Kirov (Russysk: Киров), oant 1457 Chlynov en fan 1780 oant 1934 Vjatka, is in grutte yndustrystêd yn it noardeasten fan Russysk Europa. De stêd leit oan 'e rivier de Vjatka en is it bestjoerlike en kulturele sintrum fan 'e oblast Kirov. Skiednis Neffens lokale oerleveringen en de saneamde Vjatka Kronyk (dy't pas folle letter skreaun is) soene kolonisten út de Republyk Novgorod yn 1181 de stêd stifte hawwe. Dat jier wurdt troch de stêd sels offisjeel oanholden foar jubilea.

De stêd waard foar it earst yn 1374 neamd as de delsetting Chlynov (Хлынов). It wie doe in wichtige fêsting fan 'e Republyk Novgorod tsjin ynfallen fan 'e Tataren. Yn 1489 waard de stêd by it Grutfoarstedom Moskou foege. Fanwegen de lizzing oan 'e hannelsrûte nei Sibearje groeide it plak út ta in wichtich regionaal hannelssintrum.

Yn 1780 feroare keizerinne Katarina de Grutte de namme yn Vjatka en waard it de haadstêd fan it gûvernemint Vjatka. Yn 'e 19e iuw wie de stêd in bekend ballingsoarde foar politike tsjinstanners fan it tsarerezjym. thumb|left|De yn 1937 opblaasde Aleksander Nevskikatedraal. Nei de moard op 'e Sovjetlieder Sergej Kirov yn 1934, dy't berne wie yn 'e regio, krige de stêd syn hjoeddeiske namme. Yn 1937 waard troch Aleksander Vitberg ûntwurpen Aleksander Nevski-katedraal folslein opblaasd om plak te meitsjen foar in nij filharmonysk gebou. Dat wurdt noch jimmeroan as it grutste kulturele ferlies fan Kirov út de Sovjet-tiid beskôge.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch bleau de stêd op feilige ôfstân fan it front. In soad fabriken út it westen fan it lân waarden nei Kirov evakuëarre om dêr materiaal te produsearjen foar de ferdigening fan it lân. De stêd wie in wichtich sintrum foar de opfang en fersoarging fan ferwûne soldaten fan it Reade Leger en tûzenen minsken út besette gebieten fûnen dêr in feilich hinnekommen.

Nei de ûntbining fan 'e Sovjet-Uny waard der in referindum organisearre oer de namme fan it plak. Oer de fraach oft de âlde namme Vjatka wer ynfierd wurde moast, keas de mearderheid fan 'e ynwenners foar Kirov.

Kultuer en Keunst thumb|left|Dymkovo-boartersguod. Kirov stiet bekend as it plak dêr't it oer de hiele wrâld ferneamde Dymkovo-boartersguod makke wurdt. Dat binne kleurrike, mei de hân skildere figueren fan klaai dy't al mear as fjouwer iuwen yn 'e regio makke wurde. De stêd hat ferskate musea dy't wijd binne oan dy tradysje en de lokale folksskiednis.

It Trifonov-kleaster (Russysk: Успенский Трифонов монастырь) is it wichtichste histoaryske en religieuze monumint fan Kirov. It kleaster waard yn 1580 stifte troch de hillige Trifon fan Vjatka op it plak fan in âld begraafplak oan 'e igge fan 'e rivier de Vjatka. It middelpunt fan it kompleks is de tusken 1684 en 1689 boude Untsliepeniskatedraal. Yn 'e jierren 1990 waard it kleaster oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke weromjûn en folslein restaurearre.

Ekonomy De ekonomy fan Kirov is basearre op in breed skala oan yndustry. De wichtichste sektoaren binne masinebou, metaalbewurking, houtferwurking en de gemyske yndustry. Ek de rubberyndustry (autobannen) en it ferwurkjen fan nôt spylje in grutte rol. De stêd is in wichtich knooppunt oan it Transsibearysk Spoar.

Underwiis Yn Kirov binne ferskillende universiteiten en hegeskoallen fêstige.

Befolking De befolking fan Kirov bestiet foar it grutste part út etnyske Russen. Sûnt de Twadde Wrâldkriich hat de stêd in flinke groei trochmakke fanwegen de yndustrialisaasje fan 'e regio. Untwikkeling befolking Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002Ynwenners 25.000 61.223 143.558 252.416 332.503 389.533 440.240 457.578Jier 2010 2015 2020 2025Ynwenners 473.695 493.336 518.348 475.871

Sport De stêd is sportyf benammen bekend troch de bandyklub Rodina Kirov, dy't op it heechste nivo yn Ruslân spilet. Op it mêd fan fuotbal is FK Dinamo Kirov de meast ferneamde fertsjintwurdiger fan 'e sport.

Kategory:Plak yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Plak stifte yn 1374 Kategory:Kirov (oblast)