Naberezjnye Tsjelny (Russysk: Набережные Челны; Tataarsk: Yar Çallı) is in grutte yndustrystêd yn 'e Russyske republyk Tatarije. De stêd leit oan 'e rivier de Kama en is nei de haadstêd Kazan de grutste stêd fan 'e regio. Skiednis De delsetting waard yn 1626 stifte ûnder de namme Tsjelninski Bereg (Russysk: Челнинский Берег). It groeide stadichoan út as in regionaal hannelsplak oan de rivier. Yn 'e 19e iuw wie it in wichtich sintrum foar de nôthannel. De stêd hat sûnt 1930 stedsrjochten.

De grutte groei fan 'e stêd sette yn 'e jierren 1960 útein. It Sovjetregear naam doe it beslút om dêr in ûnbidich fabrykskompleks foar frachtweinen te bouwen. Fanwegen dy yndustrialisaasje eksplodearre it ynwennertal: yn 1960 wennen der noch gjin 20.000 minsken, mar yn 1980 wiene dat der al mear as 300.000. thumb|left|KamAZ-frachweinen. Tusken 1982 en 1988 hie de stêd de namme Brezjnev, neamd nei de ferstoarne Sovjetlieder Leonid Brezjnev. Nei protesten fan 'e ynwenners krige de stêd yn 1988 syn oarspronklike namme werom.

Stedsyndieling Naberezjnye Tsjelny is bestjoerlik ûnderferdiend yn trije distrikten (rajony): Avtozavodski (Автозаводский): it noardeastlike diel, neamd nei de autofabryk KamAZ. Tsentralny (Центральный): it sintrale distrikt mei de measte kommersjele aktiviteit en it Azatlyk-plein. Komsomolski (Комсомольский): it âldere, súdwestlike diel fan de stêd dat ticht by de Kama-daam leit.

Ekonomy De ekonomy fan Naberezjnye Tsjelny wurdt folslein behearske troch de masineyndustry. De stêd is ferneamd as de thúsbasis fan KamAZ (Kamsky Avtomobilny Zavod), ien fan 'e grutste produsinten fan swiere frachtweinen. KamAZ is ek tige súksesfol yn 'e motorsport en hat de Dakar-rally al tsientallen kearen wûn. Njonken de auto-yndustry is der in grutte wetterkrêftsintrale yn 'e Kama-daam en binne der ferskate bedriuwen yn 'e fiedselferwurking en boumaterialen.

Befolking De befolking bestiet foar it grutste part út Tataren en Russen. De offisjele talen binne Tataarsk en Russysk. Dat makket de stêd in moetingspunt fan ferskillende kultueren, wat ûnder oare werom te sjen is yn 'e oanwêzigens fan sawol otterdokse tsjerken as moskeeën.

Untwikkeling befolking Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002Ynwenners 1.000 4.000 9.400 19.103 37.923 301.381 500.309 509.870Jier 2010 2015 2020 2024Ynwenners 513.193 524.444 533.839 545.750

Sport Op sportgebiet is de fuotbalklub FK KAMAZ de bekendste fertsjintwurdiger fan 'e stêd.

Kategory:Plak yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Plak stifte yn 1626 Kategory:Plak yn Tatarstan