De sokoireager (Ardea cocoi) is in fûgel yn it skaai reagers (Ardea) út de famylje reagerfûgels (Ardeidae).

Ferskining De sokoireager is in grutte reager fan 95 oant 127 sintimeter en weaget likernôch 1,5 oant 2,5 kg. Hy liket in soad op syn neiste sibbe, de Amerikaanske grutte blauwe reager, mar hat oer it generaal mear wyt yn it fearrekleed. Hy ûnderskiedt him fral troch syn effen swarte krún en sydkanten fan 'e kop oant ûnder de eagen en wyt op 'e nekke en it boppeboarst, yn stee fan griis. It efterste diel fan 'e ûnderkant is swart mei wite dijen en net réadbrún. Yn 'e flecht is de boppekant fan 'e wjuk foar in grut part wyt mei swarteftige pinnen (de Amerikaanske grutte blauwe reager hat grize wjukken mei laaigrize wjukfearren). De snaffel is dof oranjerôze mei in grize punt oan 'e boppesnaffel. It each is giel.

Ferskillen mei de meast besibbe soarte 200x200px 200x200px Sokoireager Grutte Blauwe reager

Fersprieding De sokoi-reager komt fan eastlik Panama nei it suden oant Aysén yn Sily en Chubut yn Argentynje foar, mar net yn 'e Andes. Ut en troch wurdt de soarte as swalker ek waarnommen op 'e Falklâneilannen oant Sint-Helena, Ascension en Tristan da Cunha. De sokoireager wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield wurdt.

It habitat bestiet út gebieten by rivieren, sompen en swietwettermarren. Lykas oare reagers is de soarte meast solitêr. Hy stiet faak ûnferweechlik te wachtsjen oan it wetter oant der in proai foarby komt. De fûgel briedt yn lytse koloanjes en boud in nêst heech boppe de grûn.

Status De grutte fan 'e populaasje waard yn 2019 rûsd op 5 oant 50 miljoen folwoeksen fûgels. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2021) klassifisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reager Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla