thumb|Koetshûs bûtenpleats Duin en Daal Abraham Nicolaas Godefroy (Amsterdam, 12 augustus 1822 - dêre, 29 desimber 1899) wie in Nederlânske arsjitekt.

Godefroy waard yn 1822 berne as Abraham Nikolaas Smit. Yn 1840 wurdt syn efternamme feroare yn Godefroy. Erkend as wetlik bern fan Jean Jaques Godefroy en Maria Elisabeth Keurling (boarne geboorteakte d.d. 14 augustus 1822) Hy begûn syn karriêre yn 1838 by de ôfdieling Stedelijke Bouwwerken fan Amsterdam. Hy waard al direkt yn it oprjochtingsjier (1842) lid fan de Maatschappij tot Bevordering der Bouwkunst, dêr't er boppedat fan 1862 oant 1867 foarsitter fan wie. Fan 1845 oant 1850 wie er wurksum op it arsjitekteburo fan Isaäc Warnsinck. Fan 1851 ôf wurke er as arsjitekt yn Amsterdam.

Foarbylden fan syn wurk 1849-1851 Rotterdam: Koninklijke Nederlandsche Yachtclub (no: Wrâldmuseum Rotterdam), Willemskade 25 1849-1851 Gorinchem: Herfoarme Tsjerke (tegearre mei syn learmaster Isaäc Warnsinck) 1854-1856 Amsterdam: Nieuwe Waalse Kerk, Keizersgracht 676 1856-1856 Bloemendaal: koetshûs op bûtenpleats Duin en Daal 1856 Amsterdam: Seemanshûs 1868-1870 Amsterdam: Kreamfrouljusklinyk, Oude Turfmarkt 125

Sjoch ek List fan Nederlânske arsjitekten

Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Persoan berne yn 1822 Kategory:Persoan stoarn yn 1899