De Levantynske kanarje (Serinus syriacus) is in lytse, seldsume fûgel út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae). It is ien fan 'e meast bedrige kanarjesoarten fan it fêstelân, dy't allinnich foarkomt yn in lyts gebiet yn it Midden-Easten.
Ferskining De Levantynske kanarje is likernôch 12 sm lang. De fûgel hat in sêft, griisbrún oant ljochtgiel fearrekleed. Oars as syn neiste sibben hat de Levantynske kanarje in folle minder streke fearrekleed. Allinnich de mantel is streke. De foarholle, de eachring, de gruttere dekveren en de rânen fan 'e binnenste wjukfearren en sturt binne heldergiel.
It wyfke is wat doffer fan kleur en mear griisbrún streke.
Fersprieding De soarte hat in beheind ferspriedingsgebiet yn 'e Levant en briedt dêr yn 'e bergen fan Syrje, Libanon, Israel en Jordaanje (foaral yn it biosfearreservaat Dana) op hichten tusken de 900 en 1.900 meter yn iepen bosken mei beammen lykas de iken, seder en jeneverbeistrûken.
Winterdeis lûke de fûgels nei legere, waarmere dielen, wêrby't guon groepen sa fier súdlik as Egypte (de Sinaï) en Saûdy-Araabje telâne komme.
Hâlden en dragen De Levantynske kanarje yt benammen it sied fan krûden en gers. De soarte is ôfhinklik fan wetterboarnen, foaral yn 'e drûge simmermoannen. It nêst wurdt boud yn beammen of strûken en it wyfke leit meastentiids 3 oant 4 ljochtblauwe aaikes. Status De Levantynske kanarje wurdt troch de IUCN op 'e Reade list klassifisearre as kwetsber (Vulnerable). De populaasje is lyts en de oantallen nimme ôf. De wichtichste oarsaken binne de oanhâldende drûchte, it ferlies fan leefgebiet troch oerbeweiding troch fee en it fangen fan 'e fûgels foar de hannel. Politike ynstabiliteit yn it gebiet makket it beskermjen fan 'e soarte dreech.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Kanarje Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje