De gielkroankanarje (Serinus flavivertex) is in lytse fûgel út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae). It is in fûgel fan East- en Súdlik Afrika.
Ferskining De gielkroankanarje is likernôch 11 oant 13 sm lang. It mantsje is opfallend giel en grien. De namme komt fan 'e felle, giele kroan. De oliifgriene rêch hat donkere streken, en de ûnderkant fan it lichem is helder giel. De wjukken en de sturt binne donker mei giele rânen. De snaffel is donkergriis oant swart en de poaten binne donkergriis.
It wyfke is doffer fan kleur. Hja hat minder giel op 'e kop en is oer it algemien mear griisgrien en swierder streke op it boarst en op 'e flanken.
Fersprieding en systematyk De gielkroankanarje komt foar yn 'e bergen fan East-Afrika, fan Etioopje en Kenia oant it noarden fan Malawy, en der is in isolearre populaasje yn Angoala. Se komme meastentiids tusken de 400 en 3.000 meter boppe seenivo foar yn iepen gebieten en op lânbougrûn.
Der wurde trije ûndersoarten ûnderskieden: Serinus flavivertex flavivertex - Eritreä oant noardlik Tanzania. Serinus flavivertex sassii – súdwestlik Uganda, súdeastlik Kongo-Kinsjasa oant súdwestlik Tanzania, noardeastlik Sambia en noardlik Malawy. Serinus flavivertex huillensis - heechlannen fan Sintraal-Angoala. Hâlden en dragen It binne sosjale fûgels dy't faak yn lytse groepen te sjen binne, soms tegearre mei oare finkfûgels. Se ite benammen it sied fan krûden en strûken, mar ek wol knoppen fan beammen en lytse ynsekten.
It komfoarmige nêst is fan moas, woartels en fearkes, boud yn 'e foarke fan in tûke. It wyfke leit meastentiids 2 oant 3 ljochtblauwe aaikes. Status De gielkroankanarje wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (Least Concern) klassifisearre. Neffens BirdLife International is de populaasje stabyl, mei't de fûgel yn syn grutte ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kanarje Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda