De Goede Wike (ek wol Stille Wike, Hillige Wike of Lijenswike neamd; Latyn: Hebdomas Sancta of Hebdomas Maior) is yn it kristendom de namme foar de wike wêryn't it lijen, stjerren en de ferrizenis fan Jezus betocht wurdt. It binne de lêste dagen fan 'e Fjirtichdagentiid, dy't mei Jiskewoansdei begjint.
Liturgy en betsjutting De Goede Wike en Peaske wurde oer it generaal as de wichtichste liturgyske heechtijdagen beskôge; al wurdt Kryst, teminsten yn it Westen, troch it folk faak útbundiger fierd. De Goede Wike hat as swiertepunt it saneamde Triduum Sacrum, dat bestiet út de trije betinkingsdagen Wite Tongersdei, Goed Freed en Stille Sneon.
Dêr't de Tridentynske ritus brûkt wurdt, duorret de passytiid noch in wike langer, om't dêr al in wike earder mei it lêzen fan it lijensferhaal útein set wurdt, nammentlik op Passysnein (de snein foar Palmpeaske).
Easterske otterdoksy Eastersk-otterdokse tsjerken brûke faak de Juliaanske kalinder foar de bepaling fan Peaske, wêrtroch't de otterdokse Goede Wike en Peaske faak op oare data falle as yn it Westen.
Oersjoch fan 'e Goede Wike De kalinder fan 'e Goede Wike mei de barrens neffens de Hillige Skrift.
datum yn joadendom* liturgyske kleur** kristlike beneaming barren beskreaun yn tradysjes / bysûndere gewoanten*** 10 nisan read Palmpeaske Jezus kaam Jeruzalim yn op in ezelsfôle. De minsken leinen mantels op 'e grûn en swaaiden mei palmtûken. Mattéus 21:1-11; Markus 11:1-11; Lukas 19:28-40; Johannes 12:12-18 • Prosesjes troch tsjerken.• Bern meitsje krusen dy't mei hoannen en linten fersierd binne.• Nije palmtûkjes wurde oer de hûskrusifiksen stutsen. 11 nisan pears Hillige Moandei Jezus giet nei de timpel en jaget de hannelers derút. De figebeam wurdt ferflokt. Mattéus 21:12-22; Markus 11:12-19; Lukas 19:45-48 • Yn guon lannen prosesjes mei ikoanen.• Dei fan stilte en refleksje. 12 nisan pears Hillige Tiisdei Jezus jout ûnderwiis yn 'e timpel, fertelt likenissen en sprekt oer syn werkommen. Mattéus 21–25; Markus 11–13; Lukas 20–21 • Liturgyske lêzingen en besinning oer de lear en warskôgingen fan Jezus.• Yn guon tsjerken ekstra lêzingen en gebeden. 13 nisan pears Hillige Woansdei Plannen fan it Sanhedrin om Jezus te deadzjen. Judas Iskariot beslút Him te ferrieden. Salving yn Betanië Mattéus 26:1-16; Markus 14:1-11; Lukas 22:1-6 • As tarieding op 'e trije hillige dagen waard eartiids foar it oanbrekken fan it Triduum Sacrum (de trije hillige dagen) hûshimmele, sadat alle smoargens op 'e tiid it hûs út wie. Ek waarden wol krûden sammele om it hûs fris rûke te litten. 14 nisan wyt Wite Tongersdei Lêste jûnsmiel, ynstelling fan it Nachtmiel, fuotten waskje (Johannes). Nei it miel: gebed yn Getsemane en arrestaasje. Mattéus 26; Markus 14; Lukas 22; Johannes 13–18 • Klokken swije oant Peaskesnein, soms nimme rattels de funksje fan klokken of beltsjes oer.• Altaren en krusifiksen wurde mei doeken oerdutsen.• Wat blinkt of skynt yn 'e tsjerke (lykas kandlers) wurdt ferwidere.• Fuotwaskjen fan learlingen of parochianen (yn guon tsjerken praktysk útfierd).• Kommuny of jûnsmiel.• De tsjinst einiget sûnder ôfsluting mei de segen. Nei de paaswake op Stille Sneon wurdt de tsjinst wer ôfsletten mei de segen. 15 nisan read Goed Freed Feroardieling troch Pilatus, krusiging en dea fan Jezus, begraffenis troch Joazef fan Arimatéa. Mattéus 27; Markus 15; Lukas 23; Johannes 18–19 • It bidden fan 'e krúswei.• Stille prosesjes mei ikoanen• Soberens, gjin fleis ite.• Lêzingen fan it passyferhaal• Yn katolike lannen is de muzyk op 'e radio ynbannich en klassyk. 16 nisan wyt Stille Sneon of Peaskesneon Jezus leit yn it grêf. Wachters by it grêf (Mattéus). Folgelingen hâlde sabbat. Mattéus 27:62–66; Lukas 23:56 • Dei fan rou en ôfwachtsjen.• Paaswake: oergong fan dea nei libben en it binnendragen fan 'e nije peaskekears.• Ein fan 'e fêsteltiid. 17 nisan wyt (of goud) Peaskesnein Opstanning fan Jezus. Mattéus 28; Markus 16; Lukas 24; Johannes 20 • Feestlike fieringen, prosesjes, alle kearsen baarne.• Feestlik miel• Beskilderjen fan aaien. (*) De joadske dei begûn by sinne-opgong, dus hjir en dêr wike de data ôf fan 'e dagen yn it kristendom. (**) Guon dagen kinne meardere liturgyske kleuren ha. Foar Goed Freed kin bygelyks ek foar swart of pears keazen wurde. De toande kleuren yn 'e tabel binne de liturgyske kleuren dy't yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke brûkt wurde.www.katholiek.org: Vieren > Liturgie > Liturgische kleuren.
(***) De oan 'e dagen ferbûne tradysjes kinne tusken tsjerken en regio's ferskille. Yn Spanje binne bygelyks yn 'e "Semana Santa" tige grutte prosesjes troch strjitten mei pasos (swiere grutte bylden) en nazarenos (minksen yn boetekleed mei puntkappen), dy't oer de hiele wrâld bekend binne.
Kategory:Kristlike hjeldei Kategory:Tsjerklik jier