stean op in protokol fan kompartemintalisearring, wêrby't de iene hân net wit wat de oare docht, om sa foar te kommen dat der dingen út it wapenprogramma útlekke kinne nei de Dútsers of de Russen. Oppenheimer en Groves hawwe lulke konfrontaasjes oer de lakse hâlding fan Oppenheimer foar befeiliging oer en de linkse ideology fan in protte fan it personiel dat er oanlûkt. Dêrby komt noch dat er sels troch gâns emosjonele opskuor giet wannear't Jean Tatlock nei in koarte oplibbing fan harren relaasje selsmoard docht.
Yn juny 1945 kapitulearret nazy-Dútslân, mar de oarloch mei Japan giet troch. Guon fan 'e wittenskippers dy't oan it Manhattanprojekt wurkje, fine dat it programma no wol opheft wurde kin, mei't Japan gjin eigen nukleêr wapenprogramma hat en der dus gjin gefaar is dat Japan earder in atoombom ûntwikkelje soe as de Feriene Steaten. Mar it Amerikaanske regear is fan miening dat de ynset fan in atoombom de oarloch tsjin Japan oansjenlik ferkoartsje en dêrmei in protte libbens fan Amerikaanske militêren rêde kin. It Manhattanprojekt giet dêrom troch en in test fan in lytse plutoaniumbom wurdt opset foar mids july, in pear dagen foarôfgeande oan 'e Konferinsje fan Potsdam, dêr't presidint fan 'e Feriene Steaten Harry Truman de Britske premier Clement Attlee en Sovjet-lieder Josef Stalin moetsje sil. De test, dy't de bynamme Trinity hat, is in grut súkses. Op basis dêrfan wurde yn Los Alamos twa atoombommen klearmakke, dy't begjin augustus brûkt wurde foar it Atoombombardemint fan Hiroshima en Nagasaki. Dêrop kapitulearret Japan en is de oarloch foarby.
Oppenheimer is no yn 'e Feriene Steaten in nasjonale held en nei bûten ta beart er as stiet er alhiel efter de ynset fan 'e atoombommen tsjin Japan. Mar temûk wurdt er tramtearre troch skuldgefoelens oer de hûnderttûzenen boargerdeaden dy't yn Hiroshima en Nagasaki fallen binne. Hy wurdt pasifist en besiket presidint Truman safier te krijen dat dy it nukleêr wapenprogramma fan 'e Feriene Steaten opheffe sil, mar Truman stegeret him ôf. Ynstee wurdt besletten om it wapenprogramma op te fieren foar de ûntwikkeling fan in noch folle destruktivere wetterstofbom, wêrmei't metropoalen as New York of Moskou yn ien klap fan 'e ierdboaiem fage wurde kinne. Underwilens slagget it de Sovjet-Uny om mei súkses in eigen atoombom te testen, foar in diel op basis fan 'e ynformaasje dy't trochspile is troch de spion Klaus Fuchs, in Dútsk-Joadske natuerkundige mei de Britske nasjonaliteit dy't troch Oppenheimer nei Los Alamos ta helle wie. Dat makket de Amerikanen allinnich mar mear wisberet om in wetterstofbom te ûntjaan.
Oppenheimer beslút syn mienings tenei foar him te hâlden en syn grutte ynfloed te brûken om it Amerikaanske wapenprogramma fan binnenút ôf te remjen. Dat wurdt him net yn tank ôfnommen troch de fûleindige antykommunisten dy't it no yn Washington, D.C. foar it sizzen hawwe. It is de tiid fan 'e saneamde Reade Panyk en it mccarthyisme, liedend ta de ferfolging fan kommunisten en sosjalisten yn 'e Feriene Steaten. Oppenheimer syn jongere broer Frank en syn protezjee Giovanni Lomanitz, allebeide treflike natuerkundigen, wurde fan eltse universiteit yn 'e Feriene Steaten útsletten. Syn freon, de taalkundige Hoke Chevalier, moat sels yn ballingskip om utens gean. Oppenheimer sels hat ûnderwilens in machtige fijân makke yn 'e foarm fan skout-by-nacht b.tsj. Lewis Strauss, de foarsitter fan 'e Atoomenerzjykommisje (AEC). Dyselde is in ambisjeus en wraaksuchtich politikus, dy't troch Oppenheimer in kear yn it iepenbier foar gek set is en dat nea fergetten is.
Strauss spant gear mei rabiate antykommunisten dy't in hekel hawwe oan Oppenheimer, ûnder wa de abbekaat en politikus William L. Borden en generaal-majoar Kenneth Nichols. Dy lêste, dy't haad befeiliging wie yn Los Alamos, spilet op fersyk fan Strauss it persoanlik dossier fan Oppenheimer troch oan Borden. Op basis fan 'e ynformaasje út dat dossier stelt Borden in brief oer Oppenheimer op wêryn't er him derfan beskuldiget altyd al in spion foar de Sovjet-Uny west te hawwen. Dat brief wurdt yn 1949 nei J. Edgar Hoover stjoerd, de direkteur fan 'e FBI.
Sa komt der in baltsje oan it rôljen, sadat Strauss fierder mei de saak kin. Hy soarget derfoar dat der gjin rjochtsaak komt, want dan soene de falske beskuldigings bewiisd wurde moatte. Ynstee wurde der besletten harksittings holden om te beslissen oft de feilichheidsmachtiging fan Oppenheimer ynlutsen wurde moat of net. As dat barre soe, ferliest Oppenheimer al syn ynfloed en mei er neat mear mei it wapenprogramma te dwaan hawwe. Hy soe dan ek yn ien klap wurkleas wêze. Oppenheimer, syn frou Kitty, generaal Groves en ferskate natuerkundigen tsjûgje op 'e harksittings foar in trijekoppige kommisje dy't troch Strauss fol troppe is mei antykommunisten. De ûnderfreger, Roger Robb, is yn alles útsein namme in iepenbier oanklager en skûlet mei Strauss ûnder ien tekken. It resultaat soe perfoarst in showproses neamd wurde kinne as it net sa strang geheim holden waard. Nei harksittings dy't moannen duorje, ferliest Oppenheimer syn feilichheidsmachtiging en dêrmei eltse ynfloed dy't er op it Amerikaanske wapenprogramma útoefenje kin.
Neitiid ûntwikkelet de Feriene Steaten de wetterstofbom, stipe troch de fijannen fan Oppenheimer, lykas Strauss en Borden en ek de natuerkundige Edward Teller, mei wa't Oppenheimer yn Los Alamos jierrenlang gearwurke hat. Fiif jier nei't Oppenheimer bûtensletten is troch tadwaan fan Strauss, besiket dy lêste om minister fan Hannel te wurden. Yn it politike systeem fan 'e Feriene Steaten is it sa dat de presidint lju foar ministersposten nominearret, mar dat de Amerikaanske Senaat de ministers beneamt nei't de ministerskandidaat ûnderfrege is om syn geskiktens te beoardieljen. Strauss wurdt sadwaande troch in kommisje fan senators oan 'e tosk field yn in iepenbiere harksitting. Hy hat der alle fertrouwen yn dat er beneamd wurde sil, mei't it (doe) frijwol nea foarkaam dat in ministerskandidaat ôfwiisd waard. Wannear't der lykwols tsjûgen heard wurde, docht bliken dat Oppenheimer yn Amerikaanske akademyske fermiddens noch altyd op hannen droegen wurdt en dat de rol fan Strauss yn syn delfal noch net fergetten is. Strauss rispet no wat er sels siedde hat. Natuerkundige David L. Hill makket Strauss syn wraaksucht en ûnderhânskens iepenbier en de Senaat ferwiist syn kandidatuer foar minister fan Hannel nei de foddekoer, wêrmei't yn 'e praktyk in ein komt oan syn politike karriêre.