Basler BT-67 300pxBasler BT-67 Rol Transportfleanmasine Makker Basler Turbo Coversions Untwerper Earste flecht Yn tsjinst 1990 Ut tsjinst n.f.t. Tal makke 70 (1990–no) DC-3 News Brûkers Sjoch Untwikkele út Douglas DC-3 Douglas C-47 Skytrain
thumb|250px|Cockpit fan in Basler BT-67 De Basler BT-67 (Basler Turbo-67) is in transportfleantúch produsearre troch Basler Turbo Conversions út Oshkosh, Wisconsin. It is in opknapte en oanpaste Douglas C-47 Skytrain of Douglas DC-3; de oanpassingen binne ûntwurpen om de libbensdoer fan 'e DC-3 signifikant te ferlingjen.
Untwerp en ûntwikkeling Basler Turbo Conversions waard yn 1990 oprjochte allinnich mei it doel om besteande C-47 en DC-3 fleantúchframes om te bouwen ta BT-67-ers. Basler konfigurearret eltse ferzje neffens de spesifikaasjes fan in klant. Sektoaren dy't betsjinne wurde omfetsje frachtferfier, militêr gebrûk, cloudseeding en wittenskiplik ûndersyk. De ombou omfettet it útrissen fan it fleantúch mei nije Pratt & Whitney Canada PT6A-67R turbopropmotors, it ferlingjen fan 'e romp mei in lytse meter, it fersterkjen fan it fleantúchframe, it opwurdearjen fan 'e avionika, en it meitsjen fan modifikaasjes oan 'e foarrânen en úteinen fan 'e fleugels.
Troch it hegere brânstofferbrûk fan 'e turbinemotors fan 'e BT-67, yn ferliking mei de orizjinele sûgermotors fan'e standert DC-3, is it berik op 'e standert brânstoftank, mei in reserve fan 45 minuten, fermindere fan 1.160 nei 950 seemyl (2.150 oant 1.760 km). Basler leveret in gruttere brânstoftank dy't it fleanberik fan it fleantúch fergruttet nei 2.140 nmi (3.960 km).
Gunship-ferzje De Basler BT-67 hat in gunshipferzje dy't sûnt 2017 brûkt wurdt troch ûnder oaren de Kolombiaanske Loftmacht foar operaasjes tsjin opstannen. De Kolombiaanske gunships binne foarsjoen fan in foarútsjende ynfrareadradar (FLIR), wêrtroch't it fleantúch effektive nachtmissys útfiere kin.
Spesifikaasjes Algemien Bemanning: Twa (piloat & co-piloat) Kapasiteit: 38 passazjiers Lingte: 20,65 m Spanwiidte: 28,95 m Hichte: 5,15 m Gewicht leech: 7.121 kg Maks. gewicht by opstigen: 13.041 kg Oandriuwing: 2 × Pratt & Whitney Canada PT6A-67R turboprops, 1,281 shp (955 kW) it stik Propellers: 5-blêdige Hartzell constant speed propellers, 2,92 m diameter Prestaasjes Heechste faasje: 528 km/o Krúsfaasje: 390 km/o Fleanberik: 3.960 km mei long-range brânstoftank Tsjinstplafond: 7.600 m
Keppelings om utens Hiemside Basler Turbo Conversions
Kategory:Amerikaanske transportfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1990