De readkoppappegaaiamandine (Erythrura psittacea) is in lytse fûgel út de famylje fan 'e prachtfinken (Estrildidae). It is in endemyske soarte op it eilân Nij-Kaledoanje yn 'e Stille Oseaan. Troch syn opfallende kleuren en libbene karakter is it in populêre fûgel yn 'e avikultuer.

Ferskining thumb|left|Readkoppappegaaimadine. De readkoppappegaaiamandine is likernôch 11 oant 12 sm lang. De fûgel hat in felreade kop, kiel en boppekant fan it boarst. Ek de sturt en de sturtdekfearren binne read. De rest fan it lichem is gersgrien. De snaffel is koart, stevich en swart fan kleur. De poatsjes binne griisbrún. Der is mar in lyts ferskil tusken mantsjes en wyfkes. It mantsje is faak wat feller fan kleur, wylst it wyfke wat fletser wêze kin en bytiden in lytser read masker hat. By de wyfkes ûntbrekke meastentiids de reade fearkes om 'e cloaca hinne, dy't it mantsje wol hat. Jonge fûgels binne hast hielendal grien mei in donkere snaffel; it reade masker komt nei it earste ferfearjen foar it ljocht.

Fersprieding en leefgebiet De fûgel komt yn it wyld allinne foar op Nij-Kaledoanje, benammen op it haadeilân Grande Terre en it eilân Île des Pins. Se libje dêr oan 'e rânen fan tropyske reinwâlden, yn iepen bosken, savannes mei strûken en ek yn tunen en op lânbougebieten. Se wurde faak sjoen yn groepen op syk nei iten op 'e grûn of yn it hege gers.

Hâlden en dragen It binne tige beweeglike en aktive fûgels. Se foerazjearje benammen op gerssied, mar ite ek lytse ynsekten en fan fruit. Yn 'e briedtiid bouwe se in bolfoarmich nêst fan gers, woartels en kokostried, faak yn dichte strûken of holtes yn beammen. In lechsel bestiet út 3 oant 6 wite aaikes, dy't yn 13 oant 14 dagen útbred wurde. Status Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de readkoppappegaaiamandine klassifisearre as 'net bedrige' (Least Concern). Hoewol't it ferspriedingsgebiet beheind is, wurdt de populaasje as stabyl beskôge en binne der gjin grutte bedrigings foar de soarte yn it wyld. Avikultuer Yn 'e avikultuer stiet dizze soarte bekend as in fûgel dy't maklik te hâlden is. In betingst is dat er genôch romte hat om te fleanen. De soarte is freedsum foar oare fûgels oer. Der binne ferskillende kleurmutaasjes bekend, wêrfan de 'seegriene' fariant de meast bekende is. Se hawwe ferlet fan in ferskaat dieet fan tropysk sied, grienfoer en yn 'e kweek aaitwyt en libbene ynsekten.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Pappegaaiamandine Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje