thumb|right|Kopergravuere fan Jan Matthijs (1605-1606) Jan Matthijs (ek bekend as Jan Matthias, Johan Mathijssoan, Jan fan Haarlim) (Haarlim, om 1500 hinne - Münster, 5 april 1534) wie in garismatysk lieder fan de dopersken. Syn folgelingen beskôgen him as in profeet.

Biografy Jan Matthijs wie bakker yn Haarlim en wie om 1520 hinne troch tadwaan fan Melchior Hoffman anabaptist wurden. Hy fersteurde katolike prosesjes en preken. Yn 1528 waard syn tonge trochboarre fanwegen in sabeare godslastering tsjin de wijde hosty. Hy doopte tûzenen bekearlingen. Nei't Hoffman finzen set wie, waard Matthijs in foaroansteand lieder by de dopersken. Matthijs fersmiet it pasifisme en de teology fan de geweldleazens dy't Hoffman útdroegen hie. Matthijs wie fan miening dat by ûnderdrukking wapene ferset tastien wie.

Yn 1534 krigen de Werdopers de macht yn de Dútske stêd Munster as gefolch fan de anabaptistyske opstân. Jan fan Leien, in folgeling fan Hoffman of Matthijs, en in groep lokale keaplju, rôpen Jan Matthijs op om him by harren oan te sluten. Matthijs wiisde Münster oan as it Nije Jeruzalim. Op 5 jannewaris 1534 luts in oantal fan syn folgelingen de stêd yn en stelden de grutdoop yn. De herfoarmer Bernhard Rottmann stie dy dei it "werdopen" ta. Yn koarte tiid waarden mear as tûzen folwoeksenen fannijs doopt.

Matthijs en dy ferklearren de oarloch oan de ferdreaune biskop Franz von Waldeck dy't doe de fersterke stêd belegere. Op syn bar belegere. Op peaskesnein 1534 foarsei Matthijs dat dy dei it oardiel fan God syn beslach krije soe oan syn tsjinstanners. Yn de ferûnderstelling dat er in twadde Gideon wie, die Matthijs in útfal mei 30 folgelingen. Hy waard deadien en syn holle waard op in stôk set, sichtber foar elkenien yn'e stêd.

Literatuer (2003) - Jan Matthijs, yn: Biographisch-bibliographisches Kirchenlexikon, 21, siden 912-916

Kategory:Nederlânsk anabaptist Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk bakker Kategory:Múnster Kategory:Persoan berne yn 1500 Kategory:Persoan stoarn yn 1534