It skaai granaatastrilden (Granatina) bestiet út in lytse groep kleurrike fûgels út de famylje prachtfinken (Estrildidae). De fûgels komme foar yn drûgere dielen fan Afrika besuden de Sahara, benammen yn savanne-eftige gebieten en op gerslân mei toarnbosken.

De fûgels yn it skaai ha opfallende en kontrastearjende kleuren yn in kombinaasje fan brún, fioletblau en read yn it fearrekleed, wylst de wyfkes wat fletser fan kleur binne, mar wol deselde patroanen sjen litte.

Granaatastrilden wurde likernôch 14 oant 15 sintimeter lang, wêrby't de sturt in grut part fan 'e lingte útmakket. Se hawwe in reade, kegelfoarmige snaffel dy't ideaal is foar it iten fan gerssied en lytse ynsekten. Meastentiids wurde se yn pearkes of lytse famyljegroepen sjoen en se sykje harren iten ornaris op 'e grûn.

Lykas as by de amaranten (Lagonosticta), wurde ek granaatastrilden roch briedparasiten besocht. By de granaatastsrilden dogge widafinken (Vidua) dat. Soarten De folgjende soarten wurde ta it skaai rekkene: Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Ferspriedingsgebiet Status / trend 120px granaatastrild Granatina granatina Angoala, Botswana, Mozambyk, Namybje, Súd-Afrika, Sambia, Simbabwe net bedrige stabyl Granatina granatina op BirdLife. 120px fioletbúkastrild Granatina ianthinogaster Etioopje, Kenia, Somaalje, Súd-Sûdan, Sûdan, Tanzania, Uganda net bedrigestabylGranatina ianthinogaster op BirdLife.

Kategory:Prachtfink Kategory:Fûgelskaai