Isaäc Warnsinck (Amsterdam, 22 maart 1811 - dêre, 22 april 1857) wie in Nederlânske arsjitekt en gemeenteriedslid yn Amsterdam.

Yn 1838 fêstige Warnsinck him as arsjitekt yn Amsterdam. Ek siet er fan 1851 ôf yn de Amsterdamske gemeenteried en wie er dêr fan septimber 1854 oant septimber 1856 wethâlder Publike Wurken. Hy wie in grut oanhinger fan de Dútske arsjitekt Karl Friedrich Schinkel, sa't er ûnder oaren witte liet yn in beskriuwing fan de troch him ûntwurpen tsjerke yn Wilhelminadorp.

Wurken Kar-út

1832-1832 Ljouwert: Poartehûskes yngong it Alde Stedsbegraafplak Ljouwert 1840-1840 Wilhelminadorp: Herfoarme tsjerke 1840-1841 Overveen: it bûten Lindeheuvel 1845-1850 Amsterdam: earste Nederlânske sellulêre finzenis 1849-1851 Gorinchem: Herfoarme tsjerke (tegearre mei syn learling A.N. Godefroy) 1853-1853 Amsterdam: Sjongtribune yn de eardere katolike skûltsjerke De Star 1852-1856 Utert: finzenis oan it Wolvenplein, de twadde Nederlânske sellulêre finzenis, yn juny 2014 sletten

Sjoch ek List fan Nederlânske arsjitekten

Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Ryksboumaster Kategory:Gemeenteriedslid fan Amsterdam Kategory:Persoan berne yn 1811 Kategory:Persoan stoarn yn 1857