De griene stipastrild (Mandingoa nitidula) is in lyts, kleurryk fûgeltsje út de famylje fan 'e prachtfinken (Estrildidae). De soarte komt foar yn tropysk Afrika en stiet bekend om syn opfallende griene kleur en fyn patroan fan stipkes op 'e búk.
Ferskining De griene stipastrild is in lytse fûgel fan likernôch 10 oant 11 sm lang. De fûgel is foar it grutste part mosgrien wylst de kiel oliifgiel is. It ûnderboarst, de búk en de flanken binne swart mei lytse wite stipkes. De snaffel is swart mei read nei de punt ta.
Der is in dúdlik ferskil tusken de geslachten. It mantsje hat in opfallend oranje oant read masker om 'e eagen en by de snaffelbasis. By it wyfke is dat masker folle ljochter, meastentiids oliifkleurich of brunich.
Fersprieding en systematyk De fûgel libbet yn tichte begroeiïng lykas rânen fan tropysk reinwâld, sekundêr bosk en rivierbosk. It is de iennichste fertsjintwurdiger fan it skaai Mandingoa en der wurde fjouwer ûndersoarten erkend:
M. n. nitidula: fan Súd-Afrika oant Simbabwe. M. n. schlegeli: fan West-Afrika oant Uganda en Angoala. M. n. virginiae: it eilân Bioko. M. n. chubbi: East-Afrika (Etioopje oant Malawy).
Hâlden en dragen It binne skrutene fûgels dy't meastentiids yn pearen of lytse famyljegroepen libje. Se sykje harren iten, dat foaral bestiet út gerssied en lytse ynsekten, tichteby de grûn of yn tichte strewellen. It nêst wurdt faak wat heger yn 'e beammen boud fan gers en fearkes. Status Om't de griene stipastrild in hiel grut ferspriedingsgebiet hat en de populaasje stabyl liket te wêzen, wurdt de soarte troch de IUCN klassifisearre as net bedrige (Least Concern).
Avikultuer Yn 'e avikultuer is de griene stipastrild in populêre fûgel by leafhebbers fan Afrikaanske prachtfinken. Se freegje wol wat ûnderfining, benammen wat it fretten (libbene ynsekten yn 'e briedtiid) en in beskerme, waarme omjouwing oanbelanget. It fûgelhok moat goed beplante wêze. De soarte is freonlik foar oare soarten oer.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Griene stipastrild Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe