In metanagram is in taalpuzel dêr't de oplossing fan bestiet út fiif wurden, dy't allegear anagrammen fan inoar binne útsein in letter, dy't fan wurd ta wurd feroaret en respektyflik ien fan de fiif klinkers is. It spul is net sa gongber, mei fanwege de swierrichheid om goede foarbylden te finen.

Ta yllustraasje de fiif wurden ' 'earst - etser - strie - stoer - steur ' ', wêrby't alle wurden de letters S, T, E, R befetsje; de fiifde letter is respektyflik A, E, I, O, U.

In oar (Italiaansk) foarbyld is sa:

Metanagram (10 / 2,8 / 3,7 / 2,8 / 2,8): generalità / il teenager / ali integre / le giornate / un tagliere.

Fariant In fariant fan it metanagram is de wurdpiramide, dy't gearstald is út it oergean fan it iene wurd nei it oare troch it anagrammearjen derfan en it tafoegjen of fuortheljen fan in letter. Op dy wize kinne hiele rigen wurden konstruearre wurde op basis fan omskriuwings.

Kategory:Taalpuzel