West-Bingalen is in dielsteat yn it easten fan Yndia. De steat leit oan 'e Golf fan Bingalen. It is de op trije nei folkrykste steat fan it lân en ien fan 'e meast tichtbefolke regio's op 'e wrâld. De steat is ferneamd om syn rike kulturele en yntellektuele skiednis, de teeplantaazjes fan Darjeeling en de delta fan 'e Ganges.
Geografy West-Bingalen hat in hiel ferskaat lânskip. Yn it uterste noarden lizze de súdlike útrinners fan 'e Himalaya, mei de berch Sandakphu (3.636 m) as heechste punt. Súdlik dêrfan leit de fruchtbere flakte fan 'e Ganges, dy't de steat fan noard nei súd trochsnijt. De Ganges komt de steat binnen út Bihar en spjaltet him by de Farakkadaam yn twaën: thumb|left|De Bhagirathi. de Hooghly (of Bhagirathi) dy't troch West-Bingalen nei it suden rint, by Kolkata lâns, en útmûnet yn 'e Golf fan Bingalen de Padma, dy't nei it easten streamt, Bangladesj yn.
Yn it suden leit de grutste rivierdelta fan 'e wrâld, de Ganges-Brahmaputra-delta. In grut part dêrfan wurdt ynnaam troch de Sundarbans, in hiel grut mangrovewâld dat op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO stiet.
Skiednis De regio Bingalen hat in lange skiednis fan machtige keninkriken en hannelskontakten. Sûnt de 16e iuw waard it ien fan 'e rykste provinsjes fan it Mogolryk. thumb|left|Lord Clive moetet Mir Jafar nei ôfrin fan 'e Slach by Plassey(Francis Hayman). Yn 'e 18e iuw waard Bingalen it sintrum fan 'e Britske macht yn Yndia nei de Slach by Plassey (1757). De Britske East-Yndyske Kompanjy makke fan Kalkutta (no Kolkata) harren besjoerlike sintrum. Oant 1911 wie Kolkata de haadstêd fan hiel Britsk-Ynje.
West-Bingalen (en doe benammen Kalkutta) makke yn 'e 19e en iere 20e iuw in grutte kulturele en yntellektuele herfoarming mei. Dat wurdt de Bingaalske Renêssânse neamd. Fral de skriuwer Raja Ram Mohan Roy krewearre foar fernijing en hy wurdt ek wol de "heit fan 'e Bingaalske Renêssânse" neamd. Hy stribbe nei de ôfskaffing fan gewoanten lykas sati (it ferbaarnen fan 'e widdo mei har ferstoarne man), polygamy, it bernehoulik en it kastesysteem. Yn 1828 stifte hy de Brahmo Sabha, in monoteïstyske beweging foar sosjale ferheffing, tsjin sosjale misstannen en byleauwe en ôfgoaderij yn it hindoeïsme. thumb|left|Gieren en liken yn 'e strjitten fan Kalkutta nei de rellen fan 1946. By de oanrin nei de ûnôfhinklikens fan Yndia rôp de Muslim League op 16 augustus 1946 de Direct Action Day út om de eask foar in aparte moslimsteat (Pakistan) krêft by te setten. Wat as in politike staking ornearre wie, rûn yn Kalkutta út op in ferskriklike útbarsting fan religieus geweld. Yn fjouwer dagen fan moardzjen en brânstifting kamen neffens rûzing 4.000 oant 10.000 minsken om it libben. De stêd feroare yn in slachfjild. Dat geweld ferneatige it fertrouwen tusken de mienskippen en feroarsake de opspjalting fan Bingalen yn 1947. Wylst de rest fan Yndia op 15 augustus 1947 de ûnôfhinklikens fierde, wie West-Bingalen yn rou en panyk. Miljoenen minsken flechten yn ferskillende weagen (1947-1948, 1950, 1964, 1971) oer de nije grins. Fan East-Pakistan (it hjoeddeiske Bangladesj) flechten hindoe's nei West-Bingalen en oarsom flechten moslims fan West-Bingalen nei East-Pakistan.
Wylst in soad moslims yn Kalkutta bliuwe koene om't de stêd nei de rellen relatyf feilich bleau troch Gandhi's syn fêstjen, wie it foar hindoes yn Eastpakistaanske doarpen faak dreger om te bliuwen om't East-Pakistan him jimmeroan mear as in islamityske steat profilearre. De flechtlingen út East-Pakistan soargen foar in ûnbidige groei fan 'e Westbingaalske stêden, dy't har troch it regear yn New Dehli yn 'e steek litten fielden. Dat ferklearret ek de reden wêrom't it kommunisme dêr sa grut wurde koe en dat linkse partijen dêr 34 jier lang efterinoar regearje koene.
Befolking West-Bingalen is in kulturele smeltkroes mei in hege befolkingstichtens. De mearderheid fan 'e befolking is Binaalsk. De Bengalen binne grutsk op harren taal en literatuer; de earste Aziatyske Nobelpriiswinner foar de Literatuer, Rabindranath Tagore, kaam út dizze steat.
+ Befolkingsûntwikkeling (1951–2011) Jier 1951 1961 1971 1981 1991 Ynwennertal 26.300.000 34.926.279 44.312.011 54.580.647 68.077.965 Jier 2001 2011 Ynwennertal 80.176.197 91.276.115
Religy thumb|Timpel yn Dakshineswar. thumb|Moskee Chawk Masjid yn Murshidabad thumb|Sint-Pauluskatedraal, Kolkata. De religieuze gearstalling is histoarysk bepaald troch de lokaasje op 'e grins fan 'e islamityske en hindoeïstyske wrâld. Tusken de hindoe- en moslimmienskip is de lêste jierren de polarisaasje wer tanommen. By Ram Navami (in hindoefeest) en somtiden by de Muharram (in moslimbetinking) binne der de lêste jierren (lykas yn 2018, 2022 en 2023) ferskate kearen rellen útbrutsen yn plakken lykas Asansol, Howrah en Rishra.
+ Religy yn West-Bingalen Religy % (2001) % (2011) Ferskil (%) Hindoeïsme 72,5% 70,5% -2,0% Islam 25,2% 27,0% +1,8% Kristendom 0,6% 0,7% +0,1% Oars (Boedisme, Sikhisme, ensfh.) 1,7% 1,8% +0,1%
Kultuer thumb|left|Teeplantaazjes yn Darjeeling. In hiel spesifyk Bingaalsk ferskynsel is de Adda. Dat is in ynformele, oerenlange sosjale gearkomste dêr't minsken oer alles en noch wat diskusjearje.
It grutste religieuze en kulturele festival fan 'e steat is Durga Puja, wêrby't de goadinne Durga fereare wurdt mei prachtige tydlike timpels (pandals).
De teeplantaazjes yn 'e Himalaya-heuvels produsearje guon fan 'e djoerste en meast wurdearre teesoarten fan 'e wrâld.
Bestjoer De steat is ferdield yn 23 distrikten. Kolkata is it lytse distrikt wat oerflak oanbelanget, mar wol it distrikt mei de heechste befolkingstichtens. De polityk yn West-Bingalen hat in lange skiednis fan in lofts oriïntearre bestjoer; fan 1977 oant 2011 waard de steat regearre troch de Kommunistyske Partij, it langste keazen kommunistyske regear yn 'e wrâld.
Distrikt Haadplak Lokaasje Inw. (2011) Oerflak (km²) Alipurduar Alipurduar 60px|center 1.491.250 3.387 Bankura Bankura 60px|center 3.596.674 6.882 Birbhum Suri 60px|center 3.502.404 4.545 Cooch Behar Cooch Behar 60px|center 2.819.086 3.387 Dakshin Dinajpur Balurghat 60px|center 1.676.276 2.219 Darjeeling Darjeeling 60px|center 1.846.823 3.149 Hooghly Chinsurah 60px|center 5.519.145 3.149 Howrah Howrah 60px|center 4.850.029 1.467 Jalpaiguri Jalpaiguri 60px|center 3.872.846 6.227 Jhargram Jhargram 60px|center 1.136.548 3.038 Kalimpong Kalimpong 60px|center 251.642 1.045 Kolkata Kolkata 60px|center 4.496.694 185 Malda English Bazar 60px|center 3.988.845 3.733 Murshidabad Baharampur 60px|center 7.103.807 5.324 Nadia Krishnanagar 60px|center 5.167.600 3.927 North 24 Parganas Barasat 60px|center 10.009.781 4.094 Paschim Bardhaman Asansol 60px|center 2.882.031 1.603 Paschim Medinipur Midnapore 60px|center 5.913.457 6.308 Purba Bardhaman Bardhaman 60px|center 4.835.532 5.433 Purba Medinipur Tamluk 60px|center 5.095.875 4.736 Purulia Purulia 60px|center 2.930.115 6.259 South 24 Parganas Alipore 60px|center 8.161.961 9.960 Uttar Dinajpur Raiganj 60px|center 3.007.134 3.140
Natoer thumb|left|Sundarban. West-Bingalen is ien fan 'e meast tichtbefolke gebieten op 'e wrâld, mar hat dochs in ferrassend grut ferskaat oan natoergebieten.
Nasjonale parken thumb|In reade panda yn it Nasjonaal Park Neora Valley. thumb|Bingaalske tiger yn it Nasjonaal Park Sundarban. It Nasjonaal Park Sundarbans is it grutste en meast ferneamde park yn West-Bingalen. Yn it park dat ûnder UNESCO-Wrâlderfgoed falt, libbet de Bingaalske tiger. It park bestiet út grutte mangrovewâlden op 'e grins mei de see. It Nasjonaal Park Jaldapara leit yn 'e delling fan 'e rivier de Torsa yn it noarden. Dit park is ferneamd fanwegen de grutte populaasje Yndyske noashoarns. It Nasjonaal Park Gorumara leit ek yn it noarden (de Dooars-regio) en is relatyf lyts, mar hiel ryk oan wyld, lykas oaljefanten, noashoarns en lytse panters. It Nasjonaal Park Buxa leit tsjin de grins mei Bûtan. It hat in tige ryk ekosysteem en tsjinnet as in wichtige korridor foar oaljefanten dy't tusken Yndia en Bûtan hinne en wer swalkje. It heechlizzende Nasjonaal Park Neora Valley bestiet út tichte begroeiing is dit ien fan 'e seldsume plakken dêr't de reade panda noch libbet. It Nasjonaal Park Singalila is it heechst lizzende park fan 'e steat en leit op 'e grins mei Nepal. It is populêr by trekkers om it útsicht op 'e Kanchenjunga en de Mount Everest.
Kategory:Steat yn Yndia Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1947