Waltger fan Fryslân, ek Waltger fan Teisterbant, (Walgerus of Waldger) (870 - nei alle gedachten 936) wie yn it begjin fan de 10e eeuw goagreve fan Teisterbant. Hy hat nei alle gedachten tusken 898 en 914 syn heit opfolge. (2016), Strijd om West-Frisia. De ontstaansgeschiedenis van het graafschap Holland: 900-1100, Omniboek, Utert, siden 202-203.
Skiednis Waltger wie in soan fan greve Gerulf fan West-Frisia (stoarn tusken 898 en 914) en in broer fan Durk I fan West-Frisia.Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek (NNBW) diel 6, side 1309: Waldger of Waltgar, graaf in de gouwen Lake et Isla, Niftarlake, de Vechtstreek en Teisterbant Gerulf wurdt sjoen as de stamheit fan de lettere greven fan Hollân, de saneamde Gerulfingen. (1978), Van heerlijkheid tot landsheerlijkheid, side 41 Waltger boaske Alberade fan Kleef, de dochter fan greve Boudewyn fan Teisterbant en widdo fan greve Reinier fan de Maasgoa (stoarn ein 915)., In kringen van de kanunniken, Munster en de kapittels in het bisdom Utrecht 695-1227, 2002, siden 153, 160-163. Hy hie in soan Redbad (Radboud of Radbod).
Nei it ferstjerren fan syn heit urve er in tal lienguod besteande út de goaen of greefskippen Nifterlake (Utert), Isel en Lek en Teisterbant (fan Flaardingen oant Tiel). Tiel wie dêr de wichtichste sted fan. Dy gebieten hie syn heit bemachtige nei de dea fan Godfryd de Seekening. (2016), Strijd om West-Frisia. De ontstaansgeschiedenis van het graafschap Holland: 900-1100, Omniboek, Utert, side 22.
Troch it Ferdrach fan Ribemont yn 880 waard it Hartochdom Loataringen, dêr't Frisia de jure part fan wie, in hartochdom fan it Eastfrankyske Ryk. Om't ek de kening fan it Westfrankyske Ryk dêr oanspraak op meitsjen bleau, moast greve Waltger algeduerigen tusken alletwa foarsten hinne maneuvelje de macht te bemachtigjen. Hy besocht yn it sintrale rivieregebiet in eigen greefskip te kreëearjen om it opkommende hannelsplak Tiel hinne. Dat late ta spannings mei Everhard Saxo, greve fan Hamalân. Lang om let waard Everhard yn 898 by in jachtpartij troch Waltger fermoarde., In kringen van de kanunniken, Munster en de kapittels in het bisdom Utrecht 695-1227, 2002, side 150 Der is oppenearre dat it in wraakaksje wie foar de moard troch Everhard Saxo op Godfryd de Seekening, dochs dat is wol fierwei socht.Gelderse adel druk 2 Adel en ridderschap in Gelderland p. 15, Ansfried en Dirk, twee namen uit de Nederlandse geschiedenis van de 10e en 11e eeuw p. 69 (2009), De afstamming van de Hollandse graven, De Nederlandsche Leeuw 126-2, 29 - 39, digitale ferzje: www.keesn.nl/graven. Yn 936 wie Waltger belutsen by de slach tsjin keizer Otto I de Grutte. Waltger, graaf van Teisterbant. In: Biografisch Woordenboek van Tiel, diel 6, Vereniging Oudheidkamer voor Tiel en Omstreken, Tiel, 2013, siden 137-140.
thumb|left|Plakette by de eardere Sint-Walburchtsjerke yn Tiel Waltger hie naue bannen mei biskop Redbad fan Utert Friese graafschappen tussen Zwin en Wezer, side 67. Gingen de Utrechtse bisschoppen Hunger, Odilbald en Radbod vanwege de Noormannen in ballingschap? yn Jaarboek Oud-Utrecht 2003 side 57 en stifte yn of justjes nei it jier 916 yn Tiel it kleaster en de tsjerke fan Sint-Walburch. (2016), Strijd om West-Frisia. De ontstaansgeschiedenis van het graafschap Holland: 900-1100, Omniboek, Utert, side 201-202. De Dútske kening koe oer de tsjerke beskikke yn it foardiel fan it biskopssit yn Utert.Bijdragen en mededelingen Gelre 1954, diel LIV. S. Gouda Quint - D. Brouwer en soan, Arnhim, siden 87-88 Yn 950 kamen tsjerke en kleaster yn it besit fan de biskop fan Utert en waard it Sint-Walburchkompleks in wichtich tsjerklik sintrum. Doe't der sels wûnders oan de hillige Walburga taskreaun waarden, waard Tiel ek in beafeartplak.Mijn Gelderland: Monnikken en Ridders in Tiel, argivearre. Biskop Adelbold II hat om 1000 hinne de Sint-Walburchtsjerke weropboud.
Kategory:Hûs fan Hollân Kategory:Frysk greve Kategory:Nederlânske adel Kategory:Tiel Kategory:Skiednis fan Súd-Hollân Kategory:Skiednis fan Gelderlân Kategory:Persoan berne yn 870 Kategory:Persoan stoarn yn 936