De swarte gier (Coragyps atratus), ek wol ravengier neamd, is in rôffûgel út 'e famylje fan 'e gierfûgels fan de Nije Wrâld (Cathartidae). Dizze soarte hat in grut ferspriedingsgebiet oer de beide Amerikaanske kontininten. Yn syn leefgebiet wurdt er ûnder oare zopilote negro, gallinazo, urubu of zoncho neamd.

Skaaimerken thumb|left|Fûgel yn Kolombia. De fûgel hat in lingte fan 58 oant 69 sm en in wjukspanne fan 130 oant 152 sm. It gewicht leit meastal tusken de 2 en 2,7 kg. De swarte gier is in hast hielendal swarte fûgel mei in donkergrize kop en nekke mei in soad tearen. De snaffel en de poaten binne relatyf swak; de poaten binne mear bedoeld om op te rinnen as om proaien mei te gripen. Skaaimerkend binne de brede wjukken mei in wyt útein (allinne de slachpinnen) en in koarte, rjocht ôfsniene sturt. Der is gjin dúdlik ferskil yn uterlik tusken de mantsjes en de wyfkes. Se kinne yn it wyld likernôch twintich jier âld wurde.

Fersprieding De swarte gier hat in grut ferspriedingsgebiet dat rint fan it súdeasten fan 'e Feriene Steaten (likernôch fan 'e New Jersey oant Nebraska), oer hiel Midden-Amearika en de Kariben, oant it sintrale diel fan Súd-Amearika (Sily en it noarden fan Argentynje).

De swarte gier hâldt him meastal op yn 'e waarmere gebieten. De fûgel is foaral te finen yn leechlânsgebieten en wurdt komselden boppe de 2500 meter yn 'e Andes oantroffen. Yn it easten fan 'e Feriene Steaten is de lêste desennia in dúdlike útwreiding fan it ferspriedingsgebiet nei it noarden ta te sjen.

De swarte gier kin him maklik oanpasse en is dêrtroch in algemiene soarte yn ferskate biotopen, lykas bosken, kustgebieten, savannes en stedsgebieten. Tichte reinwâlden en hege berchgebieten wurde yn 'e regel mijd.

Ekology Lykas as de readkopgier (kalkoengier) yt de swarte gier fral ies en minsklik ôfeart. It is de minst tiere fûgel fan alle Amerikaanske gieren. Se binne echte kultuerfolgers en dogge it goed by fiskmerken, slachthuzen en jiskebulten. Troch ferbettere hygiëne en it begraven fan dead fee wurdt it iten yn bewenne gebieten somtiden minder, mar oan sneldiken fine se in soad slachtoffers fan it ferkear. Dêrnjonken ite se ek palmnuten, fruit, aaien en lytse bisten lykas ynsekten en hagedissen. thumb|left|Swarte gier mei iepen wjukken. Swarte gieren libje yn grutte groepen en binne de meast sosjale soarte fan alle Amerikaanske gieren. Benammen yn bewenne streken foarmje se groepen fan bytiden wol hûnderten fûgels. Se fine harren fretten útslutend mei de eagen. Om't se sels hast net rûke kinne, folgje se faak readkopgieren nei in karkas. Hoewol't se lytser binne, binne swarte gieren tige bretaal; troch harren grutte oantal jeie se faak oare iesiters by in karkas wei. Allinne foar de grutte keningsgier hawwe se respekt. By sinnich waar nei de rein wurde se faak sjoen mei de wjukken wiid útinoar spraat om te drûgjen.

thumb|Aai. As nêst brûke se faak in holle beam of in rotsnaad. It wyfke leit twa oant trije aaien, dêr't beide âlden om bar op briede. Nei 32 oant 41 dagen komme de aaien út. De jongen wurde fuorre mei opkoarre iten út it krop fan 'e âlden. Nei sawat tsien wiken ferlitte de jonge fûgels foar it earst it nêst.

Status De swarte gier hat op 'e Reade list fan 'e IUCN de status net bedrige. Hoewol't de ûnwikkeling fan 'e wrâldpopulaasje ûnbekend (unknown) is, liket de soarte yn dielen fan Noard-Amearika syn ferspriedingsgebiet út te wreidzjen.

Kategory:Swarte gier Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla