De keningsgier (Sarcoramphus papa) is in fûgel út de famylje fan 'e gierfûgels fan de Nije Wrâld (Cathartidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 as Vultur papa publisearre troch Carl Linnaeus. De fûgel hat in lingte fan 71 oant 85 sm, in wjukspanne fan 180 oant 200 sm en in gewicht fan 3 oant 4,5 kg.
Skaaimerken thumb|left|Kop fan 'e keningsgier. De krêftige snaffel is read mei swart en hat in readgiele fleizige kaam (karunkel). De kop is tige kleurich mei reade, oranje, grize en swarte tinten. Om it ljochte each is in reade eachring. De rest fan it lichem is foar it grutste part wyt oant ljochtgriis, wylst de slachpinnen en de sturt swart binne. De fariaasjes yn it kleurige gesicht jouwe ynformaasje oer leeftyd, status en sûnens oan soartegenoaten. De keale krop spilet in wichtige rol by de balts. De wjukken binne tige breed en de sturt is relatyf koart. Der is gjin ferskil yn uterlik of grutte tusken de mantsjes en de wyfkes.
Fersprieding De keningsgier libbet yn 'e reinwâlden en beamsavannes fan it leechlân yn Midden- en Súd-Amearika. Ek yn berchstreken oant op in hichte fan 1200 meter wurdt de fûgel oantroffen.
Iten Mei syn krêftige snaffel kin de keningsgier alle soarten ies ferwurkje, ek fan bisten mei in tsjokke of stive hûd. Oare gieren wachtsje faak oant de keningsgier it deade bist stikken skuord hat. Njonken ies fangt er somtiden ek libbene proaien, lykas mûzen, lytse fûgels en hagedissen.
Libbenswize thumb|left|Keningsgier yn 'e flecht. Keningsgieren libje yn pearkes of lytse groepen fan maksimaal fiif yndividuen. By grutte karkassen kinne ferskate groepen byinoar komme, sadat der soms wol fyftich fûgels tagelyk sjoen wurde. Yn tichtbegroeide gebieten is dizze soarte foar it opspoaren fan ies faak ôfhinklik fan 'e kalkoengier of de readkopgier, dy't in poerbêst rookfermogen hawwe. Meastentiids sit de keningsgier op in útstekkende tûke yn 'e beamtoppen of sweeft er boppe de beammen op 'e strún nei fretten.
By it iten is de keningsgier kwetsber foar grutte rôfdieren lykas de jagûar en de pûma. Troch syn grutte lichem kin de fûgel net fluch fan 'e grûn loskomme. Hy is hast folslein ôfhinklik fan termyk om te fleanen en slacht allinne by hege need mei de wjukken.
Fuortplanting It nêst wurdt boud yn hege beammen, meastentiids mear as twintich meter boppe de grûn. De peartiid en it brieden falle meastentiids yn 'e drûge tiid. It wyfke leit meastentiids ien aai, dat brutsen wyt fan kleur is mei readbrune plakjes. Beide âlden briede om bar en bringe it jong tegearre grut. Nei sawat 56 dagen komt it aai út. It jong wurdt fuorre mei iten dat út it krôp fan 'e âlden opkoarre wurdt. De pyk bliuwt meastentiids by de âlden oant it folgjende briedseizoen.
Status Hoewol't der gjin krekte gegevens binne oer de populaasjetrend, wurdt der op ferskate plakken yn it ferspriedingsgebiet in tebekgong waarnommen. Benammen yn Meksiko, Hondoeras, Kolombia, it noarden fan Ekwador en Paraguay liket it oantal keningsgieren werom te rinnen. De krekte oarsaken binne net folslein dúdlik, mar it ferlies fan leefgebiet spilet dêrby nei alle gedachten in grutte rol.
Dêrfoaroer liket de populaasje yn lannen as Brazylje en Bolivia stabyl te wêzen. Om't it grutste part fan 'e wrâldpopulaasje yn Brazylje libbet, wurde de ôfnames oan 'e rânen fan it ferspriedingsgebiet foar in part opfongen troch de stabiliteit yn it kearngebiet. Dochs wurdt der op basis fan 'e lokale ôfnames fan útgien dat de totale wrâldpopulaasje in lichte tebekgong sjen lit.
Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de keningsgier de status net bedrige (Least Concern), al nimt it oantal ôf troch it ferdwinen fan habitat.
Kategory:Keningsgier Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla