De Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus) is de meast foarkommende bearesoarte yn Noard-Amearika. Oars as de namme tinken docht, farriearret de kleur fan 'e soarte fan swart en brún oant sels wyt of sulvergriis.

Beskriuwing De Amerikaanske swarte bear is in middelgrutte bear. Folwoeksen mantsjes wege meastentiids tusken de 114 en 274 kg, wylst wyfkes in stik lichter binne (40 oant 180 kg). Se ûnderskiede har fan 'e grizzlybear troch it ûntbrekken fan de karakteristike skouderbult en troch harren koartere klauwen, wêrmei't se tige goed yn beammen klimme kinne.

Leefgebiet thumb|left|Jagers mei sketten bearen (1910-1912) De swarte bear komt foar yn grutte dielen fan Kanada, de Feriene Steaten en Meksiko. Sûnt de komst fan Europeeske kolonisten binne ûnbidich grutte dielen fan de Noard-Amerikaanske bosken omhakt om plak te meitsjen foar lânbou en feehâlderij. De swarte bear is foar beskerming en iten ôfhinklik fan tichte bosken, en troch it ferlies fan dit habitat waarden se ferdreaun nei isolearre gebieten lykas sompen en rûge berchtmen. Dêrnjonken waard der yn 'e 19e en iere 20e iuw ek op grutte skaal en sûnder regels op 'e bearen foar harren fleis en hûden jage. Boeren setten preemjes op it deadzjen fan bearen om't it fee net feilich wie en troch de oanlis fan diken, de bou fan stêden en yndustry rekken de oerbliuwende bearepopulaasjes fan inoar isolearre.

Sûnt healwei de 20e iuw is de situaasje feroare. Troch in better wyldbehear, de ynstelling fan jachtseizoenen en it beskermjen fan natuergebieten (lykas nasjonale parken) binne de oantallen wer tanaam. In foarbyld is de Louisiana-swarte bear, dy't yn 1992 noch bedrige wie, mar wêrfan't de populaasje yn 2016 offisjeel as wersteld ferklearre waard.

Ekology Se libje benammen yn boskrike gebieten, mar binne ek te finen yn sompen en berchtmes. It binne omnivoaren (allesiters); harren dieet bestiet foar it grutste part út plantaardich materiaal lykas beien, nuten en gers, oanfolle mei ynsekten en soms fisk of ies. As siedfersprieder spilet de bear in wichtige rol yn it ekosysteem. Om de winter troch te kommen, geane se yn 'e wintersliep, wêrby't se oant sân moannen sûnder iten kinne. It binne solitêre bisten mei grutte leefgebieten.

Fuortplanting thumb|left|Jong bearke. De peartiid is meastentiids yn juny of july. De bearinne kriget meastentiids 2 oant 3 jongen (welpen), dy't yn jannewaris of febrewaris yn 'e winterhoale berne wurde. By de berte binne de jongen hiel lyts (200-450 gram). Se drinke de hiele winter fan 'e fette molke fan 'e mem en ferlitte yn 'e maitiid de hoale as se 2 oant 5 kg weagje. De jongen bliuwe sa'n oardel jier by harren mem foar't se selsstannich wurde. In wyfke kriget meastentiids mar om de twa of trije jier in nij nêst.

Status en bedrigingen De Amerikaanske swarte bear wurdt troch de IUCN klassifisearre as net bedrige. De totale populaasje wurdt rûsd op mear as 800.000 bisten. Dochs binne der lokale bedrigingen troch stedsútwreiding en lânbou en yllegale hannel yn beare-organen foar tradisjonele medisinen. Dêrnjonken kin kontakt mei minsken liede ta it ôfsjitten fan probleembearen en wurde yn befolke gebieten ek bearen oanriden.

Undersoarten Der wurde ferskate ûndersoarten fan 'e Amerikaanske swarte bear ûnderskieden, elk mei har eigen ferspriedingsgebiet en skaaimerken:

+ Undersoarten fan 'e Amerikaanske swarte bear Ofbylding Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding Beskriuwing Ursus americanus altifrontalis Olympyske swarte bear De Pasifyske noardwestkust fan Sintraal-Britsk-Kolumbia oant Noard-Kalifornje en Idaho. 120px Ursus americanus amblyceps Nijmeksikaanske swarte bear Kolorado, Nij-Meksiko, West-Teksas, Arizona, Noard-Meksiko en Súdeast-Utah. 120px Ursus americanus americanus Eastlike swarte bear Fan East-Montana oant de Atlantyske kust; fan Alaska troch Kanada nei Maine en Teksas. Algemien yn East-Kanada en de eastlike FS. In grutte ûndersoarte; hast altyd folslein swart. 120px Ursus americanus californiensis Kalifornyske swarte bear Berchtmen fan Súd-Kalifornje, noardlik troch de Central Valley oant Súd-Oregon. Kin oerlibje yn ferskate klimaten, fan reinwâld oant chaparral. Ursus americanus carlottae Haida Gwaii-swarte bear Haida Gwaii (Keninginne Sjarlotte-eilannen) en Alaska. Grutter as de besibbe soarten op it fêstelân, mei in grutte plasse en grutte tosken. 120px Ursus americanus cinnamomum Kanielbear Kolorado, Idaho, West-Montana, Wyoming, East-Washington, Oregon en Noardeast-Utah. Hat in brún- of readbrune facht (kanielkleurich). 120px Ursus americanus emmonsii Gletsjerbear Súdeast-Alaska. Opfallend troch in sulvergrize facht mei in blauwe glâns op 'e fanken. 120px Ursus americanus eremicus Eastmeksikaanske swarte bear Noardeast-Meksiko en de grinsstreek mei Teksas. Libbet benammen yn it Nasjonaal Park Big Bend. Tige bedrige. 120px Ursus americanus floridanus Floarida-swarte bear Floarida, Súd-Georgia, Alabama en Mississippy. Hat in ljochtbrune noas en glânzgjend swart hier. In wyt plak op it boarst komt faak foar. 120px Ursus americanus hamiltoni Nijfûnlânske swarte bear Nijfûnlân. Grutter as de measte oare ûndersoarten. Hat ien fan 'e langste wintersliepperioades. 120px Ursus americanus kermodei Kermodebear De sintrale kust fan Britsk-Kolumbia. Likernôch 10% hat hiel wyt of krêmkleurich hier troch in resessyf gen. 120px Ursus americanus luteolus Louisiana-swarte bear East-Teksas, Louisiana en Súd-Mississippy. Hat in relatyf lange, smelle plasse. Hâldt fan sompige gebieten.

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Echte bear Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko