Sikkim is in dielsteat yn it noardeasten fan Yndia yn 'e Himalaya. It is de op ien nei lytste en de tinste befolke steat fan it lân. Sikkim grinzget yn it noarden en easten oan Tibet (Sina), yn it súdeasten oan Bûtan, yn it westen oan Nepal en yn it suden oan 'e dielsteat West-Bingalen. De steat stiet bekend om syn biologyske ferskaat, syn alpine klimaat en de Kanchenjunga, de heechste berch fan Yndia.
Geografy thumb|left|De Kanchenjunga sjoen fanút Darjeeling. It lânskip fan Sikkim wurdt folslein bepaald troch de bergen fan 'e Himalaya. Hast de hiele steat is bergeftich, mei hichteferskillen dy't fariëarje fan 280 meter yn 'e rivierdellingen oant de 8.586 meter hege Kanchenjunga. De Kanchenjunga is de op twa nei heechste berch fan 'e wrâld en wurdt troch de Sikkimezen as hillich beskôge.
De wichtichste rivier is de Teesta, dy't de steat fan noard nei súd trochsnijt en foar Sikkim tige wichtich is. Sikkim hat hûnderten alpine marren, wêrfan de Tsomgo-mar ien fan 'e meast ferneamde is.
Skiednis It Keninkryk Sikkim wie oant 1975 in ûnôfhinklik keninkryk (in monargy) ûnder de lieding fan de Chogyal-dynasty. It keninkryk waard yn 1642 stifte. Yn 'e 19e iuw waard it in protektoraat fan Britsk-Ynje.
Nei de ûnôfhinklikens fan Yndia yn 1947 bleau Sikkim in protektoraat, mar nei politike ûnrêst en in referindum yn 1975 stimde de befolking foar de ôfskaffing fan 'e monargy.
Op 16 maaie 1975 waard Sikkim offisjeel de 22ste dielsteat fan 'e Republyk Yndia.
Befolking De befolking fan Sikkim is unyk troch har mingde oarsprong. De oarspronklike bewenners binne de Lepcha's en de Bhutia's, mar hjoed-de-dei foarmje de Nepalezen de grutste etnyske groep.
+ Befolkingsûntwikkeling (1951–2011) Jier 1951 1961 1971 1981 1991 Ynwennertal 137.725 162.189 209.843 316.385 406.457 Jier 2001 2011 Ynwennertal 540.851 610.577
Religy It Boedisme spilet in enoarme rol yn it deistich libben en it lânskip fan Sikkim, al is it Hindoeïsme no de grutste religy troch de ymmigraasje út Nepal wei. Opfallend is de rappe groei fan it kristendom, dat tusken 2001 en 2011 tanaam fan 6,7% nei 9,9%. Dy groei fynt benammen plak ûnder de Nepaleeske mienskip en de lânseigen stammen.
thumb|Sai-timpel yn Namchi. thumb|It Rumtek-kleaster, ien fan de wichtichste Boedistyske kleasters. + Religy yn Sikkim Religy % (2001) % (2011) Ferskil (%) Hindoeïsme 60,9% 57,8% -3,1% Boedisme 28,1% 27,4% -0,7% Kristendom 6,7% 9,9% +3,2% Oars (Islam, Sikhisme) 4,3% 4,9% +0,6%
Grutste plakken yn Sikkim De befolking konsintrearret him benammen yn it eastlike en súdlike part fan 'e steat.
Rang Plak Distrikt Ynwennertal (2011) Funksje 1 Gangtok Gangtok 100.286 Haadstêd, kultureel sintrum 2 Upper Tadong Gangtok 22.670 Wichtich foar ûnderwiis. In saneamde census-town 3 Namchi Namchi 12.190 Haadplak fan it suden en beafeartsplak 4 Singtam Gangtok 5.868 Hannelssintrum oan 'e Teesta 5 Rangpo Pakyong 5.993 Grinsstêd en poarte nei West-Bingalen
Kultuer Sikkim hat in rike Tibetaansk-Boedistyske kultuer. Der binne mear as 200 Boedistyske kleasters (gompa's) yn 'e steat, wêrfan Rumtek en Enchey de meast ferneamde binne. thumb|left|Dûnsjende muonts op it Tibetaanske Nijjiersfeest. Hoewol't it Boedisme kwa oantallen in minderheid wurden is, binne de Boedistyske festivals noch altyd de kulturele hichtepunten fan it jier dêr't de hiele mienskip oan meidocht. Losar is it Tibetaanske Nijjiersfeest, dat meastentiids yn febrewaris falt. It is in tiid fan famyljegearkomsten en symboalyske rituelen om it kwea fan it âlde jier te ferdriuwen. De strjitten fan Gangtok wurde dan fersierd mei gebedsflaggen en der wurde spesjale dûnsen útfierd yn 'e kleasters.
Saga Dawa wurdt beskôge as de hillichste dei foar de Boedisten yn Sikkim. Op dy dei wurde de berte, de ferljochting en de dea fan 'e Boeda betocht. In hichtepunt is de grutte prosesje yn Gangtok.
Ekonomy Sikkim is de grutste produsint fan swarte kardemom yn Yndia. Dit krûd is ien fan 'e wichtichste eksportprodukten fan 'e steat. Dêrnjonken wurdt ek gember, kurkuma en fruit produsearre. Yn 2003 naam Sikkim it beslút om folslein oer te stappen op biologyske lânbou. Dat doel waard yn 2015 helle, wêrmei't Sikkim de earste biologyske dielsteat fan Yndia waard. Sûnt dy tiid is it brûken fan gemyske bestridingsmiddels en keunstdong ferbean.
Ferskillende grutte Yndiaaske farmaseutyske bedriuwen hawwe fabriken opset yn Sikkim. Dêrnjonken eksportearret de steat ek elektrisiteit troch de wetterkrêftsintrales.
De lêste jierren hat it regear fan Sikkim ek in soad ynset op it stimulearjen fan it eko-toerisme. Foar dat doel hat it regear in soad ynvestearre yn nije diken en de oanlis fan in fleanfjild, Pakyong Airport, dat yn 2018 iepene waard.
Bestjoer Sûnt 2021 hat Sikkim 6 distrikten ynstee fan 4. De âlde nammen (East, West, Noard en Súd) binne offisjeel feroare nei de nammen fan 'e haadplakken en der binne twa nije distrikten (Soreng en Pakyong) tafoege. It bestjoer sit yn Gangtok.
Distrikt Haadplak Lokaasje Inw. (2011) Oerflak (km²) Gangtok (foarhinne East-Sikkim) Gangtok 60px|center 281.293 954 Mangan (foarhinne Noard-Sikkim) Mangan 60px|center 43.354 4.226 Namchi (foarhinne Súd-Sikkim) Namchi 60px|center 146.742 750 Gyalshing (foarhinne West-Sikkim) Gyalshing 60px|center 136.299 1.166 Pakyong (nij sûnt 2021) Pakyong 60px|center * * Soreng (nij sûnt 2021) Soreng 60px|center * * * De ynwennertallen fan Pakyong en Soreng binne by de folkstelling fan 2011 noch ûnderdiel fan Gangtok en Geyzing.
Natoer In grut part fan 'e steat is beskerme natoergebiet.
Nasjonaal Park Khangchendzonga thumb|De reade panda, it steatsdier fan Sikkim. It wichtichste park is it Nasjonaal Park Khangchendzonga, dat likernôch 35% fan it oerflak fan 'e steat beslacht. It stiet op 'e UNESCO-Wrâlderfgoedlist as in mingd erfgoed (sawol natoer as kultuer).
Sikkim hat mear as 500 soarten orgideeën en 11 soarten fazanten. Yn 'e steat komme de seldsume sniepanter foar en de Tibetaanske wolf. It nasjonale dier fan Sikkim is de reade panda.
Kategory:Steat yn Yndia Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1975