De Immedingen wiene in aadlik skaai út Saksen, dat fan de Saksyske hartoch Widukind ôfstamme. It meast bekende lid wie Matilde fan Ringelheim, de frou fan de Dútske kening Hindrik I de Fûgelder.D.J. Henstra, Friese graafschappen tussen Zwin en Wezer, side 76
Skiednis Hja wiene wichtige goeddoggers fan de tsjerke yn Saksen fan de 10e iuw; ta harren leden hearden ûnder oaren de hillige Emma fan Lesum en har broer, biskop Meinwerk "Blessed Meinwerk", lemma yn Catholic Encyclopedia (1913). Argivearre op 26 maart 2023. fan Paderborn. Matilde har beppe, Matilde I, wie abdis fan de abdij fan Herford. Om 940 hinne stifte in mooglike greve Immad fan de Immedinger dynasty in nonnekleaster yn Ringelheim yn Eastfalen. Keninginne Matilde sels skonk nei de dea fan har man yn 936 de abdij fan Quedlinburg, dêr't sy ek begroeven waard.
Neffens de Res gestae saxonicae fan de kronykskriuwer Widukind fan Corvey, wie de heit fan Matilde fan Ringelheim, de Westfaalske greve Diderik fan Ringelheim, in neikommeling fan de hartoch Widukind. In suster fan Matilde boaske greve Wichman de Aldere út it Hûs Billung. In stambeam is lykwols noch net definityf fêststeld.
Kategory:Dútsk aadlik laach Kategory:Skiednis fan Saksen