It skaai griene stipastrilden (Mandingoa) bestiet út ien fûgelsoarte út de famylje prachtfinken (Estrildidae).

De fûgels fan it skaai komme yn grutte dielen fan Afrika besuden de Sahara foar, dêr't se faak yn pearkes of lytse famyljegroepen te finen binne yn tichte bosken en boskrânen.

Se binne foaral te werkennen oan harren mosgriene boppekant en in opfallende swarte búk mei in soad lytse wite stipkes. De mantsjes hawwe in karakteristyk read of oranje masker om 'e eagen en by de snaffel, wylst de wyfkes in oliifkleurich gesicht ha.

Griene stipastrilden wurde likernôch 10 oant 11 sintimeter lang. Se hawwe in koarte, krêftige snaffel dy't swart is mei in reade punt. Se ite gerssied en lytse ynsekten.

Soarten De folgjende soarte wurdt ta it skaai rekkene: Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Ferspriedingsgebiet Status / trend 120px griene stipastrild Mandingoa nitidula Angoala, Etioopje, Kenia,Mozambyk, Súd-Afrika, Sûdan,Tanzania, Uganda en West-Afrika net bedrige stabylMandingoa nitidula op BirdLife.

Kategory:Prachtfink Kategory:Fûgelskaai