De middelste wite reager (Ardea intermedia; synonimen: Egretta intermedia, Mesophoyx intermedia) is in fûgel út de famylje reagerfûgels (Ardeidae) .

Ferskining De fûgel is 56 oant 72 sm lang en sit wat formaat oanbelanget tusken de lytse wite reager (55-65 sm) en de grutte wite reager (85-100 sm) yn. De spanwiidte fan 'e middelste wite reager is 105-115 sintimeter. Lykas syn sibben is de fûgel folslein wyt en hat er meast in relatyf tsjokke giele snaffel en swarte poaten. Yn 'e briedtiid is de snaffel readeftich oant swart. De soarte is folslein wyt en hat yn 'e briedtiid sierfearren op 'e rêch en it boarst.

De snaffel is swart by ûnfolwoeksen fûgels en giel bûten de briedtiid mei in swarte punt en swarte boppesnaffel.

Taksonomy Earder waard de fûgel mei de wite plúmreager (Ardea plumifera) en de gielsnaffelreager (Ardea brachyrhyncha) mei de Ardea intermedia as ien soarte behannele. Sûnt 2014 wurde de trije troch BirdLife International en de IUCN as aparte soarten beskôge en sûnt 2023 ek troch de ynfloedrike IOC en eBird/Clements.

Ferskillen mei besibbe soarten Kenmerk Ardea intermedia Ardea plumifera Ardea brachyrhyncha Fryske nammewittenskiplike namme middelste wite reager wite plúmreager gielsnaffelreager fersprieding Súd- en Súdeast-Aazje East-Aazje, Austraalje, Nij-Guineä Afrika besuden de Sahara trochsneed lingte ± 65–72 sm ± 68–76 sm ± 60–70 sm snaffellingte en -foarm Middellang, relatyf slank Langer en slanker Koarter en tsjokker snaffelkleur (briedtiid) giel oant oranje, bûten de briedtiid giel read, bûten de briedtiid meast giel giel, meastal minder fel poatkleur swart, bytiden mei gielige teannen read, bûten de briedtiid swart swart briedplommen beheind ûntwikkele sterk ûntwikkele, lange sierfearren minder útsprutsen kop en hals relatyf koart langer en eleganter koarter en kompakter Typysk biotoop sompen, rysfjilden, ûndjip swiet wetter sompen, kustgebieten, rysfjilden rivieren, marren, savannes mei wetter

Fersprieding De middelste wite reager komt foar fan Yndia oant Japan en op 'e Grutte Sûnda-eilannen. It is in fûgel fan wiete gebieten, kustgebieten en sompen oant 1450 m boppe seenivo.

Status It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte is grut en dêrom allinnich al is de kâns op útstjerren lyts. De grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre, mar de oantallen fan 'e soarte rinne tebek, mar net hiel rap en sadwaande stiet de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2020)op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reager Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Gûam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palau Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam