Sachéus (Hebriuwsk: זכאי, Zakkai) is in bibelsk persoan út it Nije Testamint. Hy wie in haadtolgarder yn 'e stêd Jericho. Sachéus is foaral bekend om syn lytse postuer en syn radikale bekearing nei in moetings mei Jezus.

It ferhaal fan Sachéus Sachéus wie in ryk man, mar hy waard troch syn eigen folk ferachte. As tolgarder wurke er foar de Romeinske besetter en tolgarders stiene derom bekend dat se faak tefolle jild foar eigen gewin easken. Doe't Jezus troch Jericho kaam, woe Sachéus Him ek graach sjen, mar fanwegen de grutte kloft en syn lytse postsuer slagge dat net.

Om Jezus dochs te sjen, rûn hy foar de groep út en klom yn in wylde figebeam dy't oan 'e rûte stie. Doe't Jezus dêr foarby kaam, seach Er omheech en rôp Sachéus út de beam nei ûnder om 't Jezus by him te gast wêze woe. De omstanners hienen dêr in soad krityk op, om't hja fûnen dat Jezus net by in sûnder op besite gean koe.

De bekearing De moeting mei Jezus feroare it libben fan Sachéus folslein. Under de yndruk fan 'e genede dy't him toand waard, die hy in grutte tasizzing. Hy ûnthiet de helte fan syn besit oan 'e earmen te jaan. Boppedat sei hy ta dat er elkenien dy't er ôfset hie it fjouwerfâldich werombetelje soe. Jezus andere dêrop dat oer it hûs fan Sachéus it heil kommen wie, de Minskesoan wie ommers kommen om te sykjen en te behâlden wat ferlern wie.

Betsjutting De namme Sachéus betsjut suver of skjin. Yn 'e kristlike tradysje stiet Sachéus symboal foar it feit dat gjinien te fier ôfdwaald is om troch God fûn te wurden. It ferhaal ûnderstreket ien fan 'e kearntema's fan it Lukas-evangeelje: Jezus kaam om te sykjen en te rêden wat ferlern wie.

Kategory:Persoan yn it Nije Testamint Kategory:Persoan berne yn de 1e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 1e iuw Kategory:Joadsk persoan yn de Romeinske Tiid