The Flash is in Amerikaanske superheldefilm en coming-of-agefilm út 2023 ûnder rezjy fan Andy Muschietti, mei yn 'e haadrollen Ezra Miller, Michael Keaton en Sasha Calle. De titel betsjut letterlik: "De Flits", en ferwiist nei de superheld mei dy namme. De film makket diel út fan 'e DC Extended Universe-searje. As sadanich folget er op Shazam! Fury of the Gods en giet er foarôf oan Blue Beetle, beide ek út 2023. It ferhaal folget Barry Allen alias The Flash, dy't nettsjinsteande goerie om soks net te dwaan weromreizget yn 'e tiid om 'e moard op syn mem ûngedien te meitsjen. It docht bliken dat er mei dy iene feroaring in totaal oare wrâld skept, wêryn't er sels fêst komt te sitten. Fan 'e filmkritisy krige The Flash oer it algemien positive resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie it mar in beskieden kommersjeel súkses. As de mânske marketingkosten meirekkene wurde, kaam de film lang net út 'e reade sifers. The Flash waard dêrom rûnom beskôge as in flop.
Plot Nei't er Bruce Wayne (alias Batman) en Diana Prince (alias Wonder Woman) holpen hat om yn Gotham City in ploech oerfallers yn te rekkenjen en kûveuzepoppen út in ynstoartend sikehûs te rêden, keart Barry Allen (alias The Flash) werom nei syn wenplak Central City. De rjochtbanksitting foar it op 'e nij besjen fan 'e feroardieling fan syn heit Henry foar de moard op syn mem Nora komt deroan. Barry is drôf, mei't er de pine en it fertriet fan 'e dea fan syn mem noch altyd net efter him litten hat, al wied er noch mar alve jier doe't dat barde.
Hy besiket it hûs dêr't er opgroeide en dêr't de moard plakfûn. Dy deis stjoerde syn mem syn heit nei de supermerk om in blik tomatepuree op te heljen dat se sels by it boadskipjen fergetten wie. Barry wie yn syn sliepkeamer en syn mem wie allinnich yn 'e koken doe't in ûnbekende* it hûs binnenkrong en syn mem deastiek. Syn heit wie dejinge dy't syn mem dea oantrof. Hy loek it mês út har wûne sadat hy mei it moardwapen yn 'e hân oantroffen en foar de dieder oansjoen waard. Troch in rjochterlike dwaling waard er ta in lange finzenisstraf feroardiele. Barry hat lykwols altyd oanholden mei te leauwen yn 'e ûnskuld fan syn heit. Hy hat in baan by it pleatslike forinsysk laboratoarium nommen om te learen en gean om mei bewiismateriaal, yn 'e hope dat er syn heit frijkrije kin. *) Troch regisseur Andy Muschietti bûten de film om identifisearre as Eobard Thawne, alias The Reverse-Flash.
Dat sil by de kommende sitting lykwols net barre, mei't it iennichste nije bewiismateriaal, in befeiligingsfilmke út 'e supermerk, syn heit wol sjen lit, mar net yn it gesicht. De ofsier fan justysje sil sadwaande perfoarst úthâlde dat dy man mei dy honkbalpet op eltsenien wol wêze kin. Oerstjoer en mismoedich siket Barry soelaas yn syn hurddraven. Diskear draaft er sa hurd, dat er ûnbedoeld yn 'e riid weromreizget nei earder dy deis. Neitiid beseft er dat er yn teory ek weromreizgje kin nei de dei fan 'e moard om syn mem te rêden. Hy leit dat plan foar oan Bruce Wayne, dy't it him sterk ûntriedt mei't omgriemen mei it ferline inkeld ta bargebiten liede kin. Wannear't Barry reägearret mei de wurden: "Mar ik kin de boel wer goedmeitsje," antwurdet Wayne: "Mar tink dy ris yn hoefolle ast stikkenmeitsje kinst."
Barry beslút dy warskôging yn 'e wyn te slaan en syn plan troch te setten. Hy reizget werom yn 'e tiid nei 2000, nei de dei fan 'e moard, besiket de supermerk op itselde momint dat syn mem dêr noch oan it boadskipjen is, en pleatst temûk in blik tomatepuree yn har winkelkarke om foar te kommen dat se it ferjit. Dat betsjut dat syn mem syn heit letter net nei de winkel hoecht te stjoeren en dus ek net allinnich wêze sil op it tiidstip dat de moard plakfynt. Wylst er yn 'e tiid foarútreizget om wer de tsjintwurdige tiid te berikken, wurdt er oanfallen troch in ûnbekende tiidreizger dy't krekt as hy de Faasjekrêft brûkt. Dyselde slacht him op in ûnbedoeld punt yn 'e tiid. Hy blykt yn 2013 arrivearre te wêzen, it jier dat er sels achttjin wie. Hy moetet dêr syn mem libben en wol en syn heit dy't nea yn it tichthûs sitten hat, en is útskroeven dat syn plan krekt útpakt hat sa't er it bedoelde.
Barry docht him foar syn âldelju foar as syn achttjinjierrige sels, mar it spul wurdt yngewikkeld as syn op keamers wenjende, achttjinjierrige sels sels thúskomt om mem de wask dwaan te litten. Hy moat himsels wol yn fertrouwen nimme oer wat der geande is. It docht bliken dat syn jongere ik in bloedyrritante, arrogante klier is, mei't er nea de tsjinrampen yn syn libben kend hat dêr't de âldere Barry mei omgean moatten hat. It slimste is foar de âldere Barry noch dat syn jongere sels de soarch fan harren mem, dy't er sels al sa lang misse moatten hat, net wurdearret. Dan beseft de âldere Barry ynienen dat hjoed de dei is dat er syn superkrêften krije sil troch in ûngemak op syn wurk yn it forinsysk laboratoarium. Syn jongere ik is in studintsje dat in loailekkerlibbentsje liedt en noch nea hoegd hat te wurkjen. As dy net bejeftige wurdt mei superkrêften kin de âldere Barry dy krêften logyskerwize ek net hawwe, wat betsjutte soe dat er yn 2013 fêst komt te sitten. Of miskien wol dat er nea werom yn 'e tiid reizgje kin en dus syn mem ek net rêde kin.
Hoe dan ek is it fan libbensbelang dat de jongere Barry superkrêften kriget. Dat de âldere Barry troait syn jongere sels mei nei it forinsysk laboratoarium, dêr't se ynbrekke en de sitewaasje fan it oarspronklike ûngemak neibeare. As de jongere Barry einlings en te'n lêsten foar it ferstân kriget dat hy, as ûnderdiel fan it gehiel, troch de wjerljocht rekke wurde moat, begjint er tsjin te akseljen. It plan rint dêrtroch averij op as de wjerljocht earst de âldere Barry treft en dêrnei pas syn jongere sels. Dêrtroch wurdt de jongere Barry dan wol bejeftige mei superkrêften, mar rekket de âldere Barry se krekt kwyt. Neitiid hat de âldere Barry der hâlden en kearen oan om syn jongere sels it brûken fan 'e superkrêften oan te learen. Ien en oar liedt ta in wat stroefe relaasje tusken de beide Barrys.
Wylst de beide Barrys noch leare om mei-inoar om te gean en de âldere Barry him begjint ôf te freegjen oft er ea noch nei syn eigen tiid weromkeare kinne sil, sjogge se op it nijs dat de bûtenierdske ynvaazje fan 'e Ierde troch de Kryptoanske generaal Zod op it punt stiet te begjinnen (sjoch: Man of Steel). De âldere Barry is der wis fan dat Clark Kent alias Superman dat wol ôfhannelje sil, mar as de jongere Barry noch nea fan Superman heard hat, begjint er senuweftich te wurden. In syktocht op it ynternet bringt him ta de konklúzje dat Superman yn dizze tiidline net yn Kansas delkommen is. Dêrop besiket de âldere Barry de oare leden fan 'e Justice League te berikken, mar it docht bliken dat Arthur Curry alias Aquaman nea berne is, wylst Victor Stone alias Cyborg syn superkrêften noch net krigen hat en Diana Prince alias Wonder Woman ûnfynber is. Hy besaut him deroer dat er troch it foarkommen fan 'e moard op syn mem in wrâld sûnder superhelden skepen hat.
Ien ljochtpuntsje is dat Batman yn dizze wrâld wol bestiet, dat de âldere Barry set mei syn jongere sels op sleeptou ôf nei Wayne Manor, yn 'e hoop om Bruce Wayne dêr oan te treffen. Ynstee moetsje se in oare ferzje fan Wayne (spesifyk dy út 'e Batman-filmsearje fan 1989), in man op jieren dy't al lang syn superheldepak oan 'e wylgen hongen hat. Wannear't de âldere Barry syn swierrichheden oan Wayne foarleit, ferklearret dyselde syn eigen feroare omstannichheden mei de teory dat it oanpassen fan in foarfal yn in tiidline ynfloed hat op sawol it ferline as de takomst fan dy tiidline. Hy fielt der earst neat foar om werom te kearen as Batman, mar nei't de âldere Barry him oan it ferstân brocht hat dat generaal Zod fan doel is om 'e Ierde te terrafoarmjen foar Kryptonianen, wat de planeet ûnbewenber meitsje soe foar alle Ierdske libben, de minskheid ynbegrepen, seit er syn help ta by de syktocht nei Superman.
De Barrys en Wayne ûntdekke dat der jierren lyn in Kryptoanske romtekapsule delkommen is yn Sibearje. Yn 'e oertsjûging dat Superman dêre fêstholden wurdt troch in Russyske paramilitêre organisaasje sette se dêrhinne. Se treffe yn in hermetysk ôfsletten sel lykwols net Superman oan, mar in útmergele teenage-famke. Wylst Batman it paad klearret en de jongere Barry troch oermoedigens in skotwûne yn 'e skonk oprint, rêdt de âldere Barry it famke. Ienris bûtendoar wint it famke troch absorpsje fan sinneljocht hiel gau har sûnens werom, wêrnei't se koarte metten makket mei de efterfolgjende paramilitêren. It docht bliken dat hja Kara Zor-El is, de nicht fan 'e jonge Superman. Se wie meistjoerd om op har jonge neef te passen, mar is de kapsule mei de poppe ûnderweis út it each ferlern.
Werom yn Wayne Manor beslút Kara, dy't fanwegen de behanneling dy't se yn Sibearje krigen hat skjin har nocht hat fan 'e Ierde, om 'e minskheid yn syn eigen sop gearsiede te litten. De âldere Barry komt ta de konklúzje dat hy tsjin eltse priis syn superkrêften sjen moat werom te winnen as er de Ierde rêde wol. Dat mei help fan syn jongere sels en fan in heal ûnwillige Bruce Wayne rekreëarret er jitris it ûngemak dat him syn superkrêften jûn hat. Hy lit himsels twaris troch de wjerljocht slaan, mar om 'e nocht. Underwilens komt Kara Zor-El yn 't sin dat se dan wol sûnder reden troch minsken finzen holden is, mar ek troch in minske rêden is, dy't dêr gjin oar motyf foar hie as meiminkslikheid. Dat se keart werom en kriget begrutsjen mei Barry. Se tilt him op yn har earms en fljocht mei him in swierwaarswolk yn, dêr't er op 'e nij troch de wjerljocht rekke wurdt en diskear syn superkrêften weromkriget.
Neitiid jouwe Kara en Wayne har by de beide Barrys as dy risselwearje om it op te nimmen tsjin Zod en syn trewanten. Yn it gefjocht om 'e bûtenierdske ynvaazje tsjin te kearen nimt Kara it op tsjin generaal Zod sels. Dy fertelt har dat hy dejinge wie dy't kapsule mei har jonge neef ûnderskept hat, en teffens dat de poppe beswykt is oan Zod syn besykjen om oan him de Kodeks mei it folsleine genoom fan alle Kryptonianen te ûntlûken dêr't Zod ferlet fan hat om 'e planeet te werbefolkjen nei't er alle Ierdske libben útrûge hat. Zod is ta de konklúzje kommen dat de Kodeks nea yn 'e jonge Superman ferburgen is, mar eins yn Kara har genen opslein is. Wannear't sy heart dat Zod har jonge neef deadien hat, rekket se alle selsbehearsking kwyt en jout se de generaal in ûngenedich wan bruien. Mar de glûpske Zod stekt Kara op in ûnbewekke stuit fan efteren ôf del en ûntlûkt de Kodeks oan har bloed. Underwilens docht Wayne in wraam op it romteskip fan Zod, mar syn oanfal einiget yn syn eigen dea wannear't bliken docht dat it skip beskerme wurdt troch in enerzjyskyld.
De Barrys geane tegearre inkele minuten yn 'e tiid werom om Kara en Wayne te rêden, mar harren bûnsgenoaten geane hieltyd wer dea, sij it op justjes oare manearen. De âldere Barry beseft lang om let dat dizze rige foarfallen fêststiet en net te feroarjen is, mar de jongere Barry wegeret it op te jaan, benammen om't er yn 'e tuskentiid smoarfereale op Kara wurden is. Wylst de âldere Barry om 'e nocht besiket en bring syn jongere sels ta rede, begjint it multyversum troch it oanhâldende tiidreizgjen fan 'e jongere Barry te ymplodearjen. De ûnbekende brûker fan 'e Faasjekrêft dy't ferantwurdlik wie foar it útkommen fan 'e âldere Barry yn 2013 keart werom op it toaniel. Hy blykt in âldere, takomstige ferzje fan 'e jongere Barry te wêzen, dy't der nei desennia fan fergees besykjen noch altyd fan oertsjûge is dat er Kara rêde en Zod ferslaan kin as er mar de juste dingen fine kin om yn it ferline te feroarjen.