De grutte blauwe reager of Amerikaanske blauwe reager (Ardea herodias), ek: grutte ielreager of Amerikaanske ielreager, is in fûgel út de famylje fan 'e reagers (Ardeidae).
Ferskining De fûgel wurdt trochstrings 102 oant 127 sm en is de grutste reager fan Noard-Amearika. It fearrekleed is meastentiids blaugriis, mar yn súdlik Floria en op Kuba binne se wyt mei giele poaten en guon behannelje dy as in aparte soarte.
Njonken de geografyske fersprieding ferskilt de grutte blauwe reager fan út ielreager dat er minder kompakt is en fral grutter mei in spanwiidte fan 2 m. De grutte blauwe reager hat mear pearsblauwe en donkere tinten yn it fearrekleed, wylst de Europeeske fûgel fral griis en wyt is. De grutte blauwe reager hat boppedat faak in twakleurige snaffel.
Ferlikening grutte blauwe reager/ielreager 200x200px 200x200px Grutte blauwe reager ielreager
Fersprieding Grutte blauwe reagers komme foar yn Noard- en Sintraal-Amearika, de Kariben en op 'e Galapagoseilannen by rivieren en sompen. Der wurde fiif ûndersoarten ûnderskieden:
Ardea herodias herodias: fan súdlik Kanada troch it midden fan 'e Feriene Steaten nei South Carolina. Ardea herodias fannini: noardwestlik Noard-Amearika. Ardea herodias cognata: Galapagoseilannen. Ardea herodias wardi: fan 'e westlike Feriene Steaten oant noardlik Florida en westlik en noardeastlik Meksiko. Ardea herodias occidentalis: súdlik Florida troch de Kariben oant eilannen foar de kust fan Fenezuëla. thumb|left|De opfallend wite ûndersoarte occidentalis. Hâlden en dragen Grutte blauwe reagers nêstelje meastentiids yn koloanjes yn beammen by marren of wiete gebieten. Faak libje ek oare reagersoarten yn 'e koloanje. It grutte nêst sit somtiden wol 40 meter boppe de grûn en is boud fan tûkjes. It wyfke leit trije oant fiif ljochtblauwe aaien, dy't yn 22 oant 24 dagen útbret wurde. De jongen wurde troch beide âlden grutbrocht. By de balts sette de soarten de plommen op 'e rêch op en toane se harren fleankeunsten.
De grutte blauwe reager foerazjearret fral yn it wetter. Se rinne stadich of steane ferduldich te wachtsjen oan der in proai komt. It iten bestiet út fisk, kikkerts, amfibyën, slangen en kreeften lytse sûchdieren.
Status De grutte blauwe reager stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre. Oannommen wurdt dat de populaasje groeit en neffens in rûzing fan 2019 bestiet dy út 0,5 oant 5,0 miljoen folwoeksen fûgels.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reager Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador