De swartkopkanarje (Serinus alario) is in fûgel út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae). De soarte komt foar yn 'e drûge dielen fan súdlik Afrika.

Ferskining De swartkopkanarje is likernôch 12 oant 13 sm lang. It mantsje fan 'e nomimaatfoarm hat in folslein swarte kop, kiel en boarst, in helderwite nekke en ûnderkant en in kastanjebrune rêch en wjukken. De snaffel is ljochtbrún oant hoarnkleurich en de poaten binne donkerbrún.

It wyfke hat gjin swarte kop, mar is griisbrún op 'e kop en de rêch mei streken. De karakteristike kastanjebrune kleur op e wjukken is by har ek folle doffer.

De sang is in sêft, fluch en melodieus kwetterjen mei in soad trillers, wêrby't se soms lûden fan oare fûgels neidogge.

Fersprieding De swartkopkanarje komt foar yn it suden fan Afrika, benammen yn Súd-Afrika, Namybje en it súdlikste puntsje fan Botswana. Neffens gegevens fan BirdLife International libbet de soarte fan de seespegel (0 m) oant likernôch 1.900 meter (soms oant 2.200 m yn 'e Drakensbergen). Hja hawwe in foarkar foar drûge gebieten, lykas de Karoo, strûken, tunen en lânbougrûn.

Der binne twa ûndersoarten: Serinus alario alario - westlik en sintraal Súd-Afrika en Lesoto Serinus alario leucolaemus - súdlik Namybje en noardwestlik en west-sintraal Súd-Afrika

It mantsje fan 'e nominaatfoarm hat in folslein swarte kop, kiel en boppekant fan it boarst sûnder wite ûnderbrekkings yn it gesicht, mar it mantsje fan 'e leucolaemus hat in wite wynbraustreek boppe it each, in swarte streek troch it each, in wite streek ûnder it each en in wite kiel mei in swarte snorstreek. Tusken de wyfkes binne hast gjin ferskillen te sjen en binne yn it fjild hast net útinoar te hâlden.

Earder waard de soarte yn it skaai Alario set, mar genetyske stúdzjes ha útwiisd dat de soarte besibbe is oan Serinus. De ûndersoarte leucolaemus waard earder ek as in apart soarte behannele.

Hâlden en dragen It binne fûgels dy't yn groepen ûnregelmjittich migrearje op syk nei iten en wetter. It iten bestiet út sied fan gers en krûden dy't se op de grûn fine. It lytse nêst is komfoarmich en makke fan gers en fearkes, dat goed ferstoppe sit yn in lege strûk. It wyfke leit meastentiids 2 oant 5 blau-wite aaikes mei brune plakjes. Bûten de briedtiid kinne de fûgels yn gruttere kloften oant 200 fûgels foarkomme. Status De swartkopkanarje wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (Least Concern) klassifisearre. Neffens BirdLife International is it ferspriedingsgebiet grut en wurdt de populaasjetrend as stabyl beskôge.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kanarje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje