It skaai reade stipastrilden (Hypargos) bestiet út twa fûgelsoarten út de famylje prachtfinken (Estrildidae).

De fûgels fan it skaai komme foar yn it eastlike en súdlike diel fan Afrika besuden de Sahara. Se libje foaral yn tichte ûndergroei, strûken en boskrânen. Skaaimerkend foar it skaai is de donkere búk dy't mei opfallende wite rûne stippen is bedutsen. De mantsjes hawwe in felle reade of rôzereade kleur op 'e kop, kiel en it boarst. Se wurde likernôch 12 oant 13 sintimeter lang en hawwe in krêftige, donkergrize snaffel. Harren dieet bestiet benammen út gerssied en lytse ynsekten.

Soarten De folgjende soarten wurde ta it skaai rekkene: Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Ferspriedingsgebiet Status / trend 120px reade stipastrild Hypargos niveoguttatus East- en Sintraal-Afrika (fan Kenia oant Mozambyk en Angoala) net bedrigestabylHypargos niveoguttatus op BirdLife. 120px pearelastrild Hypargos margaritatus Mozambyk, Súd-Afrika en Swazylân) net bedrigestabylHypargos margaritatus op BirdLife.

Kategory:Prachtfink Kategory:Fûgelskaai