De Bingaalske gier (Gyps bengalensis) is in giersoarte út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae), dêr't ek de earnen, mûzebiters en hauken ta hearre. Lange tiid waard tocht dat de Bingaalske gier nau besibbe wie oan de wytrêchgier (Gyps africanus), mar hjoed-de-dei wurdt oannommen dat de Bingaalske gier folle nauwer besibbe is oan 'e Jeropeeske feale gier (Gyps fulvus).
Skaaimerken thumb|left|Bingaalske gieren yn Bangladesj. De Bingaalske gier is de lytste fan 'e gieren út it skaai Gyps. De fûgels fan 'e soarte wurde 75 oant 85 sintimeter lang en binne net swierder as 4,75 kilogram. De Bingaalske gier is in typyske gier mei in keale kop, tige brede wjukken en in koarte sturt. Jonge gieren binne foar it grutste part donkerder as folwoeksen fûgels.
Fersprieding De Bingaalske gier briedt yn Yndia, Pakistan, Bangladesj en Súdeast-Aazje. Op in soad plakken yn Súdeast-Aazje is de fûgel lykwols ferdwûn en oannommen wurdt dat der noch hiele lytse populaasjes yn Kambodja en Birma binne.
Yn Súdeast-Aazje stoar de fûgel oan it begjin fan de 20ste iuw út. Om 2005 hinne die lykwols bliken dat der yn it noarden fan Birma en Kambodja noch Bingaalske gieren foarkamen.
Ekology De Bingaalske gier is in iesiter en syn fretten bestiet foar it grutste part út fleisresten fan karkassen fan deade bisten. De gier siket op grutte hichte nei syn proai, yn 'e buert fan minsklike bewenning op 'e savanne. Troch karkassen fluch op te romjen, foarkomme Bingaalske gieren de fersprieding fan syktes.
De soarte libbet faak yn pearen, al foarmje guon fûgels ek lytse koloanjes by it brieden. In pear briedt ien kear yn it jier en leit mar ien aai. Dat makket de soarte kwetsber, om't it lang duorret foardat in populaasje him wersteld hat nei in tebekslach.
Status Yn 1985 wie dizze soarte noch de meast talrike grutte rôffûgel fan 'e wrâld. De populaasjes fan 'e soarte stoarte dramatysk yn troch it medisyn diclofenac, dat brûkt wurdt foar fee. As in fûgel yt fan in karkas fan in bist dat behannele is mei diklofenak, feroarsaket dat nierfalen by de fûgel, dy't binnen in pear dagen stjert. It medisyn feroarsake yn 'e jierren 1990 in delgong fan mear as 99% fan 'e fûgel yn Pakistan en Yndia.
De hiele populaasje waard yn 2019 troch BirdLife International op noch mar 4.000 oant 6.000 folwoeksen fûgels rûsd en de populaasje-oantallen nimme noch jimmeroan fierder ôf (in ôfname mei in faktor 1000 yn 30 jier komt del op in trochsneed fan 20% yn it jier). Dêrfandinne stiet dizze soarte as krityk bedrige (CR) op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Yn 2006 ferbea Yndia it gebrûk fan diclofenac by de behanneling fan bisten. Nepal folge yn itselde jier, en Pakistan en Bangladesj wat letter. It genêsmiddel meloxicam, dat as ferfanging ûntwikkele waard, is net skealik foar gieren. Dochs kaam diclofenac letter wer op 'e merk troch yllegale hannel en waard it noch altyd brûkt by bistedokters. As reaksje dêrop ferbea Yndia alle diclofenac-produkten yn hoemannichten grutter as 3 ml (it minsklike doseringsnivo). Dat makket it middel nei alle gedachten te djoer en te ûnhandich foar gebrûk by fee.
Oare beskermingsmaatregels binne it fokken fan Bingaalske gieren yn finzenskip, it werútsetten fan gieren en it oprjochtsjen fan nêstplakken of "giererestaurants". Ek binne der gierfeilige sônes ynrjochte yn Yndia, Nepal, Pakistan en Bangladesj.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gier Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam