thumb|Jacques Rogge yn 2014 Jacques Rogge, folút Jacques Jean Marie, Greve Rogge (Gent, 2 maaie 1942 - Deinze, 29 augustus 2021) wie in Belgyske sportbestjoerder, in eardere atleet en in dokter, dy't de achtste foarsitter fan it Ynternasjonaal Olympysk Kommittee (YOK) wie, fan 2001 oant 2013. Yn dat jier waard Rogge earepresidint fan it YOK, wat in fêste posysje wie dy't er hie oant syn dea troch de Sykte fan Parkinson. Hy waard ien kear wrâldkampioen silen yn de Finnklasse en die yn dy kategory foar België mei oan de Olympyske Simmerspullen fan 1968, 1972 en 1976.

Kategory:Flaamsk dokter Kategory:Flaamsk Olympysk dielnimmer Kategory:Flaamsk sportbestjoerder Kategory:Foarsitter fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee Kategory:Flaamske adel Kategory:Persoan berne yn 1942 Kategory:Persoan stoarn yn 2021