Helmut Sick (Leipzig, 10 jannewaris 1910 – Rio de Janeiro, 5 maart 1991) wie in Dútsk-Brazyljaanske ornitolooch, dy't ien fan 'e meast útsûnderlike saakkundigen op it mêd fan Brazyljaanske fûgels wie. Brazyljanen joegen him de bynamme Sicki.

Libben en wurk Helmut Sick wie fan jongs ôf fassinearre troch fûgels. Doe't er 18 wie waard er lid fan 'e "Feriening fan Saksyske Ornithologen" (Verein sächsischer Ornithologen) en mei 21 jier fan 'e Dútske Ornithologyske Feriening (Deutschen Ornithologen-Gesellschaft). Yn 1933 ferhuze er nei Berlyn en yn 1936 sette er útein mei de stúdzje ornitology ûnder Erwin Stresemann. Syn dissertaasje, publisearre yn it Journal für Ornithologie yn 1937, wie in stúdzje oer de funksjonele morfology fan 'e struktuer fan fearren.

Nei in suggestje fan Stresemann, ûndernaam er yn 1939 in ekspedysje nei Brazylje om de readsnaffelhokko (Crax blumenbachii) te bestudearjen, in ekspedysje dy't oarspronklik trije moannen duorje soe. Helmut Sick die dêrnei fierder ûndersyk yn 'e Brazyljaanske steaten Espírito Santo, Rio de Janeiro en Mato Grosso, en libbe yn ûnderdûk yn Espírito Santo oant 1942. Nei't Brazylje yn 1942 de oarloch oan Dútslân ferklearre, waard Sick fêstset. Hy waard yn 1945 frijlitten, mar bleau yn Brazylje. Yn 1947 waard er lid fan 'e American Ornithological Society (AOU). Helmut Sick waard yn 1952 Brazyljaansk steatsboarger.

Yn 1957 waard syn boek Tukaní oer de earste suksesfolle geografyske en ornitologyske ekspedysje nei Sintraal-Brazylje (Mato Grosso, Pará) yn 1943 publisearre en dat waard tige bekend. Fan 1946 ôf begelate Sick, as meiwurker fan 'e Fundaçao Brasil Central (FBC), in troch de oerheid sponsore organisaasje oprjochte yn 1943 om sintraal Brazylje te ferkennen, dizze ekspedysje, dy't de rin fan 'e Rio Roncador, de Río Xingú en de Rio Tapajós folge. Mear as 500 fûgelsoarten waarden opnij klassifisearre, en ferskate lânseigen stammen waarden ûntdutsen dy't noch libben as yn 'e stientiid, ûnbemurken troch de bûtenwrâld. Yn 1960 ferhuze Sick nei it Museu Nacional da Universidade Federal do Rio de Janeiro, dêr't er de ornitologyske ôfdieling late oant syn pinsjoen yn 1981.

Sick syn wichtichste fokus lei lykwols op 'e stúdzje fan 'e indigo ara (Anodorhynchus leari). Nei in syktocht dy't hast 25 jier duorre (1954–1979) en fiif ekspedysjes, seagen professor Sick en syn tiim de earste Indigo ara's yn it wyld op 10 jannewaris 1979 yn Raso da Catarina, yn it noarden fan 'e steat Bahia. De soarte wie earder 120 jier allinnich bekend fia finzen eksimplaren en fearren.

Yn 1984 waard syn twadielige magnum opus, Ornitologia Brasileira (Ingelske edysje: Birds in Brazil: A Natural History, 1993), publisearre. Mei 1.635 beskreaune fûgelsoarten is it ien fan 'e meast wiidweidige fjildgidsen foar Braziliaanske fûgels. It boek waard skreaun yn gearwurking mei José Fernando Pacheco, Jürgen Haffer, en Herculano F. Alvarenga, en yllustrearre troch Paul Barruel en John Patton O'Neill.

Wurken Sick skreau sa'n 200 wittenskiplike publikaasjes, benammen yn it Portegeesk en Dútsk, mar ek yn it Ingelsk. Hy droeg by oan 'e karriêreûntwikkeling fan jonge ornithologen en oan 'e groei fan dy dissipline yn Brazylje. Tukaní – Unter Tieren und Indianern Zentralbrasiliens bei der ersten Durchquerung von SO nach NW. Parey, Hamburg 1957. Axel Amuchástegui: Studies of birds and mammals of South America. Mit Texten von Helmut Sick. John Murray in association with The Tryon Gallery, Londen 1967. Ornitologia Brasileira. Linha Grafica Editora, Brasilia 1984, ISBN 85-230-0087-9, (portegeesk). Birds of Brazil. A Natural History. Princeton University Press, Princeton NJ 1993, ISBN 0-691-08569-2.

Kategory:Dútsk ornitolooch Kategory:Dútsk publisist Kategory:Brazyljaansk ornitolooch Kategory:Brazyljaansk publisist Kategory:Brazyljaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1991